Lolkje Hoekstra

HúSKEAMERS MEI DIKKE MUORREN

It twadde boek mei ferhalen fan Jaap Krol is út. Foar reguliere Farsklêzers is Jaap fansels gjin ûnbekende. Ien fan de ferhalen út dizze bondel, Nûmers, hat earder ek op de Farsk-site te lêzen west. 

Op de achterflap fan Nûmers stiet dit:
Fan boppe-ôf lykje it mar grize, monotoane blokken te wêzen. In grutte wenwyk, in rjochte strjitte, in hûsnûmer. Minsken stean foar it rút en sjogge nei de foartún, se draaie harren om en sjogge nei de achtertún. In situaasje. In mins hat net alles, in mins kin net alles, tinke se. In mins is net alwittend. Dochs wurde se besjoen. Guon rinne tafallich troch de strjitte en belje oan; as der net iepen dien wurdt, sjogge se eefkes troch it rút.

It hat der yn de fiifentritich ferhalen út Nûmers alle skyn fan, dat de skriuwer as in soarte fan passive godheid troch dizze strjitte rint, en op ferskillende momenten fan ferskillende dagen ergens in dak fan in hûs optilt. Dan sjocht er nei hoe’t de lytse minskjes mei harren lytse ach en weekes libje, tinke, fiele.

Krol beskriuwt yn syn fiifentritich Nûmers sekuer hoe’t it kin dat de personaazjes yn dat iene hûs, no krekt op dat bepaalde moment yn dizze situaasje telâne kommen binne. Hy jout se in gesicht, leeftiid, langstmes, eangsten, fertwifeling en in ferline. In goede trochsnee fan leeftiden lûkt foarby mei de typyske problemen dy’t by dy faze fan it libben hearre. De âlde man dy’t net wenne kin oan dat syn frou ferstoarn is, de mem dy’t har lyts jonkje net mear ferneare kin, de jonge dy’t foar it earst op sicht is by de heit en mem fan syn freondin, de man dy’t syn frou ûnderdrukt, âlde minsken dy’t yn nostalgy weromsjogge, relaasjes op harren brekpunt.

Yn de ferhalen fan Krol oersjogge de personaazjes har libben. Se sjogge nauliks foarút. Se steane meastentiids wat stil, yn fertwifeling. Undernimmend binne se net te neamen. Der oerkomme har de gewoane minske-dingen. Sykte, hertsear en dea. Se wolle wol wat miskien, mar dat kinne wy eins amper ôfliede út stappen dy’t der set wurde. Faker witte se wat se net wolle. Hiel dynamysk is dat net.

Troch de opset fan de bondel - elk ferhaal begjint mei in nûmer, as wie it in hûsnûmer, en in tiid fan opname dy’t in gronologysk ferrin hat -  wurdt der suggereare dat der in gearhing is tusken de ferhalen. It giet hjir ommers om ferhalen fan minsken yn deselde rjochte strjitte. Nei in side as tritich hoopje je dat as lêzer ek. Je hoopje dat der wat dynamyk ynkomme sil. Dat der yntryzjes wêze sille. Dat de iene buorfrou it mei de oare buorman docht, stikem. Dat de kollektante fan nûmer twa yn in letter ferhaal dy frou is dy’t thús mishannele wurdt en dat in oar yn in oar ferhaal dan wer sjocht hoe’t har man yn it winkelsentrum ôftúgd wurdt. Nei sa’n sechtich siden hawwe je wol troch dat dat der net mear ynsit. De minsken yn dizze strjitte geane net mei inoar om. Of dat falt yn alle gefallen net út de momentopnames ôf te lieden. Om al dizze fyfentritich hûskeamers steane tsjokke muorren. De ferhalen binne isolearre, de personaazjes faak ek. De personaazjes hawwe gjin nammen. Elk hyt hy of sy. Ek de minsken binne mar Nûmers, liket de skriuwer sizze te wollen.

Foar minsken dy’t deis oan ien as twa ferhalen genôch hawwe, falt der oan Nûmers bêst wol wat te genietsjen. Krol nimt de tiid om de emoasjonele steat fan de personaazjes dúdlik nei foaren komme te litten. Hy hâldt fan werhellingen en sirkelredenaasjes. Nim nûmer 17. Tiisdei, middeis. In jonge frou hat twa dagen dêrfoar in one-nightstand hân wêrfan’t it net dúdlik is wat it no krekt mei har dien hat. Mar se lit it aldegeduerichst yn har omgean hoe’t it wêze soe om har frijer fan twa dagen lyn wer tsjin te kommen of de jonge dêr’t se earder in eachje op hie en se sit der ek oer yn dat se wat ferjit hoe’t ien fan beide der no krekt útseach.
Se wist it wol. It leafst soe se him belje. En oars woe se hiel graach dat er op it antwurdapparaat stie. Mar ja, se hiene ôfpraat it te ferjitten. As se inoar no belje soene, hie de iene miskien wol in oare, geheime aginda iepene. En de oare ek. Hy hie sein dat hy der net oan ta wie (se wie wierskienlik net syn type); sy hie sein dat it net koe (se wie al skoften fereale op ien). Dat wie de wet fan ôfskienimmen. De doar wie net mear iepen.
Ek net op in kierke.
Miskien. Faak koe se him net mear foar de geast helje. Dan yn ien kear wer wol. Se murk mei de dei dat it hieltyd dreger waard.
Dat der al skoften in oar wie yn har geheime libben, steurde har no eins. Dat se minder foar dy persoan fielde as earder, fûn se no net sa slim. En ek wer wol – se wifele no al twa dagen lang.
Se wifele as se yn ‘e stoel siet, se wifele as se foar it rút stie, se wifele as se troch de keamer rûn en betocht wat se jûn ite soe.

