Gouden Pest
Willem Tjerkstra
Aspekt, 2021
-
liene by TRESOAR
-
Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]
Gouden Pest is diel 17 yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbens-beskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.
Tusken de pest, dy’t de Spaanske ûntdekkingsreizgers meinamen út Europa, en it blinkende goud fan de Inka’s, lei in lange wei. Francisco Pizarro foer mei syn bemanning oer twa oseanen nei it suden en marsjearre mei it leger fierder nei de Inka-stêd Cajamarca. It leger fan Wayna Capac, de âlde Inka-kening, teach út it noarden wei nei Cuzco. Hysels en in part fan it leger soene de haadstêd fan de Inka’s nea berikke.
Gouden Pest fertelt it begjin fan de tragyske ûndergong fan de beskaving fan de Inka’s.
Oaren oer dizze titel