Justus

KFFB skoart mei Bildungsroman oer Manlikheid

Resinsje fan Willem Tjerkstra, Ridder fan Snits. Histoaryske roman oer Rienck Bockema. Diel 1 'Rom' (Kristlik Fryske Folks Bibleteek 406; 1999)

Justus syn oardiel: ****

De KFFB kin men lid fan wurde fia de webside , al liet de site him op myn i-Mac (8.3) net besjen, spitigernôch. Want wa soe net lid wurde wol fan in bibleteek anneks boekeklub dy't de trije dielen Ridder fan Snits yn 'e rige opnommen hat. Dat is nochris wat oars as dy sloppe moderne hap fan dy oare boekeklub, dy't no op 'e reet leit, de Koöperative Utjouwerij.

Ridder fan Snits is knap en mei masterskip skreaun. De skriuwer giet nearne oer de skreef, ferliest him net yn triviaal gemoralisear, saaie beskriuwingen, saaie dialogen of moderne foarûnderstellingen dy't jin steure by it lêzen. It earste diel fan diel 1 (side 1-55) sit boppedat symboalysk analysearre izersterk yninoar.

It ferhaal draait om in jonge haadling dy't eins gjin besef fan goed en kwea hat, en allinnich syn dream fan striidber ridderskip yn 'e holle hat, of modern sein 'groots en meeslepend wil ik leven'. Dêrby wurdt er al gau in ordinêr misdiediger en willeas slachtoffer fan syn jonge driften. Dat is nochris in nijsgjirrich kommentaar op de wurklikheid achter allerhanne soarte fan dwylsinnich idealisme, likefolle oft it no oer de krústochten tsjin 'e Turken (moslims) of de betogingen tsjin oarloch giet - om oer burokratyske machtssintra as Amnesty mar te swijen.

Ja, in misdiediger. Mar earst wat eftergrûn. Mei syn manlike dream fan rom en eare hat er it thús tige krap. Syn heit (Bocke Doedinga) is in sloppe sek, suver in moderne Nederlanner dy't gjin striid wol, en omwille fan it hongerjende folk de belêstingen leech hâlde wol. Soks giet te'n koste fan de glory dy't oars yn 'e bou fan in machtich opriizjende stins stal krije kinnen hie (dêr't de soan fan dreamt). Fansels is de heit tige koöperatyf nei tsjerke en wiif ta, dat al.

Oer de mem dan sprutsen (Reynke Donia), dy hat de broek oan, en dêr kin er min mei oer de wei. Op in kear sil se him mei de bôge (symboal fan manlikheid en kriich) ôfseame. Hy skuort har de bôge út 'e hannen en stekt de bôge heit ta. 'As er ôfseame wurde moast, dan troch in man!' (s.11) Syn heit is lykwols gjin man: 'Mar Bocke Doedinga skodholle en wiisde nei syn frou. "It rjocht is oan de kant fan jim mem," hied er sein. Doe wie de ban fan it fiifde gebod ferbrutsen.'

Mei de lilke kop kaapt er in boat en boomt dermei de stêd út. Underweis wurdt er sjoen troch in famke út itselde doarp (Goïngasweagen) as dêr't de boat dy't er taakt hat weikaam.

'Syn sterke lea gisele fierder as dy fan in rôfdier op jacht nei syn proai. Mei in sprong kaam er op it fine famke del en soalde har op 'e grûn. ... Hy treau har holle nei foaren oant se swei, om't har gesicht weiwurden wie yn de dridze. Syn driften makken him blyn en skokten syn sterke lea op en del.'

Ja, in misdiediger: ferkrêfting en moard, of yn alle gefallen, writen ta moard. Dêrnei komt amper berou, wol oanstriid om te bychtsjen, te fertellen, kwyt te reitsjen, mar hy wjerstiet it ferlied en bychtsje yn de tsjerke. De tsjerke is symboal fan 'e twang dy't syn mem op him útoefenet. It is in striid om 'e macht (de macht oer himsels) en wjerstean dy oanlearde twang om te bychtsjen. En troch dy striid leart de jongfeint him de earste begjinsels fan selsopleine disipline oan. Sa wurdt de ûnbesnoeide manlikheid foarme; in konsept dat yn ús tiid alhiel weiwurden is en de tanimming fan sinleas geweld fierhinne ferklearret. Uneinliks bychtet de jonge Rienk by in freondintsje, dy't him neat kwea-ôf nimt. Ik hoopje al dat dizze tema's út it begjin fan diel 1 yn dielen 2 en 3 op weromkommen wurdt.

