Stienkeal
Elmar Kuiper
Bornmeer, 2018

Stienkeal is in bondel fan Elmar Kuiper út 2018, dy't opboud is mei fiif ôfdielingen. Yn ien dêrfan, 'De dwylsin', giet er yn op wat er by syn wurk as psychiatrysk ferpleechkundige sjocht, bewenners mei in eigen manier fan sjen, op it earste each realistysk, mar de gekte is noait fier, lykas yn gedicht XII:

Se sizze dat ik gek bin, mar de kritearia
fan gek wêze doge net.

Se binne betocht ûnder leffe bakjes kofje, yn lead-
grize keamers mei imitaasje-Cobra’s oan ‘e wand.

Kritearia binne krinterich.
Se rûke en ûntsnappe nea
troch it systeemplafond.

Ik draach it skuorhimd
fan de ierde en dêr oerhinne
in hip Switsersk jaske.

Neffens de kritearia soe ik gek wêze

omdat ik efterfolge wurd
troch in man dy’t himsels
bekeart

wylst ik dy man
in ivichheit lyn
al ynhelle ha.

Doe’t ik mei him fûstke
sei er dat ik God sels wie.

Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Tsead Bruinja, LC 07-09-2018
Abe de Vries, FD 04-08-2018
Arjan Hut, FD 19-07-2019 (út 'e searje Poëzij priuwe)