Heit en ik
Hinke Veenstra
Eigen behear, 2020
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Heit en ik is in bondel fersen fan in heit en syn dochter: Sipke en Hinke Veenstra.
Sipke waard yn 1924 berne yn Garyp. Hy wie musikus (wurke oan muzykskoalle ‘De Wâldsang’ yn Bûtenpost) en dirigent, keunstskilder en dichter/skriuwer. Fjouwer kear brocht er in bondel út: Hjoed… (1985), Grien Ljocht (1987), Wat ik sizze wol (1991) en Myn taal (1997). Yn syn fersen spylje de leafde foar Fryslân en it Frysk in grutte rol. Mar ek de natuer, de nostalgy en it leauwe binne wichtige eleminten. Hy ferstoar yn 2002.
Dochter Hinke waard yn 1958 yn Garyp berne. It miljeu dêr’t se yn opgroeide hat gâns ynfloed op har hân. Krekt as by har heit waard de memmetaal har hieltiden dierberder. Ek grypt se nei de pinne om no en dan in fers of koart ferhaal te skriuwen. Se skilderet en fotografearret. Yn 2015 debutearre se mei de fersebondel Lang om let.
Oaren oer dizze titel
Drachtster Courant, 20-20-2020
Rianne kramer, FD 25-09-2020 (fraachpetear)