Oer de Skeakeling fan Hein Jaap Hilarides
Troch skynber aldendeiske petearen of barrens wurdt yn De skeakeling it djippere aard fan ’e haadpersoanen bleatlein, sûnder dat de skriuwer eksplisite analyse, lit stean in oardiel jout. Hy toant wat se binne troch hoe’t se reageare op oare minsken of barrens. In ferhaal hâldt op as it portret fan de haadpersoan ‘klear’ is. Hilarides wit krekt wannear as it genôch is.
Hoewol’t de ferhalen oer barrens yn de wrâld lykje te gean, ha se in twadde en essinsjelere laach en beskriuwe se feitliks ynderlike barrens, of se biede in beskriuwing fan it ynderlik. Yn dat oantsjutten fan it ynderlike troch in skynber ienfâldige fertelling leit it fakmanskip fan de auteur. Dêrby brûkt de skriuwer elegante foarmskaaimerken. De ein fan in ferhaal knopet gauris by it begjin oan, dat it ‘klear’ wêzen fan it portret ûnderstreket, en tagelyk in karakteristike eigenskip fan de haadpersoan ûnderstreket, lykas yn ‘Pfaff is af’. Der sitte gauris ûnopfallende ferwizingen nei de djippere laach yn. Yn ‘Ferstringeling’
liket it ûndúdlik wêrom’t de ynfalide Omke Wim efkes opfierd wurdt, wylst dy as persoan neat mei de hanneling te krijen hat. It tema fan it ferhaal is lykwols it ûnfermogen fan de haadpersoanen ta leafde en ynfaliditeit is dêrfoar in metafoar. De ferstringeling fan de haadpersoanen by de waskmasine wurdt foarskade yn de ymplisite ferstringeling fan Omke Wim mei pake en beppe, dy’t alle trije yn ien grêf begroeven lizze. Dit boek kin sawol de gewoane lêzer oansprekke – troch de laach fan gewoane ferhalen – as de fynpriuwer – dy’t syn niget hat oan it subtyl kontakt mei de ferburgen ynderlike realiteit.
Fiif stjerren: * * * * *
Eric Hoekstra