Jetske Bilker
RONALD GIPHART YN IT RESERVAAT
Resinsje fan Der is gjin dêr, dêre. Oersetting: Steven Sterk (Steven Sterk, Utert 2003)
It fanke, dêr't de haadpersoan in românse mei krijt, is yn ferwachting. Troch de foarpublisiteit dy't foar dit Fryske boekje fan Ronald Giphart (1965) dien wie, wie dat al bekend. Wat we oan't no ta noch net wisten, is dat dit fanke sok moai Frysk praat, dat der ek noch net dát oan mankeart…
It ferhaal is gau ferteld. De ik-persoan dy't himsels karakterisearret 'as in echte bûtenstanner, in leek, in taskôger, koartsein in skriuwer', bedarret op in brulloft yn Wâldsein. Hy is wat benaud foar froulju en as der in fanke nei him laket, knikt er beleefd werom. Hy hat in trauma oprûn wat flirten mei froulju oanbelanget en dat trauma is tige oertsjûgjend en ek tige humoristysk. Mei dy pear sketsen set de skriuwer in sympatike ik-figuer del.
Mei Teaske, de flirtende frou dy't seis moannen hinne is, bedarret er allinne op in sylboat. Neidat se in pear oeren oan it silen west hawwe en yngeande petearen fierd hawwe, kinne se de útgong fan 'e mar net mear fine. Yn in húske op in eilantsje lizze se oan, wyn en ravioli stiet foar harren klear en der is in bêd, dus in noflike nacht heart ta de mooglikheden. It grouwe liif fan Teaske soe harren noch yn 'e wei sitte kinne, mar krekt dat jout in ekstra fertederjend aspekt oan dizze affêre en ek oan it boekje. Wat we oars yn 'e boeken fan Giphart oan tige detaillearre seksuele aktiviteiten op ús ôf krije - ien fan 'e redenen wêrom't Giphart der yn 'e nasjonale krityk net sa bêst ôfkomt - krije we no inkeld as Frysk taaleigen te lêzen: 'Wylst de sinne folslein ûndergie, gie de stoppe derút en learde Teaske my by it sêfte ljocht fan in oaljelampe de Frysk wurden: nodzje (noflik beetkrije, leaf omdjoeie), kardzje (rûch hinne en wer wriuwe), eintsje (stomke), strykstôk (striker), boechspriet (rûnhout) en jimme hurde kul (jimme grutte hear)'. It ferhaal einiget mei de meidieling dat de ik dit brief achteryn de auto skriuwt en dat er tinkt dat er fannacht heit wurden is. Dat lêste is komysk, en net allinne omdat Teaske al yn ferwachting wie. It is in leaf ferhaal wurden.
Dit boekje fan Giphart is yn it Frysk ferskynd en net earst yn it Nederlâns. Oft dat lêste noch bart is foarearst noch in fraach. In weddenskip tusken útjouwer Steven Sterk en Giphart is der de oarsaak fan dat it Frysk de primeur hie. Leuk gebaar fan Giphart fansels, mar soe er wol witte dat Sterk de oersetting sa oanpakt hat dat it sûnder mankearen as lêstekst mei slimme wurden foar de Afûk brûkt wurde kin? Soe er ynstimd hawwe mei it plan fan Sterk en Eeltsje Hettinga - dy't de einferantwurdlikens hie - om it yn hartstikke geef Frysk ferskine te litten? Wist er dat in trochsneed Fries gewoanwei net 'poppe', 'faam' en 'kaam', seit, mar 'baby', 'freondinne' en 'kleur'?
Dy kombinaasje fan it âlderwetsk oandwaande geeffrysk en de superhjoeddeiske Giphart is in wûnderliken ien. De ien en al realiteit fan de Nederlânse Giphart yn in Frysk dat wy net mear prate, docht tinken oan in neefke út de Rânestêd dat perûngelok yn de realiteit fan in boek fan Brolsma telâne kommen is en him tige fermakket mei dy leuke locals. Dêr liket it in bytsje op as de skriuwer alle Nederlânse mannen oanriedt ien kear ferplicht te tútsjen mei in famke dat Doutsje hyt, of Durkje.
Oan 'e oare kant jout it ek in hiel aardich effekt om de hjoeddeiske realiteit ferwurde te sjen yn in Frysk, frij fan hollannismes (mar net fan Ingelse, Frânse en Latynse lienwurden). 'De jûns wie der in mienskiplik diner, mei foardrachten en stikjes en taspraken en mei-inoar sjongen en in deejayende omke en nachtlike útspattingen mei bokkesprongen op steapelbêden en nei't ik hoopje in anale gangbang mei Pier syn muoikes en de beppes fan de breid (dat lêste, ik hope it net fan wier, al bin ik de lêste wiken net fij fan ordinêre rebounding').