Dat is wifeljen dat der net om lycht. En ek wol begryplik is, miskien. Hoewol’t sa’n ferhaal op himsels goed skreaun is, is der amper romte foar in fertelling. It wol mei dit personaazje ek net opsjitte, de situaasje is oan de ein eksakt itselde oan oan it begjin fan it ferhaal, de fertwifeling ek. Dêrmei is de fraach oft Nûmer 17 sjoen de dramatyske ûntwikkeling ynteressant is, beantwurde. It is ûnynteressant, wat der bart is te triviaal om it personaazje te feroarjen. De skriuwer jout it personaazje ek net de tiid om stappen te setten en it is de fraach oft it personaazje der wol ta bysteat is. Al dat defaitisme. Alles byinoar rekket it personaazje jin net, se komt jin net ûnder de hûd.

En dat is by hiel wat mear ferhalen, sketsen is eins it bettere wurd, it gefal. Ek de kar foar de hy/sy-foarm helpt wat dat oanbelanget net mei. Troch de personaazjes gjin nammen te jaan, wurde alle minsken dy’t yn de ferhalen fan Krol foarkomme sels Nûmers. Harren lijen is sa algemien minsklik, en der bart op it lêst sa’n bytsje mei de personaazjes (de personaazjes binne sels meastentiids ek de ylluzje foarby), dat it dochs faak saai is. It gebrek oan aksje makket dat de personaazjes, de Nûmers navelstaarderich oerkomme. Psygologysk wol yn oarder, mar spannend wol it net wurde. Fansels binne der genôch lêzers dy’t oan ien of twa ferhaaltsjes op in dei genôch hawwe, mar fan mear wurde je wol wat depressyf.
 Foar ien dy’t graach libbensechte sketsen lêze mei fan lytse-minskjes-lijen, is Nûmers in oanrieder. Fan de ferrassingen moat Nûmers it net hawwe. Fan de fleurige ynstek ek net. Fan de personaazjes mei oansprekkende libbenskrêft ek net. It binne in bult moai opskreaune situaasjes. Mar wat de personaazjes oerkomt of wat se belibje is faak te triviaal om je der by te hâlden.

Jaap Krol, Nûmers, fiifentritich hûskeamerferhalen (Utjouwerij Bornmeer, Ljouwert 2004) 192 siden.

Eric Hoekstra

FRIS EN FITALISTYSK

De emosjonele dynamyk fan Riek Landman

Lang om let wer ris in boek dat ik yn ien nacht útlies! It is in goede saak dat In sterke frou  yn de romrofte Merkelrige fan de Friese Pers werprinte is. Opfallende foarmaspekten fan it boek binne dat der in protte dialooch yn sit – bytiden is it hast in toanielspul – mar ek dat it net út ien perspektyf wei skreaun is. It effekt fan dizze foarmaspekten is dat it boek folle libbener is as in gewoan ferheljend boek, dat boppedat trochstrings in fêstset perspektyf hat.

Frjemdgean mei
In sterke frou giet oer in mem en in dochter, dy’t lykas wy allegearre wrakselje mei harsels en it libben om it better belibje te kinnen. De mem, Wobs, is stjerrende. Omdat se lang lyn út sosjale ambysje de ferkearde, Bartele, troud hat, is se nei de bern ta slettener west as oars wêze kind hie. Dat is fan dy gefolgen dat de bern ek wat nei it stive útskaaie, sawol de emigrearre soan Sybren as de dochter Maaike. Beide binne wurkferslaafden, no nonsense types, dy’t hiel bot op harsels steane. Sa wie ek de heit, dy’t yn it boek net mear libbet. Sybren hat in byrol yn it boek, mar dochter Maaike en mem Swob komme wiidweidich oan bod.
  De dialogen binne fris en fol faasje. It boek lêst as in trein. Mem en dochter besykje wol wat iepener te wurden, mar it slagget net. De ferbining tusken beide sil pas ta stân brocht wurde troch in wat froulike jongeman, Nico, dy’t wat fereale wie op it hurd-manlike yn Maaike, en der letter achter komt dat er H is (homo), mar dat lêste giet it boek net oer. Wol is Nico wichtich as terapeut. Tsjin him fertelt de sike mem har geheimen. Sa komme wy derachter dat de stjerrende frou nei har fjirtichste in ferhâlding mei in jeugdfreon, Goffe, hân hat, sûnder dat dat har beider houliken bedrige. De skriuwster giet in spetterjende en dochs diskrete sekssêne net út ’e wei. Sels de humor ûntbrekt dêr net:

    (Sy) ‘Ik fiel my lokkich oant yn myn dikke tean. (..) Do makkest my sa lokkich.’
    (Hy) ‘Soest dan no dyn neilen út myn rêch helje wolle.’

Sels as âlde minskjes ha se dy geheime ferhâlding noch. As âlde frou beseft se dat âlde minsken likegoed en likefolle eroatyske fiellingen ha as rimpen jongfolk, en ik fyn sa’n ynsjoch wol ûntroerend, want dêr hearst allegear popy-jopy boeken likemin oer as ferheven literatuer.
  Dit hast libbenslange frjemdgean mei deselde (o frjemdgongerstrou!) hat gjin inkeld effekt op de relaasjes dy’t beiden yn har matige houliken ha. Wobs hat frede mei har houlik en har ferhâlding dernêst. Se begeart ek net oars, se is kontint dat it sa west hat. Want at de frjemdgongers troud west hiene, hiene se dan gjin sleur hân?

