Akky van der Veer
Swart op wyt (1985)
Sjenre: Proaza

Oer boek en skriuwer

Femke is de dochter fan Ida, in net-troude mem dy’t har krige doe’t se santjin wie. Wa’t har heit is wit se net, en Ida wol it net fertelle. Femke groeit op by Beppestyn, de mem fan Ida dy’t it te drok hat mei har wurk. As famke fan sechtsjin begjint Femke ‘yn opdracht fan har horoskoop’ in deiboek te skriuwen. Dêr docht se ferslach yn fan de syktocht nei harsels, mei alles wat in puber dwaande hâldt. Beppestyn hat in kosthûs en Femke en de trije kostgongers groeie op as in húshâlding . Op har jierdei kriget se fan har mem de plaat ‘Love over gold’ fan Dire Straits. It byld dêrút fan it balansearjen op it smelle koard bliuwt it hiele boek fielber en hâldt de spanning  deryn. As Femke har oarepake kontakt mei har siket komt se te witten wat mem net fertelle woe. Dat jout har grûn ûnder de fuotten en iepenet it kontakt mei Ida..

Fan Swart op wyt ferskynde in Nederlânske oersetting.

Dit boek yn de DBFL is de earste printing út 1985.

It boek is tige lêsber troch de humor en de linige taal dêr’t de problemen mei delset wurde. [...] Ditsoarte boeken lit jonge minsken fiele, dat ek Fryske boeken bydetiid wêze kinne. (Jant van der Weg yn it Friesch Dagblad)

De stijl is niet echt die van een dagboek. Daarvoor wordt er te uitgebreid en te vaak naar het verleden teruggegrepen. Van der Veer schreef meer een ik-verhaal, dat is ingedeeld in elf opeenvolgende dagen. In de toon overheersen afstandelijkheid en een droge soort humor. [...] Het is deze terloopsheid en nuchtere Friese instelling die Zwart op wit  behoedt voor melodrama... (Bregje Boonstra yn de NRC)


Akky van der Veer (1943) waard berne yn Moarmwâld. Se folge de oplieding foar ûnderwizeres en helle de akte Frysk mû-a. In tal jierren stie se yn Snits foar de klasse. Nei har trouwen mei fotograaf Henk Kuiper (1940-2005) wenne se yn it Marsumer Aldlân. Se skreau jeugdboeken, in oantal tegearre mei Baukje Wytsma, en twa histoaryske romans.