Jetske Bilker
Imitaasjelear (1988)
Sjenre: Proaza
- It digitale boek en ynformaasje oer de boarne besjen (website DBNL)
- Dit boek is as pod-útjefte te bestellen by útjouwerij Elikser
Oer boek en skriuwer
Anke Stevens is yn in beskerme milieu grutbrocht dêr’t ‘it kristlik leauwe it fûnemint is’ fan it bestean. Se wol har net deljaan ûnder it gesach fan har âlden en ûnder ynfloed fan har hertsfreondin Margreet skuort se har los út it fermidden fol beheinings. Op har reis nei folwoeksenens lit se in spoar fan mislearre relaasjes nei. Se wit net hoe’t se har bine moat en flechtet fan de iene relaasje yn de oare. Se brekt net allinne mei thús mar letter ek mei har âlde freonen. Se komt úteinlik sels ta de ûntdekking dat se mei har Margreet brekke moat. Jetske Bilker hat foar har debútroman in nijsgjirrige struktuer keazen, mei in ferdieling yn twa parten, wêrby’t it twadde part in soarte fan spegeling foarmet fan it earste. Se krige yn 1990 de Fedde Schurerpriis foar Imitaasjelear.
Dit boek yn de DBFL is de earste printing út 1988.
Imitaasjelear bringt de iensumheid, doelleazens en ûnwissens fan in opgroeiend famke tige skerp oer.
Jitske Kingma yn Trotwaer
Jetske Bilker skriuwt goed, soms mei humor en snedige waarnimming.
Anne Wadman yn Frysk en Frij
Jetske Bilker is bysûnder goed yn de beskriuwing fan de gewoane deistige dingen, sûnder dêrmei yn it nearzige realisme te ferfallen dat sa faak it skaaimerk is fan jonge Fryske skriuwers
Jelma Knol yn Hjir