  ‘As wy destiids troud wiene, dan hiene wy dit net hân.’
  ‘Dat mienst net, by ús wie it in feest bleaun.’
  ‘Sa’t wy it dien ha, is it yn alle gefallen in wûnder bleaun, alle dagen in gebakje is neat bysûnders. (..) Dat bysûndere gefoel kin der net hieltyd wêze. Sa no en dan in skoftke, dat is al in hiel soad. Ik wol tinke dat wy in goede kar makke ha.’

Dit is moai. Alle klisjees yn drama en moraal om it frjemdgean hinne wurde mijd. Der is gjin spyt, gjin sûnde, gjin straf, en der is ommers ek neat ferkeard dien neffens de leavers Swob en  Goffe. Fansels, dêr kin oars oer tocht wurde, mar it kin ek sa as yn dit boek. En dit stânpunt is moediger, want seldsumer, as de wenstige klisjees.
  Dat docht my tinken oan in oar boek dêr’t frjemdgean in grutte rol yn spilet, in ynternasjonale bestseller, en dy’t dochs hûndert kear ynferieur is oan In sterke frou. Ik bedoel The world according to Garp, dêr’t auteur John Irving de boadskip útdraacht dat de man byneed al frjemdgean mei, de frou net, en dêr’t de frjemdgeande frou daalks straft wurdt troch de auteur mei in wearzich auto-ûngemak, dêr’t ik de leffe details net fan jaan sil. Literatuer is ek altyd in refleksje fan de auteur syn filosofy, syn noarmen en wearden, fan de moed en de oare eigenskippen fan syn aard.

Homoterapeut
Dochs giet it boek net op it foarste plak oer dy leafdesrelaasje nêst it houlik (frjemdgean is eins gjin goed wurd, want dat suggerearret wat koarts). It giet meast oer de dochter en de mem. De dochter is wat stiver as de mem. Se stiet mear op harsels en kin har minder goed by groepen en gesellichheid jaan. Gewelddiedige gefoelens hat se ek. Nei in emosjoneel petear mei Nico ramaait Maaike troch diggels hinne, bliedt, mar se ferset har tsjin it silich wêzen. As Nico, de oarsaak of leaver de terapeutyske bringer fan skokkend nijs, har dan helpe wol, kin se him wol slaan: ‘Se fielt dat er har oerein helpe wolle soe. Se woe dat er it die, dan soe se him fan har ôfslaan kinne.’
  Fansels kriget de dochter oan de ein fan it boek ek wol wat hoop op in relaasje. Opfallend is dat de mem en de dochter net mei-inoar direkt emosjoneel kontakt krije. Beide krije dat mei Nico, foaral de mem. De dochter fynt dus net út, dat de mem sa’n relaasje nêst it houlik hân hat. Dêr komt noch in moai foarbyld fan irony achter wei. De mem besiket de dochter de skientme fan leafde en relaasje sjen te litten, troch yn abstracto dy saken te ferhearlikjen.  De dochter reagearret dan mei: ‘heit hie fansels ek syn goede kanten’. Ja, mar mem hat it net oer heit. Nico wit al hoe’t it sit. Nico is in soarte fan katalysator foar mem en dochter beide, dat se har as minske wat better ûntjouwe.
  Der is wol krityk op it boek te jaan. De relaasjes, de petearen ha soms in sterk terapeutysk karakter. (Mar sa kin it yn it echt ommers ek wêze; en literatuer is sawol deskriptyf as preskriptyf, dat makket it sa nijsgjirrich.) De dialogen binne hjir en dêr wat keunstmjittich yn ’e sin fan dat de haadpersoanen folle mear op it doel rjochte binne yn har fragen as de measte minsken fan fleis en bloed. De krityk soe wêze kinne dat de haadpersoanen tefolle fleis en bloed ha. Mar dat deart it boek net. Want de ûntjouwingen tusken de persoanen wurde mei safolle faasje trochset, der komme sa gau wer nije ûntjouwingen nei foaren, dat de lêzer gewoan meinommen wurdt yn it boek as op in hynder. It is in tige frisse en fitalistyske roman, dy’t gjin momint ferfeelt. En dêrby is it ek noch in boek dat troch elkenien lêzen wurde kin. It is knap om in boek te skriuwen dat ûnkonvinsjoneel is en dochs tagonklik.

Fitalisme
Ik realisearre my ek dat In sterke frou ta in beskaat sjenre heart, in sjenre dat as formele skaaimerken hat dialooch en perspektyfwikseling, en dat ynhâldlik foaral oer feroaring fan emoasje en ynsjoch by de haadpersoanen giet. De dramatyske, emosjonele ynteraksje tusken de persoanen bringt it ferhaal fierder en hat as doelen selskennis en libbenswille.
  Der binne oare auteurs dêr’t ik deselde skaaimerken weromfyn. Op Fryske boaiem die de sfear yn In sterke frou my tige tinken oan U.G. de Jong syn boek De helper. Libbe Leistra hat yn syn wurk ek wol wat fan dat frisse fitalisme wei. By de Grinslânske skriuwster De Haas-Okken ha ik deselde sfear preaun. By de Dútske romantikus Adalbert Stifter fine wy deselde emosjonele yntinsiteit werom, al hat dy krekt net in protte dialooch.
  De sfear docht ek tinken oan de toanielstikken fan Oscar Wilde en oan de flottere sênes út wurk (Van oude mensen en de dingen die voorbij gaan) fan Couperus. By al dy skriuwers kin deselde faasje fûn wurde, deselde dramatyske ôfwikseling fan emoasjes, itselde frisse fitalisme útdrukt troch dynamyske dialogen. Wat in ferademing is dit boek, dat fierhinne oarekant fan konvinsjoneel goed en kwea skreaun is. In foltreffer foar de Merkelrige, oars kin ik it net sizze.

