Durk van der Ploeg
De jacht (1988)
Sjenre: Proaza

Oer boek en skriuwer

Dizze roman spilet foar it grutste part te Ealsum, in doarpke efter Dokkum. Former Bloemkamp komt werom nei syn bertedoarp as breafisker, jager en mollefanger. By de Ealsumers leit er der al gau út, om’t er eigensinnige wegen giet. Syn tsjinspiler is Lútsen Idsardi, in idealist, mar tagelyk in labyl figuer, dy’t maatskiplik rûnom mislearret. In slepend konflikt tusken Former en Lútsen einiget op befrijingsdei 1945 yn in drama.

De roman De Jacht ferskynde foar it earst yn 1988 en wie doe al de sande roman fan Van der Ploeg. Mei it boek berikte er in breed lêzerspublyk. It is de earste fan de fjouwer romans dy’t yn de oarloch yn de Dongeradielen spylje.

Dit boek yn de DBFL is de earste printing út 1988.

Yn it beskriuwen fan it lânskip en it skreppen, wrotten en bealgjen fan de lytse man is Van der Ploeg in master, ek wat syn taalgebrûk oanbelanget.

Dick Eisma yn de Leeuwarder Courant

Yn dizze roman is in sterke ûnderstream fan universele dramatyk oanwêzich. De Jacht soe as útgongspunt tsjinje kinne foar in Fryske spylfilm.

Eppie Dam yn Frysk en Frij

It ferhaal fan Former, Hibke en Lútsen draacht it hiele boek op natuerlike wize en hâldt de gong deryn oant op de lêste side.

Sybren Sybrandy yn Trotwaer

Durk van der Ploeg waard yn 1930 berne yn Hoogkarspel (NH). As jonkje fan trije jier kaam er mei syn âlden nei Ealsum. Hy folge in oplieding ta typograaf en waard letter redakteur by de Leeuwarder Courant. Durk van der Ploeg is ien fan de meast produktive Fryske skriuwers, meast proaza, mar ek poëzij.