As ik kiezen moch...
Harmen Houtman
Stellingwarver Schrieversronte, 2019

As ik kiezen moch... is de earste ferhalebondel fan Harmen Houtman. Yn de earste helte fan dizze bondel (dy't skreaun is yn it Stellingwerfsk) docht er ferslach fan syn jeugd. Ynfielend fertelt er bygelyks oer syn âlden en harren reaksjes doe't er út 'e kast kaam. Yn de twadde helte steane in soad reisferhalen, yndrukken dy't er opdie yn konsintraasjekampen as Auschwitz.

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, LC 22-02-2019