Eric Hoekstra

IN NOFLIK REISBOEK AS BOEKEWIKEGESKINK 2005

Yn it earste oankommen liket it boekewikegeskink 2005 net folle mânsk. It is lytser as dat fan 2004, de inket is skierder en as ik it boek iependoch komt der daalks in tear yn it omslach. Op side 14 liket de side út ‘e bân te springen, wat siden - oars as burgers  - net tastien is. In befreone útjouwer beswart myn oproerigens: it boekje is net allinnich brosjearre (lime, foar leken) mar ek naaid. Dit lytse frommeske is taaier as men tinkt. Boppedat is it omslach oan ‘e foarkant mei in pear fraaie foto's betûft foarmjûn. De achterflap is wat minder, want swarte letters op donkerbrûn is amper te lêzen. Lykwols is it al mei al in keapsjoch boekje, fris en oantreklik.
  Wa bepaalt eins hokker útjouwer it boekewikegeskink útjaan mei? Dat docht de Stichting ‘It Fryske Boek’. Dy siket de auteur út, en de auteur siket de útjouwer út.
  Wat binne de kritearia om in skriuwer te kiezen? Hokke persoanen beslisse? Miskien kin in ûndersykssjoernalist lykas in J.P. Jansen ien en oar ris neier útsykje, mar ik as skriuwer-resinsint ha dêr gjin nocht oan. En miskien kin Tresoar of It Fryske Boek in moaie subwebside meitsje foar it boekegeskink? My leit sa by dat it FLMD sa'n side hie, mar al har ynformaasje is út de lucht helle, en net op de Tresoar-site set. Wêrom net? Noch mear wurk foar in sjoernalist.

Reisboek troch auteur mei reisfoby.

Reisboeken binne oer it ginneraal fleurige boeken. Minsken fertelle fan in reis dy't se meimakke ha, se ite en drinke der goed fan en se binne fleurich omdat se net yn it deistich helter hoege te rinnen. Dat is hjir net oars. Steven de Jong en syn frou geane op reis nei en troch Brazilië. Harren soan sil dêr mei in Braziliaanske trouwe. Tige sympatyk fûn ik it begjin. Steven de Jong fertelt ús, dat er in reisfoby hat en eins amper it hûs út te brânen is (‘Ik seach dertsjinoan as tsjin hingjen’, side 13). Ik ha lijen fan itselde kwea, om it oer ús heit mar net te hawwen (It sil wol erflik wêze). Hy jout allegear redens om net te reizgjen, mar ‘aldergeloks ha ik in frou dy't ... yn 'e fakânsjes wytwêrsanne reizgje wol.’ (side 7). Ja, wat men al net docht om de frou kontint te hâlden. Lykwols neamt er de wichtichste reden, foar in húshin, om te reizgjen net: nei in reis is it hearlik om thús te wêzen. Om net op reis te hoegen komt er mei allegear fermaaklike non-arguminten omtrint de Brazilianen:

‘Se smite de televyzje troch de ruten as se in fuotbalwedstriid ferlieze. Dan ha je net in grut ferstân. net folle mear as in aap.’

Sokke knoffelige (en ek noch polityk-ynkorrekte) arguminten drukke better as lykfolwat út dat hjir de reisfoby ta wurden kommen is, en net de man sels. Mar it is de auteur dy't de humor fan dy reisfoby ynsjoen hat en himsels de gek oanstekt. Selsspot en humor ûntbrekke net yn dit boek. It gehiel is skreaun yn it boartlike styl. In foarbyld (side 53):

‘Hiel apart is ek it grutte tsjerkeplein mei de bylden fan de fjouwer evangelisten, St. Matheus, St. Markus, St. Lukas en St. Johannes. Ik gean dertusken stean en sa makket Syb der in foto fan mei as ekstra St. de Jong.’

De toan is luchtich, hast krekt as sitte wy by de famylje De Jong nei in trochrinnend ferhaal by in diafoarstelling te sjen. It ferhaal wurdt ek gewoan gronologysk ferteld.

Seegoadinnen, griente op 'e weagen.

