Kosmysk sekslibben
Willem Tjerkstra
Aspekt, 2021

Kosmysk sekslibben is diel 16 fan Willem Tjerkstra syn rige In Fryske Odyssee. it libbensferhaal fan Bouke Blomhof, boer by It Heidenskip. Oan de râne fan de Titikakamar, de heechste mar fan de wrâld, wenne in tal iuwen foar Kristus in folk mei in bysûndere lieder, Kosmar Niguan. Doe’t er op ’e grins fan seksuele ripens wie, waard er him bewust fan syn ferbining mei de kosmyske goadewrâld: de sinne, moanne en de stjerren. As religieuze lieder fan syn folk beskôge er it sekslibben as ien fan de aspekten fan de religy. Hysels hie as bûtensteander homofile gefoelens, dy’t er syn libben lang foar himsels hold. Sa stiet Kosmar Niguan model foar alle jonge minsken dy’t troch de iuwen hinne net útkommen binne foar har seksuele foarkar.

Oaren oer dizze titel