de huodsjes fan mata-hari
Lida dykstra
wijdemeer, 2017

Mata-Hari, de eksoatyske dûnseres en spionne dy’t yn 1917 troch de Frânsen fusillearre waard, wie by har libben al wrâldferneamd. Tsjintwurdich, krekt 100 jier nei har dea, is de ynteresse foar dizze bysûndere frou allinnich noch mar grutter. Hoe kin dat? Wa wie sy no eins?

Yn dit boek fertelle de huodsjes fan Mata-Hari mei-inoar it libbensferhaal fan harren eigeneresse. Breidswale tinkt werom oan de ferlyfde, jonge breid dy’t mei in hast tweintich jier âldere offisier troude. Reishuodsje wit noch hoe’t se mei him nei Nederlânsk-Ynje ferhuze en bern krige. Stripperswan fertelt hoe’t se furoare makke as eksoatysk dûnseres yn alle grutte stêden fan Europa, en Steek-mei-kûgelgat makke mei hoe’t se op fertinking fan spionaazje op in dizige moarn yn oktober deasketten waard. En dan is Bernehuodsje der noch. Sy fertelt oer lytse Greetje, it eachappeltsje fan har heit, dy’t as in prinseske opgroeide yn in huodde- en pettewinkel op de Kelders yn Ljouwert.

It is in sjochboek fol autentike foto’s en aansichtkaarten en mei nije printen fan yllustrator Natascha Stenvert.

Oaren oer dizze titel
Tjitske van Dijk, TanteTjits 04-10-2017