Teatse Eeltsje Holtrop
De wylde boerinne en oar wurk (1915)
Sjenre: Proaza

Oer boek en skriuwer

Boerinne en widdofrou Broersma jout har buorman Lammers blau, in lyts en ûnsjoch mantsje, mar wol boer op in grutte pleats. As wraak ûntseit Lammers har it rjocht fan reed, foar frou Broersma needsaaklik as ferbining mei de bûtewrâld. It konflikt tusken beide graniten karakters wurdt pas beslikke mei de dea fan beiden. De wylde boerinne fan Teatse E. Holtrop wurdt beskôge as syn masterwurk yn proaza. It ferhaal waard al yn 1915 publisearre yn Swanneblommen mar pas sechtjin jier letter as in novelle yn boekfoarm útjûn. In Hollânsktalige oersetting waard bekroane mei de haadpriis yn in wedstriid fan it literêre tydskrift De Gids. Yn 2007 ferskynde De wylde boerinne by útjouwerij Perio as stripferhaal. Dit boek yn de DBFL is de earste printing fan de sammelbondel út 1979, mei in ynlieding fan besoarger Jacobus Knol. De tekst is yn de ‘âlde stavering’.

'De tipearring fan de boerinnne en fan har tsjinspylder, buorman Lammers, tsjûgje fan it fermogen fan de skriuwer om him yn te libjen yn dizze ûnfersetlike figueren. It miljeu dêr’t se yn libje krijt in heldere tekening'. (Tiny Mulder yn it Friesch Dagblad)

'Opzet en afloop van het verhaal, dat maar ruim dertig bladzijden telt, zijn zo fascinerend, dat men het nooit meer vergeet. Het behoort tot het beste proza dat ooit in het Fries is geschreven'. (Pieter Terpstra yn it Nieuwsblad van het Noorden)

Teatse Eeltsje Holtrop (1865-1925) waard berne yn Drylts. Hy waard letter skoalmaster yn syn berteplak. Al op jonge leeftyd hie er niget oan de literatuer yn ferskate talen en dreamde er derfan ienris in grut skriuwer te wurden. Nettsjinsteande syn ienlik bestean en pleage troch dranksucht hat Holtrop in literêre produksje neilitten dy’t de tiid treast blykt te wêzen.