In running gag om te gûlen
Sipke de Schiffart
Hispel, 2022

  • liene by TRESOAR
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

In running gag om te gûlen is de twadde poëzybondel fan Sipke de Schiffart.

Yn dizze bondel spylje leafde en erotyk wer in grutte rol, mar komme ek gâns oare minslike saken oan ‘e oarder, dêr ‘t de dichter sawol mei synisme as kompassy syn ljocht oer skine lit.

Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese literatuersite 09-2022 (besprek)

Abe en de aardichman
Tialda Hoogeveen
Afûk, 2022

Abe en de aardichman is in berneboek, skreaun troch Tialda Hoogeveen, mei yllustraasjes fan Yke Reeder.

Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Omdat hy yn syn foarige wenplak pleage waard, doart er no net mear mei oare bern te boartsjen. Mar al gau fernimt er dat er net allinne is ûnder dy strúk … in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him?

Oaren oer dizze titel
Yvonne Dijkstra, FD 08-10-2022 (besprek)

Nei it mystearje
Willem Tjerkstra
Aspekt, 2022

  • liene by TRESOAR [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Nei it Mystearje is it 27e boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.

Oaren oer dizze titel

 

Beaken foar it minskdom
Willem Tjerkstra
Aspekt, 2022

  • liene by TRESOAR [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Beaken foar it Minskdom is it 26e boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.

Oaren oer dizze titel

 

In frjemde fûgel
Elmar Kuiper
HISPEL, 2022

In frjemde fûgel is it proazadebút fan Elmar Kuiper. De sân manlju yn dizze ferhalebondel binne frjemde einen yn it bit. Se libje oan de râne fan de maatskippij en binne gek, maniakaal, obsessyf, ferlegen, monomaan of autistysk. Benammen op it mêd fan yntimiteit en relaasjes keallet it swier mei harren. De skriuwer sit de personaazjes ticht op ‘e hûd en lit de lêzer omdoarmje yn harren geast.

Oaren oer dizze titel
Jurjen van der Hoek, Kunst-stukjes july 2022 (besprek)
Jaap Krol, FD 15-10-2022 (besprek)

Sipke leert fierljeppen - Sipke leart fierljeppen
Lida Dykstra
Afûk/Rubinstein, 2022

  • liene by TRESOAR [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Under lieding fan pake Pipermûs traine Sipke en syn freontsjes foar in fierljepwestriid. In oanrin, nei de top fan de pols klimme en dan… drûch nei de oare kant! Hotske Hazze is in natuertalint, mar Oaljefant hat der wat mear muoite mei. Gelokkich is Sipke der om him te helpen!

It giet hjir om in Frysk-Nederlânsk Gouden Boekje yn gearwurking mei útjouwerij Rubinstein.

Oaren oer dizze titel