Nee hast, ja kinst krije
Thys Wadman
Stichting Behoud Erfgoed Sterke Yerke/Wijdemeer, 2021

  • liene by Tresoar
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Nee hast, ja kinst krije is in boek fan Thys Wadman.

As Tjerk moarns wekker skrikt fan de wekker en sjocht dat syn kat Stip fuort is, fielt er daliks al: dit wurdt in rotdei! Dat wurdt it ek, want dêrnei giet der fan alles mis. As er op wei nei skoalle ek noch oanriden wurdt troch in auto, is Tjerk der wis fan dat er hjoed wer te let op skoalle komt. En hy wit ek dat syn juf dêr net bliid mei wêze sil. Dat betsjut grif wer dat er neibliuwe moat. Neibliuwe, wylst er al sa it mier hat oan skoalle! Mar op dat stuit wit Tjerk noch net dat dizze rotdei him ek noch in moaie freonskip opleveret.

Dit boek is ek beskikber yn it Nederlânsk.

Oaren oer dizze titel