It deiboek
Janny van der Molen 
Afûk, 2019

It deiboek is in twatalich boek fan Janny van der Molen oer in Frysk famke út 1890 (Geartsje) en in Nederlânske jonge (Niels) út dizze tiid. Niels komt út Tilburch en komt oer nei Boalsert om't syn mem dêr beneamd is as boargemaster, Geartsje libbet mear as in iuw earder en rekket ûnder de yndruk fan Domela Nieuwenhuis. De parten oer Niels binne skreaun yn it nederlânsk, de stikken oer Geartsje yn it Frysk. De earste kear dat Niels wat fan Geartsje fernimt is troch in skilderij dêr't se op ôfbylde is. Geandewei wurde de oerienkomsten tusken beide bern dúdlik. En dan is der ek noch in deiboek...

It boek waard yn 2020 ien fan de White Ravens op de jierlikse list fan de Internationale Jugendbibliothek München. De White Ravens binne oanbefellingen foar bysûndere boeken út de wrâld fan de ynternasjonale berne-en jeugdliteratuer. Ek waard dit boek nominearre foar de Simke Kloostermanpriis 2022.

Oaren oer dizze titel
Saskia van Westhreenen, LC 03-09-2019 (fraachpetear oer It deiboek)
Toin Duijx, FD 02-11-2019 (besprek)
Erik Betten, FD 02-11-2019 (fraachpetear)
Tjitske van Dijk, Tante Tjits 02-02-2020 (besprek)