Hylkje Goïnga
Frijende kikkerts (1985)
Sjenre: Proaza

Oer boek en skriuwer

Hylkje Goïnga fertelt yn Frijende kikkerts op in hast achteleaze wize it emosjonele ferhaal oer de striid fan Martha yn de relaasje mei har man. Hy hat gjin wiere oandacht foar har en is har ûntrou. Sa komt sy yn in krisis telâne. As se him op in dei in koarkelûker yn it boarst draaie wol om te sjen oft syn hert noch wol foar har kloppet, lit hy har opnimme yn in ynrjochting. Troch it relaas dat sy oan de minsken fan de klinyk fertelt kriget de lêzer ynsjoch yn de foarskiednis en yn wat Martha besielet. Se fynt har selsbetrouwen werom en slagget deryn om fan him los te kommen. It boek ferskynde foar it earst yn 1986.

Dit boek yn de DBFL is de twadde printing út 2010.

Frijende kikkerts is in roman dy’t ynearsten frij ienfâldich eaget mar dy’t safolle djipgong hat en sa raffinearre yn inoar stekt dat men sprekke kin fan in hichtepunt yn it wurk fan Goïnga en in oanwinst foar de Fryske literatuer

Hans Westra yn Trotwaer

Vrijende kikkers is een diep ontroerend boek dat tegelijk ook een lach kan doen opborrelen. De intrieste wereld van Martha wordt geen kommer-en-kweldrama, maar door de bizarre opmerkingsgave en verteltrant van Martha een verhaal dat ongelofelijke indruk maakt.

Nieuwe Dockumer Courant

Hylkje Goïnga (1930-2001) wurke yn de sûnensfoarljochting op skoallen. Se begûn al jong te publisearjen en wie desennia lang redakteur fan it moanneblêd De Strikel.

Mei har bydragen oan dat blêd waard se bekend as skriuwster fan koarte ferhalen. Se debutearre yn 1971 mei de ferhalebondel Jantsje, ja heit…. Har ferhalen geane altyd oer Martha, dy’t tekene wurdt yn har besykjen om har selsstannichheid en spontaniteit oerein te hâlden, earst yn de relaasje mei har eigenikkige man Jaap, dêrnei as allinnesteande frou. Goïnga skeau yn in direkte styl en har ferhalen hiene bytiden in bizar ferrin.