Fan in keninklik ferline
Willem Tjerkstra
Aspekt, 2021
-
liene by TRESOAR
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Fan in keninklik ferline is diel 7 yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.
Yn de roman Fan in keninklik ferline wurdt in ferbân lein tusken it lot fan de swarte slaven en dat fan de yndianen. It begjint mei de ûntfiering fan de swarte jonge Natana, soan fan de kening fan Eboe yn Afrika. Yn it twadde diel fan de roman slút pakesizzer Natana him oan by de yndianen om foar har belangen op te kommen. Oan de ein sjocht er as yn in fisioen in swarte lieder presidint fan de Feriene Steaten wurden.
Oaren oer dizze titel