*

Riek Landman, In sterke frou (Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2004; earder útjûn yn 1995)

Boekhannel De Tille 

Jetske Bilker

DE WRALD FAN ‘E GRUTTE MINSKEN

Impresjonistysk komponearre ‘ferhaleroman’ fan Aggie van der Meer

Wêrom skriuwt ien boeken lykas Untdekking fan ’e wrâld, frege ik my by de earste kear lêzen ôf. En hoe komt it dat in boek dêr’t de wrâld yn ûntdutsen wurde moat, folle behindiger is as in boek dêr’t de himel yn ûntdutsen wurdt? Want de titel fan dit boekje docht daliks tinken oan it grutte liifwurk fan Harry Mulisch, De ontdekking van de hemel (1992), en it kin dan ek net per ûngeluk wêze dat ien har boek sa’n titel meijout.
   No is it boek fan Mulisch in hiel oar boek; wurdt dêr yn yn ien lang ferhaal en mei twa haadpersoanen it begjin fan in histoarje delset, dy’t de ûntdekking fan de himel ynliedt, yn it boek fan Aggie van der Meer is sa gau gjin reade tried te ûntdekken. Oan ’e ein derfan wurdt ek net in wrâld ûnthuld sa as yn de ûntdekking fan de himel.
   Untdekking fan de wrâld wurdt wat dizenich in ferhaleroman neamd. Wat is in ferhaleroman? De haadstikken foarmje gjin ferhalen op harren sels. Miskien hawwe skriuwster en útjouwer foar de beneaming keazen omdat men yn dit wurk net sa gau in trochgeande ferhaallijn fine kin. Mar mear foar de hân leit dat de skriuwster hielendal gjin roman skriuwe wollen hat, mar in autobiografyske en impresjonistyske komposysje delsette woe, sûnder bûn te wêzen oan wetten fan hokker sjenre dan ek. Dizze skriuwster lavearret faker tusken de fêstleine sjenres troch, tink oan har ultra-koarte ferhalen, dy’t ek wol proazagedichten neamd wurde. Yn alle gefallen krijt se de lêste jierren in hiel eigen plak yn de Fryske literatuer en meie we bliid mei har wêze!

Losse waarnimmings
Om te sjen wat har doel wol west hat, moat men jin as lêzer hielendal oan it boek oerjaan, en it mar oer jin komme litte. Men kin daliks wol ophâlde mei út te finen wêr’t it oer giet, of wêr’t alles op slacht, want dy dúdlikheid krijt men net. It binne feral losse persoanlike en assosjative gedachten dy’t allegearre ien basiskearn hawwe: de ûntdekking fan ’e wrâld. Sjoch nei in stik as:

‘Us heit slipe al ús potleaden en fiske in wesp út ’e ranja, dy’t er letter mei syn bûsskjirke trochknipte. Us mem dy’t nei de bakker Van Dijk soe, sei: ‘Doch dat no net.’ Bakker Van Dyk wosk noait syn hannen as er taarten makke, mar fage se hieltyd oan in doek ôf.
  ‘Syn frou,’ sei ús mem, ‘komt út Dútslân.’
  Dútslân, dat hearde der fansels ek by. By de wrâld. It waard hieltyd mar mear. (s.9)

Waarnimmingen as dizze foarmje fierwei it grutste part fan it boek. Se wurde net ferklearre. Der wurdt net útlein wa wa is (dat moatte jo oan de nammen sjen, lykas hjir: de bakker en syn frou) en hoe’t elk yn relaasje mei elk stiet. De measte neamde minsken komme ek net werom. It mei lykje as ferûnderstelt de skriuwster alles by ús bekend, mar eins dogge al dy lju dêr’t de ‘ik’ oer skriuwt, der net ta. It giet om de waarnimmings fan wat minsken, mar ek bisten dogge. Dy waarnimmings foarmje de boustiennen fan de op te bouwen wrâld.
  Yn it earste en twadde part, as de ‘ik’ bern en puber is, binne de waarnimmings moai en werkenber. Se drage werklik by ta it opsetten fan in wrâldbyld. It is fansels ek net in maklik tema: hoe wurdt jins idee fan de wrâld makke? Weromgean nei de wrâld yn in berneholle, as jo yntusken sels al oantangele sitte mei al dy ideeën fan hoe’t de wrâld der útsjocht as folwoechsene. In soad lytse dialoochjes drage der ta by:

‘Haw ik wolris in deasûnde dien?
‘Nee, bern kinne noch gjin deasûnde dwaan.’
‘Mem wol?’
‘It soe kinne.’
‘No, dóch dan ris ien.’
It like Tsjep en my moai ta, mar ús mem die it net en ús heit hie der ek gjin nocht oan.

Ek de spultsjes fan it famke mei har freontsje tsjoene ús in bernewrâld foar:

‘Esso-esso,’ rôp Tsjep, ‘seerôvers. De motor op syn hurdst.’
Dat die ik. Tsjep stjoerde en seach hieltyd achterom.’