Symboalysk is ek de sêne dat er in mislearre pearring fan twa einen sjocht, as er krekt de boat stellen hat. 'Hy sichte en feroare yn syn holle it byld fan de pearjende einen, it eintsje boppe de jerke. Hy seach syn bazige mem dy't ...' En fierderop blykt it bist yn it wapen fan syn famylje de ... ein te wêzen. Allegear hiel aardich. Spitich is wol is dat dat goed dosearre symboalisme him fral yn 'e earste fyftich siden oppenearret. Dêrnei is it aventuer flakker, mist de symboalyske lading dêr't de psychologyske prosessen yn 'e holle fan 'e haadpersoan mei oantsjut wurde.

It boek ferhellet fierders fan earst Rienk syn tsjinst by de lieder fan in smjunte- en ferkrêftersbinde fan Walle Galama. Dêr klimt er op ta twadde man. Dochs hat er yn de selde tiid dat er feitliks stelt en ferkrêftet de dream: 'Opkomme foar minsken dy't bedrige waarden, dat hied er him al earder foarnommen.' (57) De kleau tusken dream en wurklikheid wurdt nearne eksplisyt makke, wat ik wol tige subtyl en iroanysk fyn. Letter ek, as er krúsridder is, is it yn feite de sucht nei persoanlike rom en eare dy't him driuwt, it ûnbewuste motyf dat achter it gerdyn anneks de moaiskyn fan syn kristlike idealen skûlet. Ik sjoch dat yn ús tiid allyk, dêr't in machtspolitikus himsels as tsjinner fan it folk sjocht, mar yn feite út is op de heechste machtsposysje fan it lân (nim in Kok bygelyks, immen dy't opklimt ta direkteur mar ûntkent dat it om leafde foar de macht giet - ûnbegryplik dy hypokrisy).

Moai iroanysk binne ek de fjochtsênes. Rienk dreamt fan fjochtsuksessen, mar beide kearen dat it der wier op oankomt wurdt er binnen in minút útskeakele. Syn sukses yn de krústocht is yn feite oan dom geluk te tankjen. Hy boarret de noas fan syn skip yn in Turksk skip. Fan dat rare fyt wurde de Turken frijwat kjel, en de aksje jout de meistriders bod om him te befrijen. Foar itselde jildt hie er syn skip ta sinken brocht, ûnder lûd laitsjen fan de hiele Turkske fleat. Realistysk en fan in subtile humor dus. Mar enfin, it beteart no goed en ús Rienk wurdt de held fan 'e krústocht.

Yn alle gefallen is diel 1 in tige slagge histoaryske roman, dy't in treffend byld fan 'e midsieuwen opropt. Justus is benijd oft dizze skriuwer de spanning yn de oare dielen fêsthâlde kin. Hy is wylst lid wurden fan 'e KFFB en hat de oare twa dielen fan 'e trilogy ek besteld.

