Koart oersjoch fan de literêre prizen

De Diet Huberpriis is in trijejierlikse priis foar yllustratoaren fan Fryske berneboeken, dy’t útrikt wurdt troch Stifing Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD).

De priis is neamd nei (berneboeke)skriuwster en yllustratrise Diet Huber (1924-2008), bekend fan û.o. it faak werprinte Tutte mei de linten (1955; 12e printinge 2012). De priis sil fan 't hjerst foar it earst útrikt wurde.


De Diet Huberpriis sil takend wurde oan de makker fan de bêste yllustraasjes fan in yn boekfoarm ferