Jetske Bilker

UNFRYSK

Wraakingel fan Leo Popma komt út Shell-fermidden

‘Wat fieldesto by it lêzen?’ is in fraach dy’t hjoeddedei gauris steld wurdt by in mûnling of skriftlik literatuereksamen by de Hafû of Atheneum. It giet yn de Twadde Fase, dy’t it Fuortset Underwiis oerfallen hat, by literatuer net mear sasear om de ferskillende aspekten fan in boek of wat in skriuwer der mei wollen hat, mar foaral om de ûnderfining dy’t in learling hie by it lêzen fan in literêr wurk. Dy lêsûnderfining, en dêrmei de lêzer, stiet dus sintraal. Dit is yn grutte tsjinstelling mei de jierren sechstich, doe’t alles draaide om de autonomy fan de tekst. Kritisi út dy tiid makken analyses fan teksten oer personaazjes, perspektyf, folchoarder, tiid, plak en motiven. Mei dy gegevens hellen se de betsjutting út in tekst en skreauwen se stevige en lange ynterpretaasjes.
  Ek yn Fryslân wie men ek mei dat saneamde close-reading dwaande en immen dy’t hiel wat fan dat soarte resinsjes skreau, wie Leo Popma. De twa lêste jierren fan De Tsjerne hat er dêr yn ‘e redaksje sitten en doe noch fjouwer jier yn de opfolger fan dit literêre blêd: it doedestiidse selsstannich tydskrift Trotwaer, dêr’t er oant 1974 redakteur fan west hat. Yn hast elk nûmer út dy tiid steane wol ien of mear resinsjes fan him. No soe men tinke kinne dat as sa’n man romans begjint te skriuwen, dat er dat sa docht, dat men al dy froegere close-readinganalyses der mei gemak op los litte kin, mar neat is minder wier. Krekt oarsom. Hjir gjin tsjustere tekst, dy’t men nei in soad speurwurk sa’n bytsje ynterpretearje kin, mar in spannend ferhaal. Dit ferhaal hie my behoarlik yn ‘e besnijing en ik fiel der dan ek mear foar  myn lêsûnderfining te beskriuwen as oan te jaan hokker bestjuttingslagen ik der út helje kinne soe.
  Popma hat yn 2002 de prachtige ferhalebundel Himelsk ferwulf  skreaun en dat wie eins in twadde debút, want sûnt 1971 hie er net mear publisearre, alteast gjin fiksje. Yn 1999 gie er mei de VUT, as direkteur fan de Sintrale Bibleteektsjinst, en hat er lokkich syn literêre ambysjes wer oppakt.

Grutte rol fan it ferline
Yn Himelsk ferwulf wie it ferline faak in wichtich tema. Faak wikselen doe-tiid en no-tiid inoar ôf en sa wurdt it riedsel fan de no-tiid oplost.  Dit prosedee hat Popma ek tapast yn De wraakingel. Haadpersoan Katryn Averkamp is by begjin fan it boek 45 jier en se stiet op it punt in eigenaardige réuny te hâlden. In jier lyn is nammentlik har hûs hielendal yninoar slein. Alle manlju en ien frou fan de plysje dy’t daliks nei dat foar har traumatysk foarfal by har yn ‘e hûs west hawwe om it wer ynoarder te meitsjen of it proses-ferbaal op te stellen, binne útnoege. Fan belang is dus wat der in jier lyn barde en derby wat der it ôfrûne jier bard is. Ek  spilet har famkestiid fan sa’n 25 jier lyn in grutte rol.
  Earst hat men gjin idee wat sa’n frou besielet in réuny te hâlden wêr’t glêssetters, parketlizzers en fervers inoar treffe sille. In hiel wykein lang notabene. Dit fraachstik hâldt jin ûnder it lêzen yn ‘e besnijing: wat hat de skriuwer hjir no mei foar? Wêr moat dit op útdraaie? It is in grut weachstik en set daliks oan it begjin fan in roman sa heech yn. De oplossing moat dan fan itselde kaliber wêze.
 