Opfallend is fierder dat De Jong út en troch gebrûk makket fan it stilistysk prosedee fan de Trije Puntsjes, dat ik fan Celine en Couperus kin. In foarbyld by De Jong wei (side 14): ‘As ik net doarst, soe se byneed allinne ... mar foar gjin goud wol ik hjir achterbliuwe mei har oan 'e oare kant sawat fan 'e wrâld.’ It hat as effekt dat it de skriuwerstinzen wat ticht by de lêzer bringt en fan in emosjonele lading foarsjocht. Yn dit gefal is dy lading ek in bytsje myld-iroanysk, troch de oerdriuwing ‘foar gjin goud’. De Jong spilet in bytsje de ûnnoazele, sadat er de krekte toan fan in reisboek te pakken krije kin dat de massa's oansprekke sil. En dat is goed slagge.  
  It boekje jout ek in moai byld fan Brazilië, sjoen troch de eagen fan in Fryske (=West-Europeeske) toerist. De earmoed en de sosjale misstannen ta spyt ha de Brazilianen, krekt as de oare Latynsk-Amerikanen, wille fan harsels en fan it libben. Wy Nederlanners binne allegear ryk, mar wy jachtsje en wrotte en dogge, en feestfiere kinne wy net, allinnich de alkoholferslaving kenne wy. Ho, ik soe hast moralistysk wurde en dat is Groetenis fan Prakash yn alle gefallen net. O ja, dy titel, dat komt troch in gids fan Yndiaas komôf dy't de De Jongs yn Brazilië moetsje.
  By it byld fan Brazilië wiist De Jong ek op de rike ytkultuer (side 64), noch net ferpest troch McDonald’s en Coca Cola. Dat bringt my yn ‘t sin dat der ris in ûndersyk west hat nei de sûnens fan Meksikanen yn Meksiko en dy yn Amearika. De Amearikaanske Meksikanen hiene folle mear kanker en hertsykten as har earmere neven yn Meksiko. Hoe kaam dat? Yn Meksiko ieten se fruit, ieten se maispankoeken mei in bytsje fleis en dronken se wetter. Yn Amearika ieten se fette hap fan de hamburgertints en spielden it wei mei floeibere sûker fol smaak- en kleurstoffen (ek wol frisdrank neamd). Hawar, hooplik ha wy de grinzen fan de heilleaze skaalfergrutting hast berikt.
  At De Jong en frou útfanhúzje by de skoanfamylje ha se in keamer mei in húske. In húske? Utfanhuzerskeamers ha dochs gjin eigen húske? Ik ljochtsje dat efkes ta. Omdat de huzen (fan de middeklasse en heger) dêr meardere húskes ha. Se wenje ommers net mei ien húshâlding (âlden en bern) yn in hûs, mar mei mear minsken: húshâlding plus in pake en/of beppe plus in omke en/of muoike. In bytsje privacy is dan wol handich. De huzen binne grutter, mar der wenje mear minsken yn. Per saldo is it fansels effisjinter sa't se it dêr dogge. Oppasproblemen binne der dus ek folle minder as hjir. Ik leau, ik moat sels ek mar ris in reisboek skriuwe ...
  It religieus belibjen is fansels ek oars yn Brazilië. As âlde froulju kostlik iten yn 'e see smite om te offerjen oan de seegoadinnen (side 40), fine de De Jongs it mar skande fan it iten. ‘Wy skodholje om safolle ûnnoazelheid’. Ynstee fan respekt te hawwen foar dy nommelste utering fan religieuze selsekspresje: it offer! Ik lit sels wolris mei opsetsin de kraan rinnen en dan tink ik, no offerje ik oan 'e goaden. Of ik tink, no stean ik yn ferbining mei alle wetter, de see, fruchtwetter. Mar goed, as dan efkes letter earme lju it iten út see opfandelje, binne de kalvinistyske De Jongs ek wer kontint.

De maffiabaas

It moaiste haadstik fûn ik haadstik 16, en dêr komt de namme fan Nietzsche ek noch yn foar. Ik leau net dat der in filosoof is waans namme sa faak yn de literatuer opdûkt. Yn haadstik 16, op it feestmiel, praat De Jong earst mei pater Geraldo. Dy presentearret syn analyse fan Brazilië: ‘Brazilië is in ryk lân ... mear as 80% fan al dy rykdommen is yn hannen fan 10% fan 'e befolking, dat 90% kin der amper fan bestean. ... Wat hjir altyd ûntbrutsen hat, is in goed funsjonearjende sosjalistyske partij.’ Mar dat praat neamt De Jong in ‘kolleezje Braziliaanske ekonomy.’ Boppedat stjonkt de pater nei kamfer. Is selibaat wol goed foar in pryster? Foar in skriuwer soe it yn alle gefallen wol goed wêze om ris in skoft sûnder partner te wêzen, en frij fan dy syn wearde-oardielen ... Dan moetet er in folle nijsgjirriger figuer, Boris Augusto Strindberg. Hy is foar in ferbod op drugs, want dan bliuwt de priis heech en kin der mear op fertsjinne wurde troch earme lannen as Brazilië! Hy suggerearret dat drugsferslaafden eins folk is dat net libje wol. ‘As se gjin selsmoard plege, gean se oan 'e drugs of sûpe har dea’. Hy sitearret út Whitman en Hitler, út Verlaine, Rimbaud en Nietzsche. Letter docht bliken dat dizze Strindberg in grutte maffiabaas yn Recife is. En se ha him har adres ek noch jûn! It boekje is lykwols basearre op in reis út 1992, en de skriuwer is noch altyd yn libben, dat it foel ta. Ik krij bytiden wol it idee dat it boekje ek folle letter as de reis sels opskreaun is. Wy krije net in protte wiidweidige beskriuwingen (wat mar goed is ek), mar ek net in protte skriuwersgedachten nei oanlieding fan wat de skriuwer belibbet. Dat lêste hie ik sels út en troch wol wat mear ha wollen, al is it no in boekje wurden dat algemien oansprekke sil.

Boekewikegeskink 1989-2005

Yn 1948 is der ek in boekewikegeskink west. Haisma Nyckle, Simmer, Boekewikegeskink 1948. It hoe en het dêrfan binne my net bekend.
"De produksje fan it boekewikegeskink wie earst yn hannen wie fan St. It Fryske Boek. Dêrnei is
men blykber oerstapt op in systeem dat de skriuwer útsocht wurdt en dy bringt syn eigen útjouwer mei. Opfallend is fierder dat de KU yn 1997 – 1999 trije kear it boekewikegeskink skoarde. Yn 2000 oppenearre him foar it earst de nijeling Bornmeer. Opfallend ôfwêzich is Utjouwerij Frysk & Frij.")

