Spoar fan Abraham
Willem Tjerkstra
Aspekt, 2021

Spoar fan Abraham is diel 14 yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.

Boek 14 stiet yn it teken fan spoaren. Elk minske lûkt in spoar troch it libben, sa ek Abraham dy’t it rjochte spoar besocht te folgjen fan de belofte dy’t er krigen hie, mar soms kaam er op kronkelpaden terjochte.

Yn deselde stêd Oer dêr’t geitehoeder Mardoek nei syn romtereis nei de planeet An de lieding oer krigen hie (boek 13), wenne iuwen letter hoeder Abram. Yn Spoar fan Abraham wurdt syn reis nei it beloofde lân beskreaun, dêr’t er de stamheit fan Israel waard.

Oaren oer dizze titel