Lêsûnderfining
Oer de ûntjouwing fan it ferhaal kin ik net in soad fertelle, want dan jou ik tefolle wei. Mar ik kin it wol even hawwe oer myn lêsûnderfining. Ik haw selden sa’n ûnfrysk boek lêzen. De personaazjes binne hast universeel. It boek hie ek yn ‘e binnenlannen fan Spanje plakfine kinnen. Katryn Averkamp komt út in Shell-fermidden en is as bern al de heale wrâld ôfreizige, hat op kostskoalle sitten en it konservatorium dien. Hoe lang har houlik, mei in Shellman, duorre hat, is net hielendal dúdlik mar op in stuit hie se sa har nocht fan it reizigjen dat se by har man weigie. Se sette har nei wenjen yn K., in plak dêr’t har heit en mem inoar troffen hienen. Se is net ûnlokkich en is op in aardige manier troch de tiid kaam, oant har hûs dus troch in ûnferlaat yninoar huft wurden is. Se wurket moarns as muzyklearares op in middelbere skoalle (dêr’t we neat oer te lêzen krije) middeis hat se pianolearlingen en jûns giet se wolris nei in klubke om te gjimmestykjen, sa as se oan plysje-aginte Lutske fertelt.
  It wurdt ús allegearre sa fanselssprekkend ferteld as wie it de gewoanste saak fan ’e wrâld. De skriuwer hat it sels meimakke of hy hat him hiel goed dokumintearre; nergens krijt men it idee dat er syn opgarre kennis kwyt moat. Sa docht er bygelyks gjin ekstra muoite om de lêzer de romte út te tsjutten. Soks ferget in sekere moed, of neam it brutaliteit: de skriuwer hat alle betrouwen yn wat der wól stiet. Sa lêze we oer fioelbouwers as wie it neat. De sfear op in kostskoalle-ynternaat foar bern fan de Shell komt sa autentyk oer as hat de skriuwer sels syn jonge jierren op sa’n ynternaat tahâlden. En de sfear fan boufakkers ûnderling komt aaklik echt oer. Ik haw my oer dy fanselssprekkendheid fan de skriuwer besaud. Dy man kin wier skriuwe.
  En it is hartstikke spannend. Ik speurde nei oanwizings as lies ik in detective. De fraach wie net sasear whodunnit? (want dat waard wol frij gau dúdlik), mar whydidshedoit? Mei as gefolch dat ik nachts op bêd oplossings lei te betinken en op in stuit húsgenoaten wekker raasde fanút in nachtmerje, dy’t in soad liek op de Hitchcock-achtige dûssêne út it boek.
  Ek de personaazjes binne goed delset, foaral in pear fan ‘e boufakkers en Age Boekhout, de man dy’t as earste komt as der in rút stikken is. (Gek hjirby is dat dejinge dêr’t Popma it measte omtinken oan jûn hat, Bob Amsterdam, dejinge is dy’t it minst bydraacht ta de oplossing en derby ek noch it minste boeit.)

Knap yngewikkeld
By de earste lêzing hie ik oer in soad hinne sjoen, murk ik by de twadde kear. Dat kin ek net oars, want in hiele soad ynformaasje kin men yn it begjin neat mei. En dan docht bliken dat it in knap yngewikkeld boek is, dêr’t in soad knipt en plakt is. Eins wurdt daliks yn ’e earste sin al in hiele soad oanjûn. Fierder wurdt by stikjes en bytsjes, troch sa no en dan in stik oer eartiids yn te laskjen, de gong fan saken fan de ôfrûne 25 jier dúdlik. Mar de stikken oer it ôfrûne jier (dus tusken de ferwoesting fan har hûs en de réuny) binne it meast kompleks en dy hawwe fan alles te krijen mei dizze réuny. Bliken docht dat Katryn net sa blanko oan de réuny begjint as men yn  earst tinkt, wat fan dy gefolgen is dat men de haadpersoan eins hieltyd minder benei komme kin. 
  Soms is der wat tefolle útinoar helle en tefolle skood. Dan wurdt der faak referearre oan it tryste libbensferhaal fan plysje Lutske bygelyks. En as we it dan te lêzen krije, krije we it ek noch yn twa ferzjes. Sa wurdt it ferhaal fan Lutske wat tefolle beklamme. Dat hat op himsels wol in doel, want Lutske wurdt de nije wraakingel, mar it is der tefolle bysleept.
  Soms binne de spanningferwekkende trúkjes wat al te trochsichtich: it proses-ferbaal dat de deis nei de ynbraak troch Lutske en Katryn beide ûndertekene wurdt, steane wichtige details yn. Dat proses-ferbaal wurdt sels foarlêzen, mar as der wat fan belang folgje sil, seit Lutske: ‘ ‘etcetera, etcetra’  en ‘ terreretèè’ ) (se is oansketten). Dúdlik is dat de skriuwer yn it begjin dy ynformaasje noch net kwyt wol, mar sokke trúkjes binne te keunstmjittich, it liedt de oandacht ôf en men sjocht de skriuwer sitten, dy’t hjir in ferhaal mei safolle mooglik spanning yn inoar sit te draaien.
  Dit jildt hielendal foar it stikje dat parketlizzer Siger Braam opfiert. Der wurdt allinne nei ferwiisd, de ynhâld fan dy alles ûnthuljende stand-up krije we net te lêzen. Hjir wer itselde: wêrom net weilitten? Wêrom wol sa faak nei ferwize? Dy hiele stikjesdwanerij fyn ik nammers wat  mislearre: alle minsken fan de réuny moatte in stikje dwaan en dat is in nuver ding. De iene docht in fers, de oare in gedicht en de ferver skilderet in portret fan Katryn. Dat we de yntegrale tekst fan in rap fan in net sa wichtige réunist (Bob Amsterdam) te lêzen krije, hat fan alles te krijen mei it feit dat it in moderne fariant fan Harzreise im Winter fan Goethe, op muzyk set troch Johannes Brahms, in nochal wichtich muzykstik yn dit ferhaal. It stiet ek foar yn it boek ôfprinte. Helaas, it wurdt der tefolle byskuord. (In singelcd’tsje fan Brahms ynbegrepen by it boek hie wol past.)
  En is it stikje op side 49, as Katryn wat foar har sjocht wat se neffens my net sjen hawwe kin in flaterke? En ek miskien in flater dy’t fan in eardere ferzje stean bleaun is, is de mobile tillefoan, dy’t yn 1972 oan pulver knypt wurdt. Dy wienen der doe net, sels net by de Shell.