Eric Hoekstra

FLEIS NOCH FISK

Yn de Merkel Rige jout de Friese Pers in tal tige súksesfolle boeken út har boekebestân op ´e nij út. Ik wie yn it foar al warskôge fan dat it sokke ûnsjogge boekjes wêze soene, en o skande dat de Friese Pers net wat mear flyt op de foarmjouwing dien hie. Mar doe´t ik de boekjes yn ´e hannen krige foel it my eins noch wol ta. It binne hiel behindige boekjes, moai lyts, se passe yn ´e binnenbûse fan in kolbêr dat se kinne sa mei it fleantúch yn bygelyks. Ja, de omslach is wat bylkerich, mei skreauwende kleuren dy´t inoar net passe (foarmjouwing De Vries & Luiks, Ljouwert). Mar dat let net, want it hat foar de Friese Pers grif in hiel wurk west om dizze boekjes te digitalisearjen en alsa it weardefolle wurk fan har skriuwers foar it neiteam te bewarjen. Boaze tongen sizze dat it meganyske werprintingen binne, mar dat wol net yn my del, sok primitivisme yn ús digitale tiidrek, soks sil in útjouwer syn skriuwer ommers net oandwaan.
   Fan Tiny Mulder hie ik noch nea in roman lêzen. Benijd wie ik al. Har komplete gedichten hie ik ommers in foech jier ferlyn fan Gosse Brouwer kocht. En ik wie ûnder de yndruk fan de taalfirtuositeit fan Mulder har gedichten. Wol miste ik in beskate ynhâldlike djipgong, mar poëzy mei om my wier wol ferbaal fjoerwurk en oars neat wêze. Guon dichters skriuwe leaver net oer harsels mar litte gewoan har technyske betûftens sjen, en de lêzer mei genietsje fan it sparkeljende taalfjoerwurk.

Teloarsteld
Tige teloarsteld wie ik dan ek doe´t ik Mulder har roman In moaie leeftyd fansiden lizze koe. De lêste sin ‘Oant de dea ús skiede sil’ wie foar my in grutte befrijing fan in boek dat ik mei in jimmeroan waaksende wearze trochwraksele hie. Want it is fleis noch fisk, dit boek. It ferhaal is in soarte fan optochte autobografy fan in emigrantefrou, Saakje (Sara yn Kanada) Blom. De emigraasje nei Kanada blykt foar har ien grutte ôfdijer te wêzen. Se is ûngelokkich mei klimaat en libben dêr. It sintrale plot is lykwols dat har man wurk kriget by immen dy´t Saakje letter as kollaborateur út de oarlochstiid werkent. Dat jout spanning yn it houlik. Want Saakje wol de kollaborateur en syn frou leafst foar it gerjocht besykje te krijen, of alteast wol se ha dat har man de bannen mei de kollaborateur ferbrekt. De man Hotze / Howard wol der neat fan hearre, want dy hat in moaie baan, en boppedat, Kanada wurket net mei oan de ferfolging fan oarlochsmisdiedigers (sa´t it skynt). De man, dochs al wat in skimmige figuer, giet der dan sa mar op in dei mei in oare frou fan troch en lit noait mear wat fan him hearre. ...? In tongerslach by heldere himel.
   De haadpersoan Saakje suggereart dat der in link is tusken it mislearre houlik en it skeel oer de saak mei de kollaborateurs. Mar dy link wurdt nearne oannimlik makke. It bliuwt folslein ûndúdlik wêrom as Hotze / Howard der samar mei in oare frou fan troch giet, en wêrom er noait mear wat him hearre lit, noait mear de bern sjen wol, en sa fierder. Wylst dat no krekt krusjaal is foar it morele dilemma yn it boek, de relaasjeproblemen en de ferwurking dêrfan. Enfin, it boek giet dan fierder as in soarte fan meganysk deiboek fan de ûnopmerklike aventoeren fan Saakje. Wol is der by de haadpersoan it bewustwêzen dat se de problemen tefolle ferkringt, lykas normaal wie foar dy ginneraasje. Praten wie der net by. Ok, mar soks is yn twa sinnen sein. Fan de kollaborateurs wurde wy ek net wizer. Ha se spyt? Wêrom joegen se joaden oan? Libje se no as oppassende boargers? Yn dit boek sille wy it net gewaar wurde want Tiny Mulder giet alle spannende ûntjouwingen leafst út it paad.
  En hoe is dit opskreaun? Yn de saaiste foarm tinkber. Koarte sintsjes, sûnder it ferbale fjoerwurk dat ik út de gedichten fan Mulder koe. In stereotype fertelling, sûnder spannende útdjipping fan de karakters fan de “bad guys”, in ferhaal dat mar trochrattelet nei de ein.

