Pieter Terpstra
Fjouwer minsken yn in stêd (1956)
Sjenre: Proaza

Oer boek en skriuwer

Dizze roman folget it libben fan fjouwer ynwenners fan Ljouwert: in al wat âldere rjochter, in winkelfamke en in jongfeint, beide krekt yn de tweintich, en in famke fan tsien. Yn it earstoan lykje hja frij willekeurich keazen te wêzen, mar de fjouwer libbens binne op in fernimstige wize mei elkoar ferfrissele. Fjouwer minsken yn in stêd wie yn 1956 de earste Fryske literêre roman fan Piter Terpstra. It boek foel op troch it hyltyd wikseljende filmyske perspektyf, dat de lêzer út fjouwer eachhoeken wei in hiel stik eigentiidsk stedslibben meimeitsje lit.
Dit boek yn de DBFL is de tredde printing út 1995, ferskynd yn de rige Fryske Klassiken i. It neiwurd is fan Tineke Steenmeijer-Wielenga.

Ik geloof zonder aarzelen te kunnen zeggen: De beste Friese roman die de laatste jaren het licht heeft gezien. Maar ook een roman die bij een deel van het romans lezend publiek zekere morele weerstand zal oproepen en aanleiding zal geven tot het stellen van die in Friesland niet zeldzame vraag: Waar gaan we héén op deze manier?

Anne Wadman yn Literair kwartier fan de rono.

Wat wol nei foaren kaam by it nei sa’n skoft wer lêzen, is de feroaring fan it tiidsbyld. [...] Wat bliuwt is it setten fan de fjouwer haadpersoanen yn it grutte ramt fan alle minsken en alle tiden: [...] minsken mei mooglikheden dy’t krekt efkes te lyts binne, en dreamen dy’t nea hielendal útkomme...

Rients de Boer yn it Friesch Dagblad


Piter Terpstra (1919-2006) waard berne te Ljouwert. Al betiid bliek syn niget oan skriuwen en nei de oarloch ûntjoech er him as selsstannich sjoernalist. Hy skreaun in grut tal boeken, sawol gelegenheids- en tinkboeken yn opdracht as literêre romans. Hy waard bekend as de fuortsetter fan de rige detectives fan Havank.