Djipgong fan de boufakkers
Ek op psychologysk flak binne guon aspekten net altyd like oannimlik. Al dy boufakkers, dy’t Katryn dochs in jier net sjoen hawwe, skine har min of mear yn ’e rekken te hawwen. En soms hawwe se wol hiel filosofyske gedachten. Men begrypt net hoe’t se bepaalde dingen riede kinne. Lykas it skilderij fan de ferver, dat er op de snein sjen lit, en dat Katryn yn har hiele dwaan en litten sjen lit: al har oant no ta bewarre geheimen steane der sawat op.
  En dan de persoan fan Katryn sels. Dêr hat de skriuwer sa’n figuer fan makke dat se net te folgjen is. Der wurdt oan ’e begjin in karaktertekening jûn:

 ‘Katryn Averkamp wie seisenfjirtich en moai, en net fan doel har op dizze wrâld ferwâdzje te litten. Idioaiten dy’t oarlogje tsjin it minsdom sille der altyd bliuwe. Sokken dy’t nacht en dei yn eigen holle omspoekje, en op in kear útbrekke en op oarmans hiem útraze. Mar tsjin ien wraaksuchtige steane seis oaren dy’t jin te wille binne. Klear om de diggels op te rûmjen, en jin wer moed te jaan. Fierders moat men der sels mei rêde. Se wie net oars wend. En gewoan om tefolle nijsgjirrigens fleurich en ûnferskillichwei fan har ôf te skodzjen. Se soe wol sjen hoe’t it rûn.’
  Dizze Katryn leare we net echt kennen. Karakterûntjouwing is hjir net oan ‘e oarder. Se liket in oerflakkich typ, dat dingen feral docht omdat se nijsgjirrich is. Se is sletten oer harsels, mar ek de romanlêzer komt net folle oer har te witten. Dy wurdt op deselde ôfstân hâlden as de réunisten. Op ‘e lêste dei fan it wykein prakkesearret se oer har eigen doel fan dizze réuny. De gefolgen fan dit feest binne net om ‘e nocht: har hiele libben stiet op ’e kop. En wat stiet der yn de folgjende alinea? ‘Se woe der net oan tinke. De tee wie klear.’
Katryn wit wol wat der yn oare minsken omgiet. Se wurdt – mei ek har eigen ûngrypberens – der net sympatiker op. Mar dat hoecht ek net. Der giet it yn dit boek net om.

Nuver ferhaal
En, is it weachstik fan dizze roman slagge?  Eins net. Guon dingen wurde yn it begjin tefolle oanset. Sa as it molestearjen fan har hûs. In soad lju jouwe har miening oer hoe ferskriklik it wol net west hat. As wie It lêste Oardiel begûn.
  En de aparte réuny fan boufakkers? Dat bliuwt in frjemd ferhaal. Katryn har persoanlike motyf is hast ûnoannimlik. Hieltyd mear docht bliken dat se it jier foarôfgeand oan de réuny safolle útfûn hat oer de slach dy’t har dy iene nacht tabrocht is, dat men jin as lêzer behoarlik te pakken nommen fielt. Mar goed, as sij dy réuny net ynisjearre hie, wie it baltsje net sa rôle  as it no die, want it tafal hat har holpen yn ‘e persoan fan de jonge dy’t de pizza’s brocht. En dat wie har opset: sjen wat der barde. Nei de réuny wit se dan dy lêste dingen ek. It boek einiget dan wol wer moai, mei Katryn dy’t oeral mei klear is, en de berte fan in nije wraakingel. Miskien wurdt it ferhaal fan Lutske wol nij boek. Ik hoopje yn alle gefallen op mear boeken fan Popma.

*

Leo Popma, De wraakingel Friese Pers Boekerij, Louwert, 2004

Boekhannel De Tille