Eudaimoania
I.E. Bloem
KFFB, 2020

De 17-jierrige Emily hat it thús net maklik. Har heit is in pear jier lyn stoarn en dêr hat se it dreech mei. Har mem hat in nije freon, mar Emily fertrout him net rjocht. Op skoalle is it ûnderwilens al net folle better: de lessen binne saai en sels mei har bêste freondinnen kin se net prate oer de dingen dy’t foar har belangryk binne. Op it ynternet kin Emily har aai lykwols al kwyt. Dêr fynt se de motivaasje om sûn te libjen en dat betsjut foar har ûnder oare gjin fleis of suvel mear: se wurdt feganiste. Mei in lotgenoate giet se yn ’e fakânsje nei Thailân, om har grutte foarbyld op dat gebiet te moetsjen.

Oan ’e oare kant fan ’e wrâld blykt lykwols net alles sa te wêzen sa’t it earst like. En der is noch wat dat Emily ûnder eagen sjen moat. 

Oaren oer dizze titel