Stadich livet se dy wrâld yn. Dat is de iennichste gearhing dy’t der yn ’e earste twa dielen te finen is. Tsjep is har freontsje, en it is net dúdlik oft dat in sabeare freontsje is of net. Oan ’e ein fan it twadde diel nimt se ôfskie fan Tsjep. Yn it tredde part nimt Kiif, de twifel dy’t har altyd begeliede sil, it plak yn fan Tsjep. In soarte fan alterego, ien dy’t har tsjinwicht en krityk jout.

Impresjonistyske wrâld fan it folwoechsen wêzen
Wie it boek oan no ta noch te folgjen troch de neifielbere bernegedachten, yn it tredde diel moat men deagewoan stopje mei it sykje wollen nei in ferhaaltried. Miskien ûntbrekt de tried omdat dy wrâld der dan al hinne leit sa as er is. Op impresjonistyske wize wurdt de ûntdekte wrâld delset. En dat is fansels net de ientsjuttende, klopjende wrâld dy’t it famke har der yn de earste twa dielen fan foarsteld hie: de wrâld blykt in boek mei slanters. By ‘slanters’ yn it wurdboek stiet as fjirde betsjutting: ezelsoor (aan stuk papier). Dat kin betsjutte dat de wrâld foar de folwoechsene foar him al sa’n bekend gegeven is, datst him net mear hoechst te ûntdekken: ‘dy en dy siden fan ‘e wrâld lês ik it leafst, dêr gryp ik altyd nei werom.’It kin ek betsjutte dat de nijens fan ‘e te ûntdekken wrâld derôf is, in bytsje snuosterich,  lykas in nij boek der net mear moai útsjocht as elkenien it lêzen hat.  
   Yn alle gefallen falt it ferskil tusken it earste part (de berne- en jongereintiid) en it tredde (de folwoechsentiid) wat de lêsberens oanbelanget, no makliker te ferklearjen. Ien kear yn dy folwoechsenwrâld telâne kommen, blykt it in wrâld dêr’t alles op jin oankomt. De werklikheid is diffús. Ien en ien is net automatysk twa. Dat hat Aggie van der Meer yn de foarm fan dit tredde diel oerbringe wollen.
  Falt der dan neat te begripen yn dit tredde diel, it boek mei de slanters? Jawol, mar it bliuwe slaggen yn ’e loft. Sa wurdt der yn metafoaryske bylden skreaun oer froulju, wat men lykstelle kin mei it opkommende feminisme fan de jierren sechstich en ek miskien wol mei in persoanlike emansipaasjestriid. Soms liket it oer in partner te gean. In oare kear oer in bern of bernsbern. Hiel soms is der in superkonkreet stikje, as de ‘ik’ mem is fan in húshâlding. It haadstik ‘petearen om ’e lange tafel’ begjint sa:

‘We hawwe in flapear sjoen.’
‘Ite we no al wer soerkoal?’

Yn it tredde diel wurdt fan in soad tradisjonele tinkbylden ôfskie nommen. Frij tinke is yts dat boppe driuwen komt yn de petearen fan ‘ik’ mei Kiif.

Wat moat ik mei in oar syn herinneringen?
De ûntdekking fan ’e wrâld die my tinken oan Gesloten huis (1995) fan Nicolaas Matsier, dêr’t in soan it hûs fan syn ferstoarne mem oprommet en fia de foarwerpen dy’t er foarbykomt, en fia syn tinken oan syn bernetiid ek syn folwoechsen wêzen beskriuwt.  It gefaar fan sokke oantinkens oan ’e bernetiid is dat it te partikulier bliuwt. It is hast egodokumintaasje. Soms lijt it boek fan Aggie van der Meer dêr ek oan. As se te min ferklearret, as net dúdlik wurdt wat de reden is fan it opheljen fan bepaalde herinneringen, as der tefolle nammen yn foarkomme dy’t letter net mear weromkomme, hawwe jo wolris it idee: wêrom moat dit yn in boek? Wat moat ik hjir mei? Lit har ris wat dúdliker wêze. En neam it dan autobiografy. Ik haw myn eigen oantinkens wol. It is of hat se it ultym-persoanlike feralgemeniseare wollen en sa ûntstiet der in spanningsfjild tusken it anekdoatyske en it universele. It is in spanning dy’t earder hearsket by poëzij, wêrby’t it anekdoatyske faak de kwaliteit yn ’e wei sit. Ek hielendal oan ’e ein fan it boek kipet dit gefaar om ’e hoeke: ‘Ik haw wurden leard, sinnen, skreaun, peteare mei wa’t ik woe. Mei de iene buorman oer syn toerswel-ûnfreonlik dak en mei de oare oer it gelok fan piterseeljeflearren. Mei de biskop oer heilgoed en seine (...).’ Dan giet it wer mear de kant op fan in autobiografy.

Heldere styl
Mar dan haw ik it oer ien ding noch net hân. Want wat poëzij faak úttilt boppe dat anekdoatyske en der foar soarget dat oare minsken der ek wat oan hawwe, is de kwaliteit fan it fers, de styl. En dat is hjir ek ûnmiskenber it gefal. Aggie van der Meer skriuwt helder, to the point, gjin wurd te folle. Dochs krijt men in goed tiidsbyld foar jin troch dizze lakonike opsommingen fan gebeurtenissen.  Lês dit mar, as se nei de earste klasse giet en it ûnlogyske ûnderwiissysteem dêr’t net folle omtinken wie foar it yndividu nei foaren komt.

‘De earste dei wie spannend. Juf Regnery stie mei in plaat foar it liif, mar wy seagen allinne de achterkant. Doe mochten wy riede watfoar dier derop stie. It wie in aap. Wy krigen de letterdoaze út ús kastkes en op in richeltsje mochten wy in A en noch A en in P lizze. Ali de Jong begûn doe te gûlen en alle kearen as wy letter de doaze pakten die se dat wer.’

