karlsson fan it dak
astrid Lindgren, oersetting Martsje de jong
afuk, 2019

It komt net sa faak foar dat der lytse, dikke mantsjes mei propellers op ‘e rêch en in startknopke op ‘e búk boppe op it dak wenje. Karlsson is sa’n mantsje. En Erik ken net ien dy’t sa goed streken úthelje kin as Karlsson fan it dak. Dat rint fansels net altyd goed ôf. Mar wa leaut him no, as er seit dat Karlsson fan it dak it dien hat? Ien ding is wis: as Karlsson yn ‘e buert is, hoechst dy noait te ferfelen.

It ferhaal is fan de Sweedske skriuwster Astrid Lindgren (1907-2002), de oersetting fan Martsje de Jong. Tryater makke in teäterfoarstelling oer it boek.

Oaren oer dizze titel
Antje van Schepen Heit&Mem 20-01-2020