it sPûkskip en 24 oare ferhalen
lida dykstra
Afuk, 2019

25 jier lyn ferskynde it earste berneboek fan Lida Dykstra. Om dat te fieren, binne 25 fan har moaiste ferhalen, troch de jierren hinne al earder ferskynd yn tydskriften lykas Holder, Switsj, Tsjek en LinKk, bondele yn dit boek. De ferhalen geane oer fan alles en noch wat: in famke fan tsien dat trouwe moat, in âlde ezel dy’t him net begrave lit, in spûkskip, in ingel dy’t op besite komt, in oaljefant dy’t in auto plettet…Mar oft har ferhalen no grappich, grizelich of oangripend binne, skriuwster Lida Dykstra wit de lêzer troch har linige en meinimmende skriuwstyl hieltyd wer te ferrassen.

Oaren oer dizze titel
Wieke Hoekstra-Ferwerda Heit&Mem 17-07-2019