tinne twigen
GERRIT DAMSMA
brave new books, 2018

Elk minskebern stiet op ‘e skouders fan syn foarâlden. Hy ken syn heit en mem, syn pake en beppe en soms noch syn oerpake of oerbeppe, mar dan hâldt it wol op. Al dy oaren wurde wei yn de dize fan it ferline. Mar doch: se hawwe libbe. Minsken fan fleis en bloed. Yn Tinne Twigen hat Gerrit Damsma besocht dy ûnbekende foarâlden wer ‘ta libben’ te roppen. It is in reis werom yn ‘e tiid, oant yn de Gouden Iuw. In kronyk fan tsien generaasjes yn fjouwer iuwen. Oer lytse minsken mei har eigen lytse skiednis yn in grutte wrâld. Al dy geslachten binne kommen en gien en hienen har eigen ferhaal. En dat ferhaal giet al mar troch en al mar fierder. De âlde stam krige en krijt nije tûken. En oan dy tûken komme wer nije, tinne twigen. 

Damsma fersoarge sels in oersetting, Jonge twijgen. Dat boek kaam yn 2019 út.

Oaren oer dizze titel