Wite Mûle, Swarte Molke
Elmar Kuiper
Hispel, 2020

Wite Mûle, Swarte Molke is in bondel fan Elmar Kuiper.

Yn dizze nije bondel is syn poëzy kealer, direkter, konfrontearjender as earder. Hy lit himsels mear sjen en it giet dêrby fan notearring sûnder poespas nei meislepende lyryk. It lânskip, de wrâld dêr’t er yn opgroeid is, is sels ûnderwerp mar tsjinnet foaral ek ta tematyske ferbylding. Yn it gedicht Mem Ganges lit Kuiper dêrneist sjen dat er yndrukken opdien nei in reis nei Yndia, likegoed op ynkringende wize wit te brûken. In priuwke:

Myn lân

It lân dat de tonge útstuts
kin de tonge net mear útstekke.
It lân dat wielderich en rûch wie
kin no net mear prate.
Ik wol wat sizze
tsjin dat lân.

En sis: Wêr is myn lân,
dêr't de learzens sa hearlik
smyksmakke, fûgels har nêsten
opmeitsje, sa fûl sjonge
dat se hast út 'e loft
delsige?


Oaren oer dizze titel
Geart Tigchelaar, YouTube 03-11-2020 (fideobesprek)
Sietse de Vries, LC 09-10-2020 (fraachpetear oer dizze bondel)
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite 13-11-2020
Friduwih Riemersma, Fers2 23-12-2020 (besprek)
Arjan Hut, FD 02-01-2021 (besprek)
Eeltsje Hettinga, 15-04-2021 (besprek)