Anne Wadman
De smearlappen (1963)
Sjenre: Proaza

Oer boek en skriuwer

De smearlappen is de iepenhertige bycht fan in jonge frou, Deboara Eelkje Lyklama Taconis. Sy langet nei frijheid en fiere fierten, mar sit fêst yn it benearjend fermidden fan har âldershûs. Mem libbet net mear, se is iennichst bern en heit, in ‘gelearde boer’,  giet hielendal op yn syn genealogyske hobbys. Op in jûn komt in jongkeardel oan de doar om in ammerke molke. It is Wilte Akkerbol, ien fan fjouwer bruorren dy’t mei har skip yn de buert lizze om in kanaal út te baggerjen. Eelkje slacht him oan de heak mar wurdt it slachtoffer as de bruorren har der mei bemuoie. Har heit blykt by einsluten de grutste smearlap.

Doe’t yn 1963 it boek De Smearlappen foar it earst ferskynde, joech dat gâns opskuor yn Fryslân. De roman foarme in trochbraak yn de Fryske literatuer, omdat dêr betreklik frijmoedich en ûntheisterjend yn praat waard oer seks en soks wie men doe net wend. It boek waard in bestseller en is mei rjocht in klassiker wurden. In Nederlânske útjefte ferskynde by Bruna en de ‘resepsje’ fan de roman wie ûnderwerp fan de dissertaasje fan Babs Gezelle Meerburg. By de sechsde printing [by fersin sa oanjûn yn kolofon, moat 7de wêze] makke Gerrit Breteler, op fersyk fan de auteur, in oantal illustraasjes.

Dit boek yn de DBFL is de sechsde printing [=7de] út 1983.

'Hjir sprekt de stimme fan in boargerlik moralisme, dat it net om begripen, mar om feroardieljen, om ferdommen, en tagelyk om gnuven te rêden is'. (Fedde Schurer yn de Friese Koerier yn 1963)

'De smearlappen, troch guon Fryske kritisy net sûnder ôfgrizen ferwolkomme, hat yn hollânske literêre rûnten sûnder útsûndering in tige wurdearjende parse krige'. (Freark Dam yn de Drachtster Courant)

'Een hard verhaal. Ik kan mij levendig voorstellen dat veel Friezen met dit donkere realisme niet bijster gelukkig zijn'. (Gabriel Smit yn de Volkskrant)

'Een eerlijk en door zijn eerlijkheid ook een gezond boek, dat onbetwistbaar onze belangstelling verdient'. (H.L yn De Volksgazet)

'It giet yn De smearlappen om in pear problemen dy’t har rûnom foardogge en ek yn Fryske boereromans wol as tema brûkt binne: it ferwaarloazge bern, it misbrûkte fanke. [...] Wat my it meast boeid hat by it op ’en nij lêzen fan De smearlappen is de styl fan skriuwen. Wadman hâldt konstant de gong deryn, mei in treflike ôfwikseling fan woede, fertriet, sarkasme, spot, selsspot, allegearre to the point ferwurde en krekt dosearre'. (Tiny Mulder oer de seisde printing yn it Friesch Dagblad)

'Eelkje is op syn minst fyftich prosint skuldich oan it drama en ik leau dat dat by Wadman it revolúsjonêre is, dat De smearlappen sa populêr makke hat. Eelkje is in geile boeredochter en dat mocht net yn de Fryske eroatyske tradysje (Kloosterman, Brolsma)'. (Steven H.P. de Jong yn Ta in hichte of de balke yn eigen each)

Anne Wadman (1919-1997) joech al ier bliken fan syn niget oan muzyk, literatuer en it Frysk. Hy studearre Nederlânsk oan ’e Universiteit fan Amsterdam en wurke lange tiid by it ûnderwiis. Hy waard ien fan de meast produktive Fryske skriuwers en kritisy. Twa kear krige er de Gysbert Japicxpriis, yn 1952 en 1989. Hy seach himsels lykwols net as in suksesfol skriuwer. Joke Corporaal socht út hoe’t dat kaam yn in stúdzje oer syn libben oant 1963, mei as titel Grimmig eerlijk, ferskynd yn 2009.