Myn binêre koade
Friduwih Riemersma
Grotesk, 2020

  • liene by Tresoar
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Myn binêre koade is de debútbondel fan Friduwyh Riemersma.

Skimen út de bernetiid, heislike foarfallen, in moardballade, leafdeslieten, bizarre konfesjes as ‘ik haw de stâlfeint skandelik ôfseame inkeld om it ferkearde amasôneseal’ en elegyen as ‘beppe, blaasdest elk skip wer flot en wy freegje ús ôf wêrst dyn skuon kocht hiest of dyn tequilaglês fan roaze himalayasâlt’ passeare de revu yn in bondel dy't omskreaun wurde kin as poëzy mei in eksperiminteel karakter.

Oaren oer dizze titel
Ruurd Wallinga, FD 13-02-2021 (fraachpetear)
Arjan Hut, FD 24-02-2021 (besprek)
Elmar Kuiper, LC 05-03-2021 (besprek)