Hjir besprutsen: Groetenis fan Prakash
Steven H.P. de Jong.
Koperative Utjowerij, Boalsert
Boekewikegeskink 2005
Yn opdracht fan It Fryske Boek
Kado by besteding fan € 9 oan Fryske Boeken

Boekhannel De Tille 

Margryt Poortstra

BLOEI OAN ’E SKAADKANT

Oer Oar plak oare tiid, boekewikegeskink 2004, skreaun troch Jetske Bilker

It binne relaasjes dy’t Bilker yn ’e besnijing hâlde. Sawol de langere, dêr’t de gleonens en de spanning ôf binne, as de koarte, flitsende, dy’t de haadpersoanen even yn fjoer en flam sette. Nei de  sketsen yn In nacht fan hús, de titel fan har ferhalebondel út 1997, tekenet  Bilker no it wat fierder útwurke portret fan in frou mei in al jierren duorjende relaasje dy’t ferlet hat fan in útstapke.

Swaantsje en Durk binne tsien jier troud en hawwe tegarre in prachtige soan fan seis, Jesse. Lykas safolle freonen om har hinne hawwe sy al in skoft lyn it frijbliuwende gearwenjen omset yn in fêstlein houlik. ‘(..) der hie in tiid west om te brulloftsjen en in tiid om bern te krijen. Wêr’t it no tiid foar wie, wist ik net.’ De lêzer sjocht op de earste side – en nei it lêzen fan ’e achterflap – it swurk al driuwen. Tiid foar de Seven Years Itch, dy’t fansels wolris in pear jier langer op him wachtsje litte kin.

TIID FOAR HERTSTOCHT

Swaantsje liket fan dy jûkte yn it begjin noch net sa’n lêst te hawwen. Se mei – sûnder keunstgrepen as boarstkorreksje of oare kosmetyske yngrepen, mar mei it blond út in pakje en de gymnastyk om de spieren moai strak te hâlden, noch besjen lije. Fiifentritich is se en noch ridlik tefreden. Durk, har man, fynt se eins wol bysûnder, hy hat in saaie baan by in lyts kompjûterbedriuw, mar wurdt hertstochtlik as er in opera heart. Sels is Swaantjse túnarsjitekte en docht in part fan dat wurk thús. Foar in oar part is se húsfrou en mem. As se mei Durk op it brulloftsfeest fan in âld-doarpsgenoate is liket it ek foar har tiid te wurden foar wat hertstocht.      

De Man stapt it ferhaal yn en dêrmei falt de gelegenheid Swaantsje yn ’e skurte. Op in romantysk plakje, it Waadseestrân by Harns, wurdt it earste kontakt lein. Fuortdaliks stiet hjir de spanning op it ferhaal: de inerlike striid fan Swaantsje tusken net wolle, mar moatte, tusken hingje oan it fertroude, dat net kwytreitsje wolle, en de langst om dêrút te brekken, fuort, (even) fuort, oars, wyld, mei hûd en hier. Dat lêste is wat se wol. ‘(..) as er mar net seit dat it by him om leafde giet en ynhâld en wat al net mear.’

‘Der is neat bard’ stiet boppe haadstik 4. Dêr hie Swaantsje it by litte kinnen. Mar dat stiet sa heaks op wat it by har wekker roppen hat, dat noch 16 haadstikjes folgje.

Oandwaanlik binne hieltyd de petearkes fan mem Swaantsje mei soan Jesse. Net inkeld de boartlike toan oertsjûget hjir, mar benammen dat mem en bern har eigen referinsjekader hâlde. De mem hâldt o sa fan har fintsje, mar kin har net hielendal ynlibje yn syn bernewrâld en Jesse begrypt mar in diel fan wêr’t mem it oer hat. No en dan komt heit Durk derby. Hy is allike wiis mei Jesse, mar hat ek oare dingen oan ’e holle. Want – fansels – fernimt hy dat syn frou har oars as oars gedraacht, ek al besiket dy earst healslachtich it gewoane libben wer op te krijen nei it ynslaan fan ’e bliksem. By har is ommers in nij gefoel ûntstien: ‘(..) myn lichem wie ien grut ferlet en ik hie noch noait meimakke dat ik allinnich mar begearde, mei in grutte B.’

YN STELLEN TIID

De lêzer wit dat no it gedonder begjint. Bilker kiest derfoar om je dêr stap foar stap yn mei te lûken. It wurdt foar de frou dy’t har tiid en oandacht al hieltyd (part-time) ferdiele moat ien grut gûchelspul: noch mear regelje, noch faker eins op mear plakken tagelyk wêze moatte, hieltyd de tiid yn ’e gaten hâlde. Men wurdt fan it lêzen allinnich al wurch.

Foar it ûnderhâlden fan ’e part-timerelaasje dy’t Swaantsje derby hawwe wol moatte ûnderkommens en tiid fûn wurde. Nei de earste ôfspraak mei Grealt – de Man - yn Harns moetsje de minnaars elkoar yn it hûs dêr’t Swaantsje de tún fan ûnder hannen nimme sil en dêrnei yn in hotel. Alles moat yn stellen tiid en it is in toer foar Swaantsje om har mei dy beheindens yn beide wearelden oer te jaan.

