Wilco Berga
Hauk en hazze (1993)
Sjenre: Proaza
- It digitale boek en ynformaasje oer de boarne besjen (website DBNL)
- Dit boek is as pod-útjefte te bestellen by útjouwerij Elikser
Oer boek en skriuwer
In man fan hast fjirtich dy’t jierren yn Amsterdam wenne hat giet werom nei Fryslân en set him nei wenjen op in pleatske oan de Sleattemermar. Hy wit eins net wat er wol. Syn iensumheid wurdt op twa wizen trochbrutsen. Hy skriuwt brieven oan froulju, oan Groesjenka foaral, in Russyske dy’t er yn Ruslân moete hat. En dêr is Geke, troch de man G neamd, in buorfamke mei wa’t er in soad oplûkt en mei wa’t er it boek ‘De vlucht van de havik’ al mar wer op ’e nij lêst. Sy is tolve jier as de man weromkomt en fjirtjin as Groesjenka, dy’t twa jier neat fan har hearre litten hat, nei Nederlân komt. Fan it stuit ôf dat Groesjenka der is, lit G har net mear sjen. Mar wol fine Groesjenka en de man hieltyd deade fûgels op it hiem en hy hat wol in fermoeden fan wa’t dy ôfkomstich binne. De novelle Hauk en hazze is Berga syn proazadebút, neidat er dêrfoar al toaniel en poëzij skreaun hie. It boek waard yn 1996 bekroand mei de Fedde Schurerpriis, de debútpriis fan de Provinsje Fryslân.
Dit boek yn de DBFL de earste printing út 1993.
Berga is erin geslaagd een gave novelle te schrijven, vol ingehouden spanning, over een volkomen natuurlijke vriendschap tussen een man en een meisje.
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite.
Hauk en hazze is in libbenswaarm ferhaal, ynhâlden skreaun, sûnder sentimintele effekten en prachtich fan sfear.
Piter Terpstra yn De Strikel
Yn syn jonge jierren kriget de haadpersoan fan Hauk en hazze te hearren dat er earst mar immen wêze moat as er meiprate wol. Immen – en dus net nimmen – wêze, sa soe it tema fan Berga dyn nijste literêr produkt omskreaun wurde kinne.
Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant
Wilco Berga (1947) is in alsidich keunstner. Hy folge de Academie Minerva yn Grins en rjochte him dêrnei earst op skilderjen. Pas yn de jierren tachtich begûn er ek te skriuwen: toniel, poëzij en romans. Ferbûnens mei it Fryske lân en lânskip oan de iene kant en opstannigens, ûnrêst en sucht nei avontoer oan de oare kant binne konstanten yn syn wurk.