Underweis nei Walhalla
Bartle Laverman
Hispel, 2021

Underweis nei Walhalla is de lêste bondel fan Bartle Laverman, in bondel dy't in jier nei syn ferstjerren ferskynde.

Yn dizze bondel binne gedichten en skilderijen fan de fjouwer jiertiden opnommen. Laverman bliuwt yn syn gedichten faak ticht by hûs; it plattelân, syn bisten, binne somtiden grutte argewaasje oer de Fryske literêre wrâld en oer it kristlik part fan de naasje, mar ek minsklike gefoelens oer ôfskied, sykte en dea komme del yn syn gedichten:

De dea is yn my
berne
en wurdt oant no ta eltse dei
as sliep wer wekker

Oaren oer dizze titel
Arjan Hut, FD 24-02-2022 (besprek)