Oer Paadwizer fan Eelkje Tuma

Marike is oersetster Sweedsk, tritich jier. Se is yn ferwachting rekke, mar wit net oft de relaasje mei har Hylke wol sa hecht is dat se it bern komme litte wol. Boppedat kin it bern ek noch fan ien oars wêze. Se giet fjirtjin dagen nei Noard-Sweden, om de saken op in rychje te krijen, mar se is ek op syk nei de skriuwster Linn Mattson. Marike hat nammentlik in Sweedske roman fan Mattson oerset, Tur. Dy giet oer Lena dy’t op jonge leeftyd in bern krije moat fan ien dêr’t se net folle mei hat, en dy’t mei itselde probleem ompakt dêr’t Marike mei tangele sit.

Twa parallelle linen mei dwersferbiningen

Eelkje Tuma hat yn Paadwizer in fernimstige konstruksje betocht. As lêzer folgje je yn 25 haadstikken de syktocht fan Marike, mei in sy-perspektyf, en tagelyk, om en om ferfrissele, steane haadstikken oer Lena en har famylje út de roman Tur, ferteld troch Lena sels. It kopke moat der goed by, je ferslane der earst yn, al dy nammen, mar geandewei wurde de linen helder. It docht bliken dat der hyltyd dwersferbiningen tusken de beide parten fan it boek besteane. Lytse details, gruttere ynhâldike eleminten en beskate tematiken komme yn beide ferhaallinen foar. Sa hat de skriuwster de mooglikheid skept om inselde probleemsituaasje fan ferskillende kanten te beljochtsjen.

Sa komt Marike yn it begjin fan Paadwizer oan yn Luleå, de grutte stêd fan Noard-Sweden, en kriget fan in bewenner útlis oer de wyk Svartöstan, ‘De Swarte Stêd’, ‘in miks fan Amerikaanske grutskaligens en Russyske betonkultuer’. Oan de ein fan Tur hiert de jonge Lena in appartemint yn Luleå. ‘No wenne ik yn De Swarte Stêd, in ein bûten it sintrum’, seit se dan, yn ien sin sûnder fierdere útlis. Dy is yn de oare ferhaalline al jûn, oan it begjin fan it boek.

In dwersferbining fan mear belang is wat ferteld wurdt oer de wrâld fan de Laestidianen, in konservative piëtistyske revival-beweging yn de Luterske tsjerke, dy’t yn Noard-Sweden ûntstien is. Marike praat mei minsken dy’t se tsjinkomt oer de beweging en sjocht by it hûs fan de stichter. Lena út Tur komt út Laestidiaansk fermidden. Sy makket har dêr los fan, al sjocht se de waarmte en feiligens der wol fan yn. Dat motyf rint wer parallel mei wat Froukje, de mem fan Marike, ein jierren sechstich útheefd hat. Dy hat har doe losbrutsen fan har otterdokse en ambysjeleaze wrâld fan it Fryske plattelân en yn Amsterdam in frijfochten libben hân, ynklusyf nammeferoaring yn Désirée en it krijen fan in bern sûnder heit: Marike.

Marike leart har pake en beppe fan memme kant earst kennen as se sân jier is, en dat misbeteart: de minsken wolle neat fan har ôfdwaalde dochter en bernsbern witte, al hoe goed kristlik oft se ek binne. Dat giet oars yn it byhearrende spegelferhaal yn Tur: de mem fan Lena, Ellie, blykt ek al in mem-sûnder-heit, mar dy waard leafdefol troch har Laestidiaanske broer en skoansus opfongen doe’t se as famke swier wurden wie fan in liftsjende fakânsjegonger út Amsterdam (en dêrmei foarmet ‘Amsterdam’ ek sa’n brechje tusken de beide ferhalen). Lena groeit op by har omke en muoike en heart pas as se achttjin is it wiere ferhaal fan har komôf. Dan brekt se út har konservatyf fermidden en set har yn Luleå nei wenjen, dêr’t se troch in jonge fersierd wurdt dy’t mei in freon fan him wedde hat om wa’t har it earst op bêd krije koe. Lena wurdt swier: alwer in mem-sûnder-heit.