En letter, as se folwoechsen oan it wurden is, beskriuwt se de frijheid sa:

‘Alles feroare en alles koe oars en ik tocht dat elkenien der bliid om wêze soe. Doe koest op bêd wannearste sels woest, sparrebeantsjes koest likegoed oan ien kant kopje, do giest ek wolris net nei tsjerke en allinnich dyn mem sei der wat fan ast in hiel wykein net ôfwaskest, mar it wie net nedich om dy der wat fan oan te lûken.’

Dit boek hoecht men net te lêzen om it ferhaal. Feral it tredde diel is wat dat betreft dreech. In soad lêzers sille it dan ek op in stuit oan ’e kant lizze, omdat it kausaal ferbân tusken de fragminten hielendal ûntbrekt. Ek de ik-persoan krijt men net folle hichte fan, dat fan identifikaasje is sawat gjin sprake. Nim dêrby ek noch it ûntbrekken fan spanning en men hoecht net mear te rekkenjen op in grut lêzerspublyk.  
  Spitigernôch is in moaie en eigen styl gjin garânsje foar in bestseller. Mar dat hoegde it wierskynlik ek net te wurden. It boek is as in dichtbondel dy’t men op jin ynwurkje litte moat. In keunstwurkje, net om te ynterpretearjen mar om fan te genietsjen.

*

Aggie van der Meer, Untdekking fan ’e wrâld  (Frysk en Frij, Ljouwert 2004)

Boekhannel De Tille 

Jetske Bilker

HAPPY END HELLET LÊSTE HÛS ÚT LYKWICHT

Fan de iene op de oare dei alles achter jin litte en emigrearje. De boel de boel litte en jin hiel ergens oars nei wenjen sette. Elk hat dat fêst wolris wollen. De measten sille harren dochs earst achter it ear klauwe en betinke wat se dan allegearre wol net achterlitte. Meastentiids sil it ek trochgean, dat men hielendal ergens oars op ’e nij begjint.
  Lykwols, Hesling Alberda fan Sykjend nei it lêste hûs hat der alle reden ta om alles achter him te litten. Yn syn iere bernejierren is er syn heit en letter ek noch syn mem kwytrekke oan de dea. Hy en syn oare twa broers Jan en Marten waarden ferlotte ûnder de rest fan de famylje. Hesling, de jongste, komt by de meast asosjale húshâlding telâne, by it spoar yn in achterstânswyk oan de râne fan Dokkum. Dêr wenje omke Jelke en muoike Anna mei fjouwer jonges en twa fammen, en ien derfan, syn neef Tiedeman, makket him it libben behoarlik soer. It is in earsteklas sadist. De beide nichten hawwe ek beiden har ynfloed op Hesling syn libben, al is dat op in hiel oare manier. De iene is Aukje, dêr’t er fereale op is. Aukje krijt tb en komt yn in tintsje telâne. Hesling fettet bysûndere gefoelens foar har op en lêst har wolris gedichten foar. De oare is Jildau, yn it begjin fan it boek wat in ûnskuldige float, mar letter yn ’e oarloch papt se oan mei de Ortskommandant Maurer (dy’t ek foarkomt yn It wrede foarjier). Tiedeman seit dat Hesling oeral útbazune hat dat Jildau in moffehoer is. As Jildau yndie op Byltsjedei beskuldige wurdt fan ferried, krijt Hesling dêrfan de skuld. De hiele húshâlding – dy’t dochs al net it measte mei him ophie – keart har tsjin him. Hesling hâldt dat net mear út en ferdwynt fjouwer jier nei de oarloch nei Kanada, iensum en ferbittere.

Skriuw it fan dy ôf
Mar Hesling komt nei fjirtich jier werom. It ramtferhaal wurdt foarme troch syn weromkomst. De oantinkens oan earder binne de ynhâld. Hy sit yn it fleantúch en syn tinzen geane oer wat er fine sil. Yn Kanada is yntusken ek it ien en oar bard. Hy hat noait troud west, hat ek gjin bern. Yn de bosk- en mynbou hat er syn brea fertsjinne. Fan it hurde wurk hat er in kwaal oprûn en sa is er út it wurk rekke. Hy hat genôch jild opsparre. Syn freondin is fuortrûn. Sadwaande hat er besletten werom te gean. Mar de fraach is: wêrom?  Wat ferwachtet er oan te treffen? En wat sil er dermei?
  Dy fragen sweevje boppe it earste part fan it boek, mar dat dringt as lêzer noch net sa ta jin troch, want jo binne feral nijsgjirrich nei wat er fine sil en nei wat der eartiids bard is, dat er sa raar fuortrekke is.
  Hesling boekt in keamer yn hotel ‘De Posthoorn’ en skriuwt yn in skrift al syn belibbenissen fan eartiids op. Nei’t er sûnder wurk siet, gie er yn Kanada wolris te fiskjen mei syn maten en ien derfan – Billy Parker - rette him oan alles op te skriuwen. ‘it opskriuwen fan libbensferhalen kin bydrage ta it ferarbeidzjen fan feiten dy’t dy ûnfertarber hieltyd wer opkomme’.  Dat docht er dus, mar net allinne, hy giet werom nei it plak fan syn ferline, mar sit yn syn hotelkeamer ek nochris alles op te skriuwen. Dat opskriuwen, dêr is wat mei. Te faak wurdt sein dat Billy Parker sein hat: skriuw it op. Uteinlik wurdt der neat mei dien.
  Wat de lêzer oer syn bernetiid fernimt, is yn hertferskuorrend. Foar him wie it in grutte ellinde yn dy húshâlding: dat narjen (se skuorden him neaken troch it brannettelfjild) en dy fize húshâlding. As it jonkje op in stuit Mem sizze moat tsjin syn muoike, kinne jo hielendal neifiele hoe swier dat foar him is. Dochs binne dy minsken fan de húshâlding fan muoike Anna net swart-wyt delset. Se hawwe genôch djipgong meikrigen om se ta oannimlike persoanaazjes te meitsjen. Dy illindige tiid yn Dokkum is prachtich beskreaun,
  It iennichste dêr’t ik yn it earste part wat muoite mei hie is dat er him safolle sizze lit: Tiedeman beskuldiget him fan de raarste dingen, mar Hesling giet der amper tsjinyn. Te bang foar de gefolgen, faaks. Mar as lêzer wolst him wolris in skop jaan: ‘Toe no, jonge!’

