Slapstickiepenbierings
Anne Feddema
Koperative Utjowerij, 1997

  • liene by Tresoar
  • Liene by de iepenbiere bibleteek

Slapstickiepenbierings is de debútbondel fan Anne Feddema út 1997. De bondel befettet 33 gedichten, dy't opfalle troch it brûken fan in soad útroptekens, neologismen en boarterijkes mei wurden, allegearre ynspirearre op it wurk fan Dútse ekspressionisten en Dadaïsten. Sa is it folgjende (titelleaze) fers opdroegen oan dichter Kurt Schwitters, ien fan de foaroanmannen fan lêstneamde streaming.

De buorman rint graach op
 nullehakken!
De buorfrou rint graach yn in
 baitsjebokse!
 Baitsjeboksenullehakke!
 Roppe se de hiele dei.
 En oarsom:
 Nullehakkebaitsjebokse!


Oaren oer dizze titel
Henk van der Veer, Trotwaer jiergong 30 - 1998
Tjitte Piebenga, LC 13-03-1998 (diel 1, 2, 3 en 4)