Paadsykje sûnder paadwizer

De spanning dy’t in adolesint fielt tusken tradisjonele eftergrûn op it plattelân en modern libben yn de grutte stêd, en it sykjen om in bestean los fan ûnwissens en jaloerskens, wie nammers ek al it tema fan Eelkje Tuma har debútroman Leafste lea út 1996. It draait yn Paadwizer om ûnwissens, twivelriedigens, en hoe’t je dêryn je paad fine, spesjaal as it giet om swangerskip sûnder fêste relaasje. Marike fynt út dat der gjin paadwizers binne. As se by einsluten Linn Mattson te wurd krijt is dy har iennichst antwurd: ‘Ik tink datst allinne sels witst wat it bêste is’. Moai komt it ûntbrekken fan paadwizers ek út yn it fragmint oer Lena as famke, dy’t mei beppe Anna in ein troch de besnijde bosk dwaalt. Beppe Anna mient dat se oeral wol paadwizers wit foar de wei werom, mar as de kniper op de skine komt rekket se it spoar bjuster. Der binne gjin paadwizers, liket de skriuwster sizze te wollen, der binne allinne mar paden. Elke mem-sûnder-heit yn dit boek giet har eigen paad, fjouwer kear: Marike, har mem Froukje, Lena en dy har mem Ellie. Marike freget har ôf oft Tur autobiografysk is, wat betsjut dat skriuwster Linn Mattson de fyfde mem-sûnder-heit wêze soe yn Paadwizer. De swangerskip fan Marike wurdt yn it ferhaal net beklamme. It spilet yn de belibbing fan Marike hast gjin rol, se fantasearret net oer it bern, se hat gjin ligaamlike gewaarwurdingen. De lêzer wit dat Marike swier is, mar it bliuwt in ôfstanlik witten en gjin trochlibbe gefoel.

Byld fan Noard-Sweden

As lêzer fielde ik in ferskil tusken it on the road relaas fan Marike en it ferhaal fan Tur. Ik waard meilutsen yn Marike har wederwaardigheden, en lies Tur min ofte mear ‘bewust’ as fiksje, mei oare wurden troch de eagen fan it romanpersonaazje Marike: fiksje yn twa lagen. Dat hie as gefolch dat de realteitswearde fan it Marike-ferhaal foar my ferhege waard. Dêr wurke ek oan mei it feit dat ik op ynternet allerhanne achtergrûnynformaasje fine koe oer in protte ûnderwerpen út it boek: De Laestadianen en har sosjaal libben, de izermynbou yn Noard-Sweden, boomtown Kiruna, de twataligens fan de Sweedsk-Finske grinsstreek Tornedal, it iishotel oan de rivier de Torne, de skildering yn it tsjerkje fan Jukkasjärvi, it plak mei de komike namme Jokkmokk en it Sami simmerfeest – en gean sa mar troch. Soms waard it dokumintêr, dan wer toeristysk. It boek makke my ek opmerksum op Sofia Jannok, in Samyske sjongeres dy’t modern kombinearret mei tradisjoneel. Sa is Paadwizer ek in paadwizer troch Noard-Sweden.

Ferskaat

[a] Eelkje Tuma brûkt it tiidwurd ‘dânsje’ yn plak fan standert ‘dûnsje’, wat se yn Leafste lea noch wol skreau. Wat hat makke dat se dêryn feroare is? Ik ken mar in pear oaren dy’t ‘dânsje’ skriuwe: Tsead Bruinja, Janneke Spoelstra. Lêst Eelkje Tuma Tsead Bruinja syn fersen yn har fier wenplak Pajala? Of Jikse-libben fan Janneke Spoelstra? Langst nei de smûke en feilige lûding fan it gebiet achter de eigen isoglosse? Of in dialektfoarm as ‘personalising tag’: hark lêzer, dêr kom ik wei: Hijum, Ie, Damwâld.

[b] It wurd Tur is in Sweedsk wurd, dat neffens de ynternetynfo allerhanne betsjuttingen ha kin: 1. útstapke, toer 2. bar: do bist oan bar 3. lok as tsjinstelling fan pech. Dat sil slaan op Lena, dy’t oan bar is om in kar te meitsjen: hâld ik myn bern of net? Mar yndirekt slacht it ek op Marike, dy’t mei itselde sit, en dêrby in toer makket troch Noard-Sweden.

[c] Ik ken in lêzer dy’t dit boek op in oare wize lêzen hat: Earst alle stikken oer Marike, en dan de roman Tur fan Linn Matsson. Dat jout in oare lêsûnderfining. Docht men de tekst tekoart as men dy sa lêst, of net?

Weardefol boek

Ien fan de skaaimerken fan in goed boek is neffens my dat je, as je it foar de twadde kear lêze, der noch wer hiel oare dingen út helje. Dat is mei Paadwizer ek it gefal. In moai foarbyld: Yn haadstik 2 fan Tur giet Lena op besite by har âldmuoike Frida yn it âldereinhûs fan Pajala. De muoike freget har wol trije kear: ‘Fan wa bisto ien?’. Je krije dan as lêzer de yndruk dat muoike wat yn ’e bernskens komt. Pas folle letter docht bliken dat dy fraach as it om Lena giet in djippe betsjutting hat. Al by al is Paadwizer in knap boek, flot skreaun, boeiende opbou, goede plot, en in protte Noard-Sweedske sfear yn ’e kop krigen by it lêzen.

* * * * O

Teake Oppewal