Neat mear te finen
Yntusken rint Hesling syn sentimental journey of wat it doel ek mar wie, op ’e non. Mei in hierauto giet er wat plakken ôf nei’t er yn tillefoanboeken adressen opsocht hat. Syn broer Marten is dea, de widdo is der noch wol. (Echt sa’n Durk van der Ploeg typke: se wennet oan de seedyk en is klear foar de winter, se bedoelt it winteriten. Se freget him wêrom’t er net skreaun hat. En dan blykt dat er de brieven net goed genôch adressearre hie. In miste kâns. Hy mei by har bliuwe te útfanhûzjen, mar dat docht er net, wêrom is net krekt dúdlik. Hy hie it dan yn alle gefallen mei har sa no en dan oer Marten hawwe kinnen.
  As er by de oare broer foar de doar stiet, komt der ek al gjin Spoorloos- tafriel.
  ‘Geartsje, haw ik in broer yn Kanada?’
  Der folget stommeljen yn ’e gong.
  ‘Net dat ik wit.’
  Wêrom’t dat sa mâl moat wurdt net bekend, mar it draacht wol by ta de konstatearring dy’t Hesling op in stuit dwaan moat: missy folbrocht. Risseltaat nihil. Want fierder is der ek neat mear te finen. De grêven fan syn âlden binne opromme; de huzen by it spoar binne fuort.
  En dan binne we wer by de fraach: wat wól ien dy’t fjirtich jier lyn alles achter him litten hat, en wer weromkommen is omdat er it net ferwurke hat? Dêr krije we gjin antwurd op. De fraach wurdt sels oanskerpe: hat it wol sin om it ferline wer op te sykjen? We witte fansels net wat der bard wie as elkenien Hesling mei mear of minder iepen earms ûntfongen hie. Dat hie in hiel oar boek wurden.
   Dy fraach fine we yn fariaasjes: ‘Alles wat ik ûntflechte, hat it bejûn. Iensumens oerfalt my by de gedachte: dat der gjin plak mear is foar wat ik mei safolle soarch bewarre ha. De haat dy’t ik myn libben lang yn stân hâlde, dy’t ik yn myn dreamen fuorre, mist ynienen alle grûn en bewiis.’(s. 78) of: ‘Of wol ik mysels pinigje? Wol ik trauma’s ûndergean, om wat lang lyn yn my stikken makke waard? Is it om it bern dat yn my fernield waard? Of wol ik bline haat woekerje litte by de graasje fan myn ûnskuld.’(s. 85)‘Wat ik sykje is yn skiednis oplost.’
  We binne oer de helte fan it boek as Hesling yn dizze desperate sitewaasje sit. It is hjerst yn Dokkum, it docht oars net as waaie en reine.
En wat dogge jo dan as jo op in hotelkeamer sitte yn jo geboartestreek? Krijt men jinsels by de lurven? Mjit men jinsels in nije filosofy oan? Hinget men jinsels op? Of keapet men alle sneonen de deiblêden op syk nei in nije libbenspartner?

Ut it lead
Nee.
  Dan giet men nei it streekargyf en dêr moetet men by tafal in frou dy’t froeger by jin yn ’e klasse sitten hat. Dy fertelt him daliks wêr’t Aukje keard is: nei Rotterdam. Mei in man. Fierder sykje hoecht net mear. Earder hienen we ek al lêzen dat Aukje yn de befrijingstiid al mear sin hie oan in Kanadeeske soldaat as oan Hesling en dat Hesling nei oanlieding dêrfan ek alris tocht hie dat er te earnstich west hie mei syn gedichten. Lykwols komt dy konstatearring jin wat rau op ’e mage, nei al dy siden oer syn teare leafde foar Aukje.
  Fan dat stuit ôf feroaret de hiele roman. De haadpersoan is net mear de wichtichste persoan, it plak feroaret en de problematyk feroaret.
  Want Lize hat er wol witten te reitsjen mei syn gedichten. Hy skynt ien kear in gedicht foarlêzen te hawwen yn ’e klasse, doe is se fereale op him wurden en mei in oare man troud, dêr’t se uteraard net hûndert prosint lokkich mei wurden is.
  Myn probleem mei it twadde diel fan It lêste hûs is dat ik net earder lêzen haw dat Hesling eartiids yn ’e klas gedichten foarlies en dat der gjin Lize wie yn syn herinneringen. Al syn oantinkens geane werom nei de tiid mei syn heit en mem en de ôfgryslike húshâlding fan Muoike Anna en Omke Jelke. De skoalle komt der amper yn foar, allinne mar it feit dat Hesling ék fan skoalle ôf moat as Tiedeman der ôf moat. En fierder dat se inoar op skoalle gewurde lieten.
  Yn it wiere libben kinst fan alles ferjitte, mar yn in roman moat soks wol even neamd wêze. En in kompleet nij romanpersonaazje akseptearet men as lêzer net sa gau as it boek al sa’n ein op streek is. Troch de hiel eigen problematyk fan Lize, rekket de roman út it lead. Mei de komst fan Lize wurdt Hesling minder belangryk. Lize is ien fan oanpakken en se noeget Hesling daliks mar út om by har te útfanhûzjen. It iene hege wurd folget it oare op. Ja, se wie eartiids fereale op Hesling en no wol se him mei hawwe nei Skylge. Se wol dêr stjerre want se is ûngenêslik siik. Sa bedarret Hesling yn de soarch.

