De poëtyske edda
willem schoorstra 
Het nieuwe kanaal, 2020

  • liene by Tresoar
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]
De Poëtyske of Alde Edda is in samling mei Noarsk-Yslânske mytologyske en heroyske poëzy dêr't goaden en helden yn ta libben komme. De moaie Freya, Odin mei syn iene each, de sterke Thor en de slûchslimme Loki rinne lykop mei Sigurd de Drakedeader, Helgi yn ferskate ynkarnaasjes, de tragyske Gudrun en de batske Atli (Attila de Hun).

Foar it earst is dizze kultuerskat no yn it Frysk, oerset troch Willem Schoorstra en ûnder tafersjoch fan dr. Simon Halink (Háskóli Íslands).

Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite 04-2020