Jan Tjittes Piebenga
Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (1938)
Sjenre: Non-fiksjea
- It digitale boek en ynformaasje oer de boarne besjen (website DBNL)
- Dit boek is as pod-útjefte te bestellen by útjouwerij Elikser
Oer boek en skriuwer
De earste printing fan Jan Piebenga syn ‘Koarte skiednis’ ferskynde yn 1939. It wie it earste folsleine skiednisoersjoch fan de Fryske literatuer en ûntstien út de praktyk fan it lesjaan. De skriuwer woe mei syn boek benammen leafde en nijsgjirrigens opwekke foar de Fryske literatuer en syn skiednis, sadat de lêzers de stap sette soene en lês it wurk fan de skruwers sels. It boek is tige ferheljend fan opset en jout rom omtinken oan persoanen en omstannichheden. It besiket elke Fryske skriuwer in plakje te jaan, ek dyselden dy’t fan it twadde of tredde plan achte waarden: ‘Sûnder ferachting foar it lytse, it gruttere it him takommende plak te jaan, én, elk lûd gear te foegjen yn it ferbân fan de moedsume wrakseling om it eigen folksbestean, dat habbe de liedende tinzen west by de gearstalling fan dit wurkje’. Literatuer en taalbeweging as twa kanten fan deselde medaille. Piebenga wie 28 jier doe’t er it boek skreau. Syn generaasjegenoaten liezen it as in meislepende histoaryske roman. Yn 1957 ferskynde de twadde útwreide edysje. It boek foel der doe minder goed yn omdat de grutte feroaringen fan nei 1945 misten. Dat nimt net wei dat it foar de stúdzje fan de âldere literatuer noch altyd in weardefolle boarne is.
Dit boek yn de DBFL is de twadde edysje. De tekst is yn de ‘âlde stavering’.
Treflike skets fan de Fryske literatuer yn it ramt fan it geastlik libben.
[…]
As it der op oankomt giet it folle mear oer minsken as oer boeken.
[…]
Piebenga’s oardiel en wurdearring binne foar in part beskaat troch syn literêre smaak, in ding dêr’t no ienkear mar min oer te striden falt. Om dêr dochs yn it koart wat fan te sizzen dit: hy makket earne de ûnderskieding fan ‘potinsje’ en ‘prestaasje’. Ryklik de mjitte fan ’e oandacht en de wurdearring krije by Piebenga de minsken mei hertstocht, mei felle begearten, mei demony, mei oanstriid ta it grutte, ek as al dy eigenskippen swak of ûnoannimlik yn it wurk, de prestaasje reälisearre binne. Sa komt bygelyks Windsma yn it skaad te stean by Salverda, en wurdt der bygelyks navenant te lang stilstien by Gerben Postma en Hof.
[…]
Yn in noat by Pyt van der Burg polemisearret er mei Wadman en ferwyt dy oerskatting fan de nei-oarlochske generaasje yn syn wurk Frieslands dichters. By Piebenga slane de skealjens de oare kant wol wat oer, as er bygelyks samar by Wadmans lyryk lâns glydt, of net komt op ’e literêre prestaasje yn b.g. Wybenga’s Amoeben.
Poortinga yn de Leeuwarder Courant
Men wordt hier voorgelicht door een deskundige, die, weliswaar gedreven door de liefde voor Friesland, maar toch voorzichtig en zo objectief mogelijk, de veelsoortige uitingen van de menselijke geest op literair gebied op hun juiste waarde tracht te schatten. Uiteraard is zijn visie persoonlijk.
B.W. van Klaarbergen yn Levende talen
Jan Piebenga (1910-1965) wie ûnderwizer en waard nei de oarloch haadredakteur fan de Ljouwerter Krante. As jonge lies er alle Frysk literêr wurk dat er mar krije koe en syn earste artikel ferskynde al doe’t er noch mar sechtjin jier wie. Piebenga hie in romantysk-idealisearjende ynslach as it om it Frysk en de Friezen gie. Hy siet yn it begjinjier 1946 yn de redaksje fan De Tsjerne, mar woe dat dêrnei net kombinearje mei syn wurk foar de krante.