Nij tema
It tredde diel spilet him ôf yn ’e winter, mei snie en kjeld op Skylge yn in húske sûnder al te folle gemakken. It behannelet de swiere problematyk fan it witten dat de dea kommendewei is. Eat dat neffens my better as haadprobleem yn in oar boek behannele wurde kinnen hie.
  In gefolch fan sa’n let ynfoege persoanaazje is dat it identifisearjen net mear wol. It swiertepunt leit dochs wier by Hesling en syn leafde foar Aukje (dêr’t dus yn twa alinea’s  mei ôfweefd waard). Sympatyk kin Lize net mear wurde, ek al is se noch sa siik. As se dan ek noch Ikkar, it Inuitfamke út Kanada dêr’t Hesling in relaasje mei hie wol trije kear leechachtsjend, ‘dy heale Eskimo’ neamt, wurdt it der net better fan. Fierder seit se oer dy relaasje: ‘Jim fertizen leafde mei seks.’ Hallo! Wat die se sels wol net? tink ik as ferûntweardige lêzer: trouwe mei ien dêr’t se net fan hâlde. Men kin it amper ferneare dat se in oardiel jout oer romanpersoanaazje Hesling. Want sa no en dan komt Hesling syn ferline ter sprake. Lize jout har oardiel: ‘Ik sjoch yn dy in oare man. In gefoelsminske. Do likest my ek net de persoan ta om alles achter dy te litten en te kiezen foar it rûge libben yn de wyldernis. Neffens my hast der noch muoite mei. Omdatst graach wold hiest dat de dingen oars rûn wienen, bist weromkommen om mei dysels en watst hjir achter litten hast yn ’t lyk te kommen.’ (s. 251)
  Dêr’t Hesling ophâlden is mei syn prakkesaasjes: missy folbrocht, risseltaat nihil, giet Lize fierder. Mar se komt ek net folle fierder as ‘(..) neffens my bisto dêr noait fan loskommen. Do woest it ferline ferjitte, mar it ferline liet dy net los. Wêrst ek kearst, oeral nimst dysels mei.’
  Prompt hâldt Hesling as in echte man in ferhaal oer hoe’t er emigrearre is en dat er hast net oars koe as it rûge libben yn. As er seit dat er mei Ikkar mear gefoel en regelmaat yn syn libben krige, begjint Lize wer oer ‘de heale Eskimo’. It petear stiket wêr’t it earste diel ek hingjen bleau: by de konstatearring dat men letter net mear jins gelyk helje kin.
  Dit is lykwols net mear it wichtichste. Dat is dat Lize stjerrende is. Lokkich is it net sa melodramatysk dat Hesling op ’e falreep fereale op har wurdt. Wol giet er mei har op bêd, as se al deasiik is. Ek giet er yn nacht en ûntij yn in sniestoarm mei twa gasflessen op ’e fyts troch de dunen: in echte spannende Alaska-sitewaasje. Ek sjout er har de trep op. En dat op syn leeftyd. Hy docht genôch foar har. Lize stjert op Skylge yn de earms fan de man dêr’t se har hiele libben langst nei hân hat en Hesling komt dernei yn har hûs te wenjen. Wat komt dit ferskriklik goed. Yn de epilooch stiet dat er sykjen bliuwt, mar hy spikeret in nije namme oan de muorre fan it hûs Ultima Thule: it lêste hûs.

Nederklits
Fansels binne der yn it lêste part wol dingen dy’t referearje oan it earste part, dêr’t it haadtema yn útset waard. Ek Lize hie it libben net brocht wat se derfan ferwachte hie. Mar dat is in frij algemien tema.
  En men kin sizze: sa komt it dochs noch goed mei Hesling en krijt er in libbensbestimming dy’t er net ferwachte hie en wat is der moaier as leafde? Of wat is der moaier as freonskip, as dy leafde net fan beide kanten komt? En wat jout no mear foldwaning as mantelsoarch as men sels út it wurk rekke is? Mar it is en bliuwt in goedkeape oplossing om sa’n Lize op te djipjen as it ferhaal de haadpersoan al fierder nei ûnderen lutsen hat en rêding fier fuort liket. Trochgean op it tema hie konsistinter west: fêststelle dat it better west hie en bliuw thús. 
  Hingjen bliuwe yn de desyllúzje dat men soms gjin ferhaal helje kin op it libben, soe Van der Ploeg dat net oandoard hawwe? En dat it der no ienkear net like earlik foar elkenien om en ta giet, hie gjin (okee: min of mear) happy end oplevere, mar wol in bettere roman.
 
*

Durk van der Ploeg, Sykjend nei it lêste hûs (Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2004)

Boekhannel De Tille