Anne Wadman 1919-1997
Thys Wadman
AFÛK, 2019

  • liene by Tresoar
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Anne Wadman tilde yn syn kritiken (yn De Tsjerne) en syn romans de Fryske literatuer op in heger plan, mei taboetrochbrekkende en eksperimintele romans lykas De Smearlappen (1963) en De frou yn ’e flesse (1988). Yn it deistich libben wie Anne Wadman learaar Nederlânsk. Ek wie er syn hiele libben aktyf as muzikant en muzikus. Hy spile fioele, skreau muzykkritiken, wie (yn en fuort nei de oarloch) aktyf yn de band The Snake Charmers en letter noch by it Sneeker Jeugd Orkest, dat er opset hat, it Fries Kamerorkest en Salonorkest Plumeau.

Yn dt boek, skreaun troch syn soan Thys Wadman, komme al dy fasetten oan de oarder, mei net earder publisearre wurk en net earder ferskynde foto’s en dokuminten. Kenners fan libben en wurk helje oantinkens op en analysearje syn wurk.

Oaren oer dizze titel