Wek yn 'e rivier
Durk van der Ploeg
Het Nieuwe Kanaal, 2019

Wek yn 'e rivier is in roman fan Durk van der Ploeg. Troch syn broer wurdt it libben fan Ake Dongera beskreaun. Op oanstean fan syn heit wurdt er net boer, mar studearret er teology. Yn ’e oarloch wurdt de húshâlding yn it fersetswurk behelle. As troch ferrie de pleats oerfallen wurdt en de manlju foar ferhoar meinommen wurde, feroaret wrâld en wrâldbyld fan Ake. Nei de oarloch, as er him taleit op de klassike talen en him ferdjippet yn de Grykske oarloggen, komt er yn konflikt mei himsels.

Oaren oer dizze titel
Ernst Bruinsma, Op en Ut 07-06-2019
Doeke Sijens, LC 27-09-2019
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite 05-2020