lân sûnder ljurk
Syds wiersma
hispel, 2019

Lân sûnder ljurk is de fjirde bondel fan Syds Wiersma. Yn de gedichten jout Wiersma mear as earder syn fyzje en poëtyske reaksje op de aktualiteit. De bondel set útein mei in ‘ierdsk’ petear mei de dichter Obe Postma; oer syn dichterskip en de alarmearjende situaasje fan it Fryske lân. Yn de skiften dy’t folgje, komt de aktualiteit wiidweidich oan bod: yn maatskiplike en persoanlike ûnderwerpen, fan polityk oant sport, oer leafde en ferlies.

Oaren oer dizze titel
Elmar Kuiper, LC 13-12-2019 (besprek)
Arjan Hut, FD 16-08-2019 (út 'e rige 'poëzij priuwe')