Yn ’e dagen en wiken dat se besiket har frijer út ’e holle te setten om’t se har skuldich fielt, slacht se suver troch nei de oare kant om man en bern te oertsjûgjen fan har ynset foar de eigen húshâlding. Sy meie der net ûnder lije en Swaantsje bakt appeltaart en pizza en docht lange spultsjes mei Jesse. Durk begjint dêr krekt erchtinkend fan te wurden: ‘Oars hast noait tiid foar dat soarte dingen’. Sa’t skynt krijt hy mear yn ’e gaten, want ‘Nachts frijde er as in wyld as woe er sjen litte dat ik hielendal gjin oare man nedich hie’. Hy kin syn frou net mear foar him winne en hy wurdt dêr – letterlik – mislik fan.

SKULDGEFOEL

De frijpartijen tusken Swaantsje en Grealt wurde troch Bilker moai beskreaun. Nei it opwaarmjen wurde fjurrige hichten berikt, is Swaantsje even hielendal fan ’e – deistige – weareld, fielt se har betsjoend. Mar tagelyk bliuwt yn dizze beskriuwings in boartlike toan oerhearskjen: it giet hjir net om grut drama of ferskuorrende hertstocht. Swaantsje genietet fan dat part fan harsels dat derûnder rekke is. Se is – noch altyd en wer even – de jonge frou dy’t nei de disko gong. As se – al hiel gau nei it frijen – wer mei beide fuotten op ‘e grûn stiet, as dat ferrekte mobyltsje giet, dan is it, foar dat momint, hiel gau oer en út. De oantinkens sangerje nei. It skuldgefoel nei man en bern krijt wer alle romte.

Op sa’n wize komt ek de omslach it ferhaal yn. In tillefoantsje dat Jesse ferdwûn is, set dy hiele, wankele, twaslachtige, yn safolle romtes en oeren ferdielde weareld fan mem Swaantsje stil. Ien ding is noch mar wichtich: se moat har soan werom fine. Is dit de straf dy’t op ’e sûnde folget? Alle skuldgefoel komt yn ien gjalp nei bûten. Mei wurden en op ’t lêst út ’e mage wei koarret Swaantsje de hiele brot derút.

De rol fan ’e bern – de potsjes mei grutte earen – komt yn ’e lêste haadstikjes foar ’t ljocht. Sy boartsje op har wize mei tiid en plak en hawwe op ’t lêst de folwoeksenen mei dy har eigen wapens ferslein.

SKAT OAN FERRASSINGS

Mei ien kear lêzen fertelt dit boekewikegeskink in werkenber, hjir en dêr oandwaanlik en tagelyk spannend ferhaal. Wat dat oangiet kin in grut lêzerspublyk fan dizze novelle genietsje en wurdt dat doel fan sa’n útjefte berikt. Mar de lêzer dy’t muoite dwaan wol om wat yn dit túntsje te spitten fynt op in oar nivo noch in skat oan ferrassings.

It earste haadstikje hyt ‘Tema fûgel’. Jesse moat ferklaaid as fûgel nei skoalle. Ynpakt yn in moai foarbyld fan in mem/bern-dilemma komt hjir wat djippere symboalyk foarby. Mem Swaantsje betinkt – hiel praktysk, want der lizze noch wjokjes fan in ingel – dat Jesse in wite fûgel wêze kin, dy binne der ommers, sjoch mar nei mem har namme. Mar Jesse wol in ûle wêze.

Is in swan net yn wêzen in monogaam dier, dat (fuort)fleane kin, en stiet in ûle net foar wiisheid en is dat net in nachtfûgel dy’t yn it tsjuster en alle kanten útsjen kin?

En wêr giet it oer as yn it haadstikje ‘Skaad’ de tún beskreaun wurdt: achterhûs, oan ’e sinnekant, in saai gersfjild mei in terraske (rêst, mar net in soad oan te belibjen) en inkeld oan ’e skaadkant de âld linebeammen (dy’t faaks mei de tûken yn elkoar ferfrissele sitte) en blommen. In ‘onkruidvrije’ tún woenen se dêr ha. Tusken de foar- en achtertún it hûs, in frij beskikbere romte: it Plak foar de dreamen?

As it oer nammen giet: Grealt betsjut ‘hearsker mei de spear’. Oer Swaantsje hawwe wy it al hân. Samantha ha ’k net opsocht, mar ik hie fuortdaliks asosjaasjes mei de (hiel) âlde tillevyzjesearje ‘The Flying Witch’, dêr’t de haadrol yn spile waard troch in Samantha. Gretha en Margryt ferwize nei ‘pearels’ (of blomkes). Te fier socht allegearre? Ik bin der net wis fan, mar ik fertink Bilker derfan in protte fan ditsoarte skatten yn har boekje begroeven te hawwen. Foar de lêzer dy’t dêrfan hâldt is it saak om dit túntsje ris goed yn te duken, want der is grif noch mear omheech te heljen.

IN LANG KOART FERHAAL

Binne der noch minpunten oan te wizen? It ferhaal rint as ’t spoar en men hat it boekje samar út. Neffens my in fertsjinste, want sa bliuwt der tiid genôch oer om it nochris te lêzen. Nei de earste siden is wat folget aardich foarsisber en ik kin my yntinke dat guon it oan ’e kant lizze nei dy oanrin. It hiele boekje hie likegoed yn in (lang) koart ferhaal past. Hie kinnen. Der sit (fierste)folle yn ’e ûnderlaach. Dat sil sa wêze. Wa ’t it ferhaal inkeld oerflakkich lêze wol docht soks mar. Foar my persoanlik jildt dat it dêrtroch krekt nijsgjirrich wurdt. Oan ’e oare kant slagget it my dêrnei net mear om it ‘ienfâldige’ ferhaal sûnder mear op my takomme te litten.