Moraal
Wy wurde al wat gewaar fan de moraal fan Saakje /Sara. Dat is de kristlike moraal fan mids foarige ieu dy´t it leafst sa min mooglik saken ter diskusje stelle wol. Dêryn behurdet Sara / Saakje. At har dochter Beverley werom is fan in reis fan Europa, komt der in skokkend ferhaal oer it neakenstrân dêre. De mem is dan mar bliid dat de bern yn (konservatyf) Kanada opgroeie. En se skriuwt yn har skrift (want Sara fertelt it ferhaal fan har libben): ‘Bin ik dan ek in minske fan dizze tiid, no´t ik besykje alles op te skriuwen, neat efter te hâlden? Alles ûntraffelje, bleatlizze, gjin geheimen efter gerdinen, foar it ljocht mei mieningen en hâldingen fan Jan en Alleman. Is dat net wreed?’(101)
  ‘Wat?’  tink ik dan, ‘do alles bleatlizze? Mar do leist hielendal neat bleat! Wy wurde neat djips gewaar oer dy of oer oaren. Alles oan dy is stereotype: dyn leauwe, dyn omgong mei oaren, gjin sparkeltsje fan orisjinaliteit, fan fleur. En is it net wreder de wierheid ferburgen te hâlden en der in samling leagens foar yn it plak te stellen?’. Ja, hjir en dêr oppenearret him ek noch it kristlik leauwe fan de haadpersoan. Mar dat komt ek net fierder as it bekende geklei oer beproevingen dy´t miskien straffen foar sûnden binne. Oerflakkigens rûnom yn dizze roman. It kristendom wurdt ek net as wat djips belibbe, mear as in ding fan ‘sa binne wy grutbrocht’. Wol hie ik wat begrutsjen mei de haadpersoan om´t se har man net by har wei krije kin, net ferjitte kin dat er fuortrûn is. Mar dat meilijen raant wei as ik my realisearje dat it fertriet net is omwille fan de persoan Hotze, dy´t ommers folslein skimmich bliuwt, mar dat it fertriet is omdat de haadpersoan net slagge is yn it libben, dat wol sizze, net neffens it ideaalbyld fan har tiid libje kinnen hat. Net libbe hat sa´t se grutbrocht is, neffens de stereotype morele ymperativen fan de maatskippij fan it midden fan de tweintichste ieu. Nee, sokke farizeeërs hoecht men gjin begrutsjen mei te hawwen, sis ik tsjin mysels, en ik droegje my de eagen ...

Gjin sûnde om mislearre boek te skriuwen
As de haadpersoan de balâns opmeitsje sil fan har libben, troch te skriuwen, skriuwt se: ‘Noch ien kear myn paad lâns en dan noait wer. Hoopje ik.’ (42) Dat sille de bern en de bernsbern leuk fine om te hearren, dat ‘noait wer’. Soe men net leaver sa libje dat men jins libben hûndert kear oerdwaan wolle soe? Ik soe âlde freonskippen en famyljebannen alteast wol nochris op ´e nij belibje wolle. De haadpersoan fan Tiny Mulder har roman die it leaver net. It ferhaal fan in oerstallich libben.
  Aldergeloks is it gjin sûnde foar in skriuwer om in folslein mislearre boek te skriuwen. Want in skriuwer moat beoardield wurde neffens har bêste wurk, net neffens har minste. Ik herinnerje my Tiny Mulder leaver as de skriuwster fan dy wûnderlichte gedichten, dan as de produsint fan in oerflakkige stereotype dreechstinner as Saakje / Sara Blom.

Tiny Mulder In moaie leeftyd, (Friese Pers Boekerij, Ljouwert , werprinting 2004)

Griene tsiis (Johannes Beers) oer De Wuttelhaven del fan Steven H.P. de Jong

‘Sybe Douwe de Jong, de nationaal-socialistische hoofdredacteur van de Friesche Courant, schreef nooit weer. Hij stierf in 1951, maar anderen waren snel weer bezig’ , skriuwt Ype Schaaf koart oer ien fan dizze ferrieders. Wat him yn ’t foar ôfspile hat, wat fan gefolgen it ien en oar hân hat, dêr hoegde men yn de berneftige blidens fan de befrijing net oan te tinken.

Lês mear...