Jorrit en Philo begjinne in klup
Thys Wadman
Afûk, 2020
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Jorrit en Philo begjinne in klup is in berneboek fan Thys Wadman.
Jorrit en Philo sitte byelkoar op skoalle en boartsje hast alle dagen mei-elkoar. Faak fine se deselde dingen leuk, sa as bûten boartsje. En fytse. At se op it trottoir in deade fûgel lizzen sjogge, fine se dat se dêr wat mei dwaan moatte en dêrom begjinne se in fûgelklup ‘It Fearke’.
Mar… hûnen, dy binne ek leuk! Dy kinst útlitte en dêr kinst lekker mei drave! En dus wurdt hûneklup ‘It Sturtsje’ oprjochte. Oant der op in dei in reade sportauto yn ‘e strjitte stiet. En auto’s besjen, dat fine Jorrit en Philo ek moai. En dan moat der fansels in autoklup komme…!
De Fûgelklup en De Hûneklup binne earder as losse boekjes ferskynd yn de Studio F lêsboekjes-searje.
Oaren oer dizze titel