'Pier, Grutte Pier, liet dat minlik en moai gnizend gewurde. Hy harke nei mannich "Worst Pier Scenario's" , smoarge rabberijen en teltsjes oer Frauengeschichte, bekkesnijerij yn de kroech en spul mei autoriteiten.'
Mar as Teaske seit: 'Doe't ik fernaam dat ik swier wie haw ik al efkes yn 'e lytse loege sitten', wurdt se wol in hiel ûnwerklik persoanaazje.
Der hat al ris in diskusje west oer hoe geef Fryske skriuwers wêze wolle en yn hoefieren se harren oanpasse wolle oan it net geve Frysk dat de Friezen gewoanwei brûke. Nei't Leafste Lea fan Eelkje Tuma by de KU ferskynd wie yn in abnormaal geef Frysk, hawwe in soad skriuwers harren útsprutsen yn in dêroan wijd nûmer fan Frysk en Frij. De measte auteurs keazen foar in sa werkenber mooglike styl mar dan wol sûnder de gongbere hollanismes. Dizze auteurs wolle dat de lêzers harren eigen werklikheid yn de boeken werkenne.
Oare skriuwers wienen mear fan betinken dat se wat fan in foarbyldfunksje hienen en dêr is ek wat foar te sizzen: foar in soad dingen hat it Frysk eigen wurden, dus wêrom soe men dy net brûke? Dizze skriuwers leinen de prioriteit mear by de taal op himsels as by de kommunikaasje en de lêzers. It seit himsels dat fral dichters ta de lêste groep hearden.
It die bliken dat elke skriuwer syn eigen kritearia hie: wat foar de ien ûnmooglik is, is foar de oar gjin punt. Op dit mêd gjin standertfrysk dus. Sa kin der in soad en sa sil der altyd in gliidzjende skaal wêze. Hollannismen dy't no út noch yn net kinne, kinne oer 50 jier al.
De skriuwer fan Der is gjin dêr, dêre wit, nim ik oan, fan dizze problemen net ôf. Hy hat it boekje nei alle gedachten yn gongber hjoeddeisk Nederlâns skreaun. Yn 'e pear boeken dy't ik fan him lêzen haw, haw ik alteast noait wat murken fan âld-frinzich Nederlâns. Giphart hoegde net te tinken: 'dit binne de goede wurden, mar gjin mins mear dy't it sa seit'. Ik tink dat Giphart sels kiest foar it Nederlâns dat syn lêzers prate en dan kiest foar dyjingen dy't aardich 'gebekt' binne.
Syn oersetters, dy't mear belang by it Frysk hienen as by de lêzers fan de tekst, hawwe derfoar keazen om dan ek daliks mar hielendal yn it Frysk. Hjir gjin twifel oer wat wol of wat net sein wurdt, nee, der is gewoan foar de skriuwtaal keazen.
Nei trije kear lêzen wie ik krekt safier dat ik de aardichheid der fan ynseach en dat ik de kombinaasje Giphart yn geeffrysk wol wurdearre. Dêrfoar frege ik my ôf wat ik der no krekt op tsjin hie om sa'n ferhaal nèt yn it aldergeefste Frysk ferskine te litten. Mei de diskusjes oer realisme en moraliteiten fan in pear wike lyn noch yn 'e achterholle, gunde ik in skriuwer - oersetters hjirre - dochs ek wol de frijheid om - bûten syn ûnderwerp of yntinsje - ek syn taal net oan te passen oan 'e realiteit. Foarbyldfunksje of net, in skriuwer hat net de plicht om yn in sa werkenber mooglike taal te skriuwen. Hy hat de frijheid om troch syn styl nei de taal sels te ferwizen en dêrmei in smel of in minder smel muorke te setten tusken de beskreaune werklikheid yn it boek en de werklikheid dêr't de lêzer yn libbet. In skriuwer as Thomas Rosenboom skriuwt ek net sa werkenber mooglik, hellet ek wurden út it stof nei boppen, en brûkt derby ek nochris hiele lange sinnen. Mar krekt omdat Rosenboom syn tema's faak siket yn 'e skiednis en sa in fiktive werklikheid opropt dy't de uzes dochs net is, hawwe wy as lêzers der gjin probleem mei.
En dat is dan ek wat hjir bart. Troch it Frysk wurdt der in werklikheid oproppen, dy't de uzes net is, al spilet it ferhaal wol yn it hjoed en ek yn it hjir: Fryslân. Dat soe noch gjin problemen jaan, mar just omdat Teaske sa geef Frysk praat en samar alle Fryske wurden foar slet opdreunt wit (klitse, ljidske en skeuk) jout jin dat de yndruk dat dit ferhaal yn alle gefallen nèt yn Fryslân spilet. Wol yn in soarte fan reservaat, dêr't de minsken in hiele moaie minderheidstaal prate en hielendal gjin lêst hawwe fan minderwurdichheidskompleksen en in dominante mearderheidstaal.