de bruorren liuwehert
astrid lingren, oersetting Rymke zijlstra
regaad, 2019

De bruorren Liuwehert is ien fan de wrâldferneamde ferhalen fan de Sweedske skriuwster Astrid Lindgren (1907-2002). De oersetting is fan Rymke Zijlstra. It ferhaal giet oer de bruorren Karel en Jonatan Liuw. Karel is deasiik. Hy sil it net oerlibje. Mar it ôfskied is net foar ivich, wit Jonatan. Se sille inoar weromsjen yn Nangijala, it ryk dêr’t alle mearkes weikomme… Mar dan komt de brân. Jonatan is earder yn Nangijala. As Krûmel dêr letter ek komt, blike mearkes net altiten like moai te wêzen. De tiran Tengil bedriget de fredige falleien fan Nangijala. Mei de freeslike Katla soarget er foar dea en ferdjer.

Dizze oersetting waard ein 2021 troch IBBY-Nederlân foardroegen foar de IBBY Honour List 2022.

Oaren oer dizze titel
Elizabeth Post LC 22-11-2019