W. Cuperus
Swart mar leaflik (1949)
Sjenre: Proaza
- It digitale boek en ynformaasje oer de boarne besjen (website DBNL)
- Dit boek is as pod-útjefte te bestellen by útjouwerij Elikser
Oer boek en skriuwer
De roman Swart mar leaflik spilet oan ’e Fryske noardkust. Swarte Jantsje hat de minne eigenskippen fan har heit urven, mar ek de goede fan har mem. Har wize fan libjen falt ferkeard by de minsken om har hinne, mar se is sterk en moedich. It boek jout in goed byld fan in sletten mienskip yn ’e twadde helte fan de 19de ieu. De skriuwer wiist de maatskiplike misstannen oan as oarsaak fan it soms frijwat ûnotterdokse hâlden en dragen fan Swarte Jantsje.
Dit boek yn de DBFL is de tredde printing út 1998, ferskynd yn de rige Fryske Klassiken ii, mei in neiwurd fan Tineke Steenmeijer-Wielenga.
Swart mar leaflik is net in klassyk literêr wurk, mar wol in populêr en aardich folksboek.
Jabik Veenbaas yn de Leeuwarder Courant
Cuperus was onder de schrijvers van het genre van de eenvoudige streekroman een van de besten.
Tiny Mulder yn Literair kwartier fan de RONO
Watse Cuperus (1891-1966) wenne syn hiele libben yn de Noardeasthoeke fan Fryslân. As boere-arbeider, winkelman en letter meteropnimmer ferkearde er mei de gewoane minsken. Hy ûntjoech him ta in sosjaalfielend en striidber folksferteller, dy’t syn skriuwerskip as in ropping en in opdracht beskôge.