Oer Om it libben fan harmen wind
útjouwerij fryslân, 2008
Yn har resinsje yn de Ljouwerter Krante fan 15 augustus 2008 stelt Jetske Bilker dat de skriuwer de basis ûnder syn boek weihelle hat troch it earst op te setten as in ‘whodunnit’ en it letter útrinne te litten op in filosofysk of psychologysk boek.
Is dat ek myn ûnderfing?
Jetske hat tinkt my gelyk yn har karakterisearring fan it boek, mar ik fielde my by it lêzen net teloarsteld omdat it boek net hecht wêze soe. Wat begjint as in whodunnit rint út op it ferhaal fan in frou mei in tunnelfizy dy’t oan de ein sawat alle realiteitssin ferlern hat. It sintrale tema is. liket my. de tsjinstelling tusken de ‘hurde wurklikheid’ en de ‘eigen wierheid’. It oplossen fan de moard is dêr it dragende ferhaal yn: oan de ein hat Maaike in hiel oar ferhaal oer wa’t it dien hat as har broer Sytze. Ek de diskusjes oer it leauwe (bg. op p. 107-110) passe ûnder it tema, en it parallelferhaal oer de ‘boppewrâld’ dat Maaike yn har deiboek fertelt.
Dat deiboek jout fan it begjin ôf oan dat Maaike wat sweverich is, se siket om hâldfêst yn wat achter de realiteit fan it deistich libben leit. Op ien of oare wize spriek my it ferhaal fan Ikamea, Maaike har alterego yn dy boppewrâld, it minst oan. It is my der te folle oan de hierren by sleept. De deiboekfragminten litte it wol sjen dat dit boek troch-ende-troch in betochte konstruksje is.
Wat is de oarsaak dat Maaike sa yn de betizing rekket? Jetske wol ha, se hat net de tiid nommen om har ferlies te ferwurkjen en fielt har skuldich. Dat liket my ek. Maaike fielt har tige ferbûn oan heit, en nei de dea fan mem hat sy hast it gefoel dat sy dy har plak ynnimt. As se 17 is sjocht se tegearre mei heit nei de optocht yn it doarp, en fielt se ‘hjoed bin ik heit syn frou’ (s. 137). It ferhaal spilet trije jier letter, as Maaike sawat 21 is. Wat my it meast spiet by it lêzen wie dat ik op seker stuit Maaike har perspektyf losliet en net genôch meigie yn har ideeën. It is de skriuwer net slagge om de lêzer sa te stjoeren dat dy oan de ein ta it perspektyf fan Maaike like oannimlik fynt as dat fan Sytze. Sytze nimt ôfskie fan Maaike, ûnberikber foar him en ek foar ús as lêzer. Yn de lêste alinea, as Sytze de doar tichtdien hat fan de keamer dêr’t Maaike leit, is de lêzer taskôger hoe’t Maaike ‘it tsjuster talit yn de keamer’ en ferskes sjongt dy’t allinne har heit hearre kin. Se is foargoed ferwûn yn har boppewrâld.
Hawar, dat wiene samar wat ûnderfingen fan my mei Om it libben. Ik moast tige op gong komme mei dit boek, mar nei in skoft boeide it my hyltyd mear.
Teake Oppewal