Ommers
Geart Tigchelaar
Hispel, 2020

Ommers is in bondel mei proazagedichten fan Geart Tigchelaar. Absurdisme en humor binne de skaaimerken fan dizze yn fjouwer skiften ferdielde bondel. Prozaysk fan styl mar troch de kompaktens en de byldrike taal foarmje se poëzy. Yn Ommers spylje bonkerakken ksylofoan op ribbekasten, hat God bestjoer oer sânbakken en gûle boeken harren eigen siden wiet.

Oaren oer dizze titel
Elisabeth Post, LC 28-08-2020 (fraachpetear)
Gerard Slagchter (Geart Tigchelaar), YouTube 04-10-2020
Arjan Hut, FD 31-10-2020 (besprek)
YouTube 21-04-2021 (fideo mei it gedicht Panta Rei)