Sigrid Kingma, op dit stuit Dichter fan Fryslân, giet de kommende tiid yn op it wurk fan Huber. Foto: Diet Huber op in skoalle op De Pein (1990), kolleksje Tresoar.
Wa ken Tutte mei de linten net? Hast santich jier nei de earste printinge binne der tweintigers dy’t it titelgedicht út de holle wei opsizze kinne. It dichterskip fan Diet Huber begûn by De Friese Koerier, it deiblêd fan It Hearrenfean, dêr’t se in bernerubryk folle mei har poëzij. Dy gedichten binne yn 1955 bondele mei as titel Tutte mei de linten. Ik stel my foar dat yn de jierren sechstich alle Friezen it fers koenen. As famke koe ik it ek, want ik hie in lappepop dy’t op Tutte like. Us mem eksklamearre it fers wolris as ik mei de pop ompakte. Wy hienen de bondel net iens, mar se siet net fier fan de orizjinele tekst ôf, soe ik hast tweintich jier letter gewaarwurde doe’t ik it orizjineel ûntduts. In fers dat âlder is as ús heit, mar noch stiet as in hûs.
Tutte mei de linten
bûsfol sinten
bûsfol kattebrea
slofke blau, slofke rea
rok mei risseltsjes
prûk mei frisseltsjes
gatsjes yn ’e wanten
gatsjes yn ’e hoas
gatsjes yn ’e earen
gatsjes yn ’e noas
wolst net nei my hearre?
krûp mar yn ’e fearren!
goeiejûn
goeiemoarn
Tutte mei de linten
komt
der
oan!
Ien kear lêze en it sit yn de holle. Ik ûntduts yn de bondel noch folle mear fersen dy’t ik al koe, mar noch noait ûnder eagen hân hie, lykas Abe Sjipkop en De biezem en de bjinder. Wat bysûnder dat dy fersen by safolle minsken yn de holle sitte en sa’n lange tiid trochjûn binne. Dêr begûn myn fassinaasje foar Diet Huber. Har gedichten wienen presys wêr’t minsken op sieten te wachtsjen. As earste Fryske dichter weefde se ôf mei moralistyske ferskes en liet de nonsens dûnsje. Jant van der Weg stelde yn har promoasjeûndersyk dat Diet Huber sawol wat ynhâld as wat styl oanbelanget foar in feroaring yn de Fryske poëzij soarge hat. Dy stelling rôp by my de fraach op hoe’t de poëzij fan Diet Huber ferskilde mei de poëzij fan oare debutanten yn dyselde perioade. Dat waard in ûndersykje, myn bachelorskripsje foar de stúdzje Nederlânsk.
It wurk fan Diet Huber fertoant in grutte gearhing wat fantasyfigueren en typkes oanbelanget. Opfallend is ek dat de rigels koart binne en de gedichten net in soad rigels telle. Der wurdt gebrûk makke fan in wikseljend, mar dochs foarsisber rymskema dat soarget dat de folchoarder maklik te ûnthâlden is. De ynhâld falt it meast op. Yn hast al har gedichten wurdt in beskriuwing makke fan dingen dy’t yn werklikheid net kinne. In oar skaaimerk is dat der faak reizen en úthiemske folken yn foarkomme. Dat is bygelyks te sjen yn it gedicht De ûle, in fers dat tiids tosk net goed trochstien hat.
It gros fan har gedichten is net langer as tweintich rigels, en wannear’t dat wol sa is, sit der faak in soart refrein yn of oare foarm fan werhelling. De rigels hawwe gruttendiels deselde syntaksis, sadat der in patroan ûntstiet. Dat makket de gedichten tige ritmysk en gaadlik om bewurke te wurden ta in liet. Se makket gebrûk fan wikseljende rymskema’s om refreinen en kûpletten oan te jaan, mar ek om de yntonaasje te stjoeren. Om’t by har gedichten de rigellingte ferspringt, ûnderskiedt se har al by de earste oanblik fan tradisjonele dichters, dy’t strofeblokken mei fêste sinslingte oanhâlde.
Dekôr fan de jierren fyftich
Om de poëzij fan Diet Huber yn kontekst sjen te kinnen, is it wichtich om yn de perioade te dûken. Yn de jierren fyftich ûntjout de Fryske bernepoëzij har ta in folweardich literêr sjenre. Tusken 1945 en 1960 bart der in soad yn it fjild. Bernepoëzij fan foar de oarloch hie in pedagogysk karakter en tsjinne faak in edukatyf doel. De measte skriuwers wienen dan ek learaar of lid fan in Fryskbefoarderjende organisaasje. De oantruner fan Diet Huber, Fedde Schurer, wie in grut pleitbesoarger foar feroaring yn de skriuwwrâld, dy’t er útskreau yn syn ferneamde manifest ‘De bining forbritsen’. In Fryske skriuwer wie neffens him net per definysje in Frysk beweger. Dat wie by publikaasje yn 1946 noch gjin realiteit. Fiif jier letter wie Fedde Schurer wer de katalysator foar in feroaring yn de berneliteratuer. Mei troch Kneppelfreed yn 1951 kaam der yn 1955 in offisjele wet foar it gebrûk fan Frysk yn de trije leechste klassen fan it basisûnderwiis. Dat soarge derfoar dat de Fryske Beweging har wat deljoech. Fedde Schurer spilet in kaairol yn it skriuwerslibben fan Diet Huber en hat fan ûnmjitbere wearde west foar har ûntwikkeling as dichter.
Yn de jierren fyftich feroaret de doelstelling dy’t gearstallers fan sammelbondels hienen foar bernepoëzij oer, sa docht bliken út it promoasjeûndersyk fan Jant van der Weg. Yn Nederlân en Ingelân kamen mear publikaasjes mei as doel om bern te fermeitsjen yn plak fan te ûnderwizen. Dy feroaring yn it tinken oer bernepoëzij hat mooglik soarge foar in grutte oanwaaks fan dichters. De jierren fyftich hawwe de meast produktive jierren west foar de bernepoëzij yn de 20e iuw. Yn dat ramt wurde Diet Huber en Tiny Mulder sjoen as twa fan de meast fernijende debutearjende dichters. Sy doare it oan om te eksperimintearjen mei taal en in oare manier fan oanpak te hantearjen. Yn dy tiid wurdt de bondel Sprek mar ta yn it basisûnderwiis brûkt foar in jierlikse foardrachtskriich. Sûnt 1942 bestiet der ek in foardrachtskriich foar it fuortset ûnderwiis, dy’t yn 1968 foar it earst it FeRstival neamd wurdt mei it bondeltsje Fersefariaasje. Oanslutend op de foardrachtskultuer dy’t populêr wie, soenen noch in hiel soad yndividuele bondels mei ‘opsisferskes’ folgje.
Yn de perioade dat Diet Huber debutearre, wienen der 38 oare debutanten. Wat die Diet Huber konkreet dat oare dichters yn dy tiid net dienen? Foar dy ferliking ha ik de foardrachtsbondels foar basisskoallelearlingen yn de perioade 1954-1958 brûkt. Fan 37 begjinnende dichters is wurk opnommen. Sân gedichten fan Diet Huber binne yn dy foardrachtsbondels opnommen, trochstrings mear as fan oare dichters.
Meikoarten part twa.