Yn dat ferhaal weaget achterôf de ymplisite suggestje dat Gretha en Uilkje wat sitte te bekokstoven te swier, mar soks kin likegoed sân wêze dat de lêzer yn ’e eagen struid wurdt, wat it as sadanich wer teplak falle lit. Wat my al wat fernuvere, wie de krúsjale útspraak fan ‘tante Ulie’ dat Swaantsje it fertsjinne dat Jesse wat oerkaam, dêr’t yn feite de hiele omslach yn it boek fan ôfhinget. Uilkje sels wist ommers út ûnderfining hoe dreech dit foar Swaantsje wêze moast. Of wie se sa skynhillich?

Wat my - as lêste - ek net oanwol is it lange geduld dat in bern fan seis yn dit ferhaal opbringe kinne soe.

Oar plak oare tiid liket op it earste gesicht in pretinsjeleas ferhaal, dêr’t in protte minsken har yn fine kinne. It hat lykwols dúdlik mear te bieden. It boekje tsjinnet as geskink by de oankeap fan – oare – Fryske boeken. Mei de mearlagige ynhâld liket it nei dy literatuer te ferwizen: foar in breed publyk, en mear.

*

Jetske Bilker, Oar plak oare tiid (Bornmeer, Ljouwert 2004)
Boekewikegeskink 2004

Eric Hoekstra

IN OPSTANNIGE SLAAF OP DE SADO-MASOGISTYSKE TOER

Oer Hylkje Goïnga, Thús is de maggi op

Yn de Merkelrige is ek in tal ferhalen fan Hylkje Goïnga ferskynd. Yn dizze ferhalen komt de romrofte Martha, Goïnga’s alter- en über-ego, al gauris foar as heldinne, al hat se noch net de krêft en piid fan de Martha yn Frijende Kikkerts. De krêft fan Goïnga har ferhalen leit yn hoe’t se har monomane obsesje literêr foarm jout. Want as ik sis dat al dizze ferhalen geane oer in silige frou dy’t troch har man wreed behannele wurdt, dan tinke jim al gau fan ‘o, dêr sil wol net folle oan wêze’. En as ik sis dat yn al dizze ferhalen de man, en eins ek de frou, as in oerdreaune karikatuer delset wurdt, dan tinke jim fan no, soks hoech ik net te lêzen. En dochs binne de measte ferhalen tige ûnderhâldend, en gauris op in wrange manier humoristysk. Hoe kin dat? Wat is it geheim fan it skriuwerstalint fan Hylkje Goïnga (1930-2001)?
  De titel Thús is de maggi op is symboal foar de stân fan saken yn de relaasje fan de haadpersoan mei de man. De maggi, de smaakmakker, is ôfwêzich. De man hat him weromlutsen yn syn wurk, en yn syn writen om in jonge freondinne op te dwaan dêr’t him wer in jonge god by fielle kin, ynstee fan de kleierige wurkfanaat dy’t er no is. De frou hat har weromlutsen yn har wurk, dat wol sizze, de hûshâlding en de soarch foar de bern, en yn har dream fan in man dêr’t se mei har opofferjende leafde hielendal yn oplosse kin. Mar in slaaf ferfeelt gau, en de man ferfeelt him dus al gau, mar kin ek gjin útwei fine. De frou flechtet soms yn patologysk gedrach lykas twangmjittich stelle, sjoch bygelyks it ferhaal ‘Foar Jan’.

Misdied en straf
Wat it tema no sa leuk makket, is de ôfgryslike oerdriuwing fan Goïnga. De echtgenoat wurdt delset as in ferskriklike kloatsek, en de frou as in ûntyglik slaafsk type. Se kin net nee sizze (dêrom is se troud, ‘in frjemd ferskynsel’), se lit har alles sizze, krekt sa lang oant de bom barst. En dan ek wer de oerdriuwing, want as de bom by de frou dan barst, dan falle der ek deaden! It plot fan de koarte ferhalen ferrint gauris neffens it skema fan ekstreme rjochtfeardichheid, en wat is ekstreme rjochtfeardichheid oars as wraak? It skema fan Misdie en Straf (of Wraak) kin sa werjûn wurde:
1. de man begiet in rige fan hieltyd wredere fiten tsjin de warleaze frou;
2. de man wurdt straft op in ekstreme manier.
  De wrede fiten fan de man roppe begrutsjen op, de frou is begrutlik, mar de wredens wurdt sa oerdreaun dat de lêzer in distânsje hâldt ta it ferhaal, sadanich dat it begrutlik wêzen him net ergeret. De wraak ropt foldwaning op, mar mei’t de wraak sa ekstreem, irreeël is, is it skema net yrritant. De ekstremiteit fan de wraak, de manier hoe’t it beskreaun wurdt, is sels faak humoristysk. Sa wurdt de lêzer meisûgd yn de sado-masogistyske wrâld fan de hâldpersoanen fan Hylkje Goïnga.
  Yn de measte ferhalen is it sado-masogistyske skema fan misdie en wraak werom te finen. Nim bygelyks it ferhaal ‘de lapkeskat’. De frou wurdt troch de echtgenoat min ofte mear it hûs út besjoerd (begrutlik). De echtgenoat lit blike dat er bliid is efkes fan de frou ôf te wêzen (begrutlik). Se útfanhuzet dan by in man dy’t se in freeslike man fynt (begrutlik). De freeslike man lit har foar it itensieden opdraaie (begrutlik). De begrutlike saken stapelje har op, en de lêzer freget him ôf wêrom’t  de frou har dat allegearre oandwaan lit. Dan komt der in lapkeskat yn ’e hûs, en beide wolle de kat ha, mar de kat siket it selskip fan de frou. Dan smyt de man ynienen de lapkeskat yn it fjoer (ekstreem silich en wreed, de sprekwurdlike drip). De bom barst, en de frou slacht de man mei in tange dea. As der de oare moarns bern oankomme, sleept se de man yn ’e hûs, want ‘ik soe it beroerd fine as sokke bern dêr samar in deade man lizzen seagen’. De soarchsumens bliuwt, it hanneljen fan de frou wurdt troch begrutsjen en soarch om de oar ynjûn. Behalve dan dat iene momint doe’t de bom boarste.

Striid tusken man en frou
Alle ferhalen ferrinne neffens dit skema fan ekstreme Manlike Kloatsekkerichheid, dy’t meastal bestraft wurdt. Nim bygelyks ‘dat doe mei Elsbeth’. De kloatestreek: de man hellet in jonge freondinne yn ’e hûs en de frou, it sloof, moat der sels foar koaitsje. De straf: de jonge frou pleecht selsmoard en de man komt mei de sturt tusken de skonken werom!
  Nim bygelyks ‘in kantsje tee’. De kloatestreek: op it neakenstrân makket de man wreed dúdlik dat er syn eigen frou mar in behelp fynt en hy fersiert ûnder har eagen in jong frommes. De wraak: de kanne mei gleone tee falt him oer de búk en de jonge frou gnysket derom!
 Nim ‘rotroaskes’. De kloatestreek: de man brânt de leaflingssitbank fan de frou op, en giet frjemd. De wraak: de man wurdt sels mei de sitbank opbrând! Tagelyk binne de ferhalen dy’t it meast yn dit skema falle ek de sterkste ferhalen..
  Yn suver elke alinea is wol in wrange wreedheid te finen. Nim bygelyks de iepeningssin fan ‘winter 1979’: ‘Wat sjochst derút,’ sei Jaap. ‘Se koene dy wol opblaasd ha. Moast dat no sa?’ De man is altyd like negatyf! En de begrutlikheden. As de leaflingssitbank fan ’e frou te keap set is, wol dochs gjinien him ha, sels net fergees (psychologyske & symboalyske ynterpretaasje, myn bank is weardeloas, ik bin weardeloas). De ferhalen binne alsa hiel konsintrearre en yntins. De taal is deistich, de petearen koenen hast wol opnommen wêze, sa sprektalich binne se. Dat ferheget de dramatyske krêft fan dizze ferhalen.
  Yn alle ferhalen komt de slaafskens fan de frou en de wredens fan de man werom. Sjedêr in sado-masogistyske fisy op ’e striid tusken de seksen! Erotyk en seksualiteit spylje yn dizze ferhalen gjin rol, no ja, behalve dan yn de negative sin, dat de gleonens fan de man in oarsaak fan wreedheid tsjin de frou is. It bart eins amper dat de gefoelens fan de frou nei in oare man útgeane, en bart it al (yn ‘It libben is hearlik’ in tel, en yn ‘Spikers’), dan wurdt alle djipgong mijd (de frou is hoopleas ferknotte mei har eigen man). Yn ‘Spikers’ komt in man del om putsjes te dwaan. Mar hy is sa moai dat de frou allegear putsjes betinkt om him langer yn hûs te hâlden. Dat is alles, fierder giet it net, grutter kin it geniet net wêze. En as de moaie man foar har stiet is it earste wat se tinkt ‘dy is ferkeard’. Want yn de eagen fan de masogist moatte skientme en geniet wol fertocht wêze, likegoed as dat foar de oarspronklike kristenen it gefal wie, doe’t se de Gryksk-Romeinske noarmen en wearden fan skjintme en geniet fersmieten.
  Binne alle froulju úteinliks sa as de froulju yn de ferhalen fan Hylkje Goïnga? En de manlju? Leit ûnder de oerdriuwing in grutte wierheid oer de seksen en de striid tusken de seksen beskûl? Yn alle gefallen binne der, dat leau ik, yndividuele útsûnderingen op dit skema. Al is it persoanlikheidstype, kwa man en kwa frou, dat Goïnga beskriuwt dominant yn ús westerske kultuer. En de noarmen en wearden dy’t mei dat persoanlikheidstype mank rinne binne krekt de noarmen en wearden fan it kristendom.  
  Uteinliks is de frou yn dizze ferhalen de slaaf fan har ideaal, har leafdes- en opofferingsideaal. Dat projektearret se op har passyf-aggressive manier oer de man hinne, en dy reagearret dêrop troch him werom te lûken, of mei wredens en argewaasje. Sa’t de religieuze minske opgean wol yn god, sa’t de massaminske gauris opgean wol yn in diktator, sa wol de frou opgean yn de man, net de man sa’t er is mar de man sa’t er wêze moat. En oan dy ûnrealistyske langst giet de haadpersoan stikken. Hoe wier is it dat persoanlike trageedzjes goed wêze kinne foar de literatuer! Want de kombinaasje fan de autentike emoasjes mei literêr masterskip jouwe dizze wrede silige humoristyske ferhalen in net te ûntkennen sizzingskrêft.

Hylkje Goïnga, Thús is de maggi op  (Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2004; earder útjûn yn 1981)

Boekhannel De Tille 

Albertina Soepboer

FRYSK REQUIEM FOR A DREAM

Oer Feuilles mortes. De Anna’s fan Josse de Haan

Wa’t de ûntheisterjende kant sjen wol fan de hjoeddeiske maatskippij, moat foaral de film Requiem for a dream (2000) mar ris sjen. It is it flymskerpe ferslach fan it lege bestean fan de moderne minske en hoe’t er dêr oan besiket te ûntkommen, wat fansels net slagget. De kamera lit yn in dokumintêre-eftige styl dy’t soms de foarm fan in dream oannimt en ek hyltyd skokkeriger wurdt, sjen hoe’t de dreamen fan in tal minsken ta jiske fergeane.
 Haadpersoanen yn de film binne in mem, in soan en syn freondinne. Stik foar stik geane se kapot oan de American dream dêr’t drugs in grutte rol yn spylje. De mem sil it noait bringe ta it meidwaan oan har favorite tillevyzjekwis, de soan sil noait libje mei syn grutte leafde dy’t noait de moadewinkel opsette sil dy’t se foar eagen hat. Oan de ein fan de film is fan harren dreamen allinne de dea oerbleaun. De film is in mokerslach yn the smiling face fan de hjoeddeiske maatskippij.

De leafde is in deade

Josse de Haan spilet it klear yn syn lêste roman Feuilles mortes. De Anna’s en jou de lêzer in selde soart fan mokerslach, mar dan op papier. De Haan hat yn syn nije roman besocht om de ûntheistering fan de moderne minske op papier te setten. De Haan hat gjin begrutsjen of treast yn syn nije roman mei dy moderne minske. Hy hat allinne dea foar my as lêzer yn de oanbieding en dat is in ûnderfining dy’t my in hele nacht wekker holden hat, gjin minne prestaasje fyn ik.
 Feuilles mortes, wat deade blêden yn it Frâns betsjut, falt foaral op troch de perspektiven dy’t yn de roman brûkt wurde. It ferhaal yn Feuilles mortes wurdt ferteld út trije perspektiven wei, nammentlik fan in –ik-, in -do- en in –hy-. Hoewol’t se allegear in oar ferhaal fertelle, lykje de ferhalen sa bot op inoar dat se soms trochinoar rinne, mar inoar ek oanfolje. Veenbaas hat it yn syn resinsje yn de Ljouwerter (1okt, 2004) der dan ek oer dat ‘de manlju lykje safolle opinoar dat wy harren hielendal net ûndergeane as ferskillende personaazjes.’ De Haan seit sels yn in fraachpetear yn de Moanne fan oktober oer de ferskillende fertellers: ‘Ik haw se net achter elkoar ôfprinte, want dêrfoar rinne yn myn roman de feiten en de barrens tefolle njonken- en trochelkoar, inselde situaasje út in oar perspektyf.’
  Ik tink dat de krusiale opmerking sit yn dat it giet om deselde situaasje fan alle fertellers. Dy situaasje is nammentlik in basistema yn de literatuer en yn wêzen binne de ferskillende fertellers dan ek trije fariaasje op inselde tema. Dat se soms ien en deselde ferteller lykje te wêzen, ha ik lêzen as in útfergrutting fan har probleem en har ûnfermogen om dêr mei om te gean.
 Dat basistema yn de roman is de ferhâlding fan in man mei syn mem en mei syn earste grutte leafde dy’t Anna hjit. Yn alle trije ferhalen besiket de man syn oantinkens werom te heljen en in plak te jaan, want de mem is dea en de Anna is al lang fuort. Wat oer is yn alle trije libbens is in ferskriklike leechte, symbolisearre troch lege huzen, ferskuorde fotoboeken en de kar foar in solitêr bestean. De leafde is ferdwûn en besykjen ta nije leafde mislearret eltse kear wer. It is in universum sûnder hope dat De Haan skept en yn dat opsicht liket it op in Requiem for a dream dêr’t mem, soan en freondinne der ek net útkomme.  
 De foarm, dy’t op guon plakken dus net altyd like helder is, soarget derfoar dat ik as lêzer my ek noait hielendal identifisearje kin mei de fertellers yn it boek. Der bliuwt in soart fan ôfstân tusken my en de trije fertellers, dy’t it hele ferhaal noch pynliker makket. Krekt dat makket dúdlik dat guon ûnderfiningen universeel wêze kinne, mar dat dat feit noch gjin treast jout of in oplossing wêze kin. By de –do- ferteller dy’t op it plattelân wennet, soarget it ferlies fan mem en Anna foar in drege iensumens dy’t De Haan yngeand beskriuwt, bygelyks as de –do- op ien fan syn kuiers in pear oeren op in bankje yn in doarp sit: ‘Nei twa oeren bliuwt immen stean en begjint tsjin dy te praten. Wol dy wat freegje. Do reagearrest net. Do draaist en smookst sigretten. Der bliuwe mear minsken stean dy’t tsjin elkoar sizze datst hjir al oeren sitst en dat der fêst wat mei dy oan de hân is. Dat it net doocht, datsto mooglik net doochst. Eins soe de plysje skille wurde moatte, in dokter of de gemeente. Ien seit dat it sikehûs fêst de oplossing wêze sil ’ (s.96)
 Foar de iensumens is gjin oplossing en ek foar it gemis oan leafde is gjin oplossing, al besykje de fertellers dat wol. Ien fan de fertellers is de brieven fan Anna dy’t er noch hie, kwytrekke troch de jaloerskens fan in oare frou. Hy besiket him op alle mooglik manieren syn Anna wer yn it sin te bringen en skriuwt de brieven dan ek op ’e nij: ‘It moasten no rekonstruksjes fan in rekonstruksje neamde wurde. Fan twa libbens. De lytse dea dy’t se belibben kaam no in bytsje twaddehâns werom.’ (s.193) 
 De leafde sels is yn feite al dea, in dea blêd lykas it motto fan de roman fan de dichter Jacques Prévert en song troch Juliette Gréco: ‘…wy sykje op it strân dyn fuotprinten / de deade blêden lizze foar it opskeppen’. Ek it papier kin de fertellers net helpe op harren syktocht nei de ferlerne leafde. Dy leafde is oer en foarby, hoe dan ek. Har besykjen is neat oars as in rekonstruksje fan dat earste paradys mei Anna, in paradys dêr’t de relaasje mei de mem net swak yn byspilet.

De literêre tradysje fan mem en soan

Mei in weromwurkjende krêft fan mear as twatûzen jier hat Freud besocht oan te toanen dat de âlde Griken yn har drama’s feitlik neat oars dienen as it útbyldzjen fan de saneamde oersêne: it frijen fan heit en mem en de frustraazje dy’t it bern dêr om fielt fanwege de leafde dy’t him ûntholden wurdt. As it giet oer de relaasje tusken mem en soan, komt Freud út by Oidipous as syn grutte foarbyld, de jonge dy’t sûnder dat er it wit, syn heit deaslacht en mei syn mem op bêd giet. Syn geweld nei syn heit en ynsest mei syn mem binne yn wêzen ûnskuldich, want Oidipous wit net wat er docht.
 De fertellers yn Feuilles mortes slagge har heiten net fuortendaliks dea, mar ien neamt him allinne mar de Man. Dat de heiten mannen binne dy’t agressy brûke en opwekke, safolle is ek wol dúdlik. Likemin dûke de soannen fuortendaliks mei har memmen it bêd yn, mar de eroatyske passaazjes tusken de memmen en har soannen binne hast net te tellen. Hielendal bewust fan har hâlden en dragen op dat mêd binne de fertellers net, mar se hawwe wol yn de rekken yn hokker rjochting se har ûntheistering sykje moatte. Se hawwe net mear de folsleine ûnskuld dy’t Oidipous noch wol hie.
 Hoe’t se dêr útkomme moatte, witte se net, mar geweld en isolaasje lizze de hele tiid op de loer ûnder de oerflakte. En mei ûntheistering sjogge se ta yn dit libben as it giet om leafde, in leafde dy’t hele tiid ferdwynt. Dat de dea fan de mem dan ek it effekt fan in bom hat, is net sa ferwûnderlik. De mem is it paradys dat noait wer weromkomt, lykas dat ek mei it earste leafde paradys fan de Anna’s bart. De dea fan de mem betsjut de definitive ein fan wa’t de fertellers binne. De Haan hat dêryn in foarganger, ien dy’t er sels ek as ynspiraasjeboarne neamt yn it fraachpetear mei de Moanne: Albert Camus. Mei de haadpersoan út L’étranger dele de fertellers dat útinoar fallen fan harsels. By Camus slacht de haadpersoan in Arabier dea op it strân sûnder in oanlieding krekt nei it ferstjerren fan syn mem, de fertellers ferlieze harsels op in oare manier. By Camus is de haadpersoan himsels yn feite kwyt sa’t er wie foar de dea fan syn mem, de fertellers binne dat ek.

Welcome to the new world…

Der komt gjin ein oan it sykjen nei it paradys foar alle fertellers yn Feuilles mortes. Der komt gjin ein oan de plot en it ferhaal net ôf is. En der is gjin sprake fan in katharsis of in ynsicht. De –do- fan it ferhaal krijt in brief dêr’t er út fernimt dat syn Anna de hele tiid opsletten west hat fanwege geastlike siikte, de –ik- giet al syn oantinkens wer by del en komt derop út dat er graach syn mem wer treffe wol en de –hy- ferhuzet nei de seedyk mei syn ikken dêr’t er yn soarte fan skimerlân telâne komt tusken dea en libben dêr’t er sân Anna’s moetet en tinkt dat er de nije ferlosser is. Der is gjin Freud mear om de moderne minske noch te helpen mei in idee of struktuer oer syn libben.
 Mei Feuilles Mortes hat De Haan in boek oer dizze tiid skreaun. De roman is útsoarte in frysk Requiem for a dream mei in man, de dea fan syn mem en de fergiene leafde Anna as reade tried. Hoewol’t it soms wat lang is, en guon passaazjes te faak herhelle wurde, bliuwt de roman yntrigearjen. Dit is in boek sûnder treast of oplossing en just dêrom sa opfallend. It fertellen sels is gjin oplossing, liket de roman te sizzen, mar dochs fertelle de fertellers. Dat seit ek wat oer dizze tiid dêr’t alles al sein is en alles al dien is. Wy hawwe it ferhaal, de personaazjes en de plot. Wy snappe dat allegear en kinne dat analysearje, mar yn wêzen ûntglipt ús it wiere ferhaal, dat dat fan de gaos is. En dát hat Josse de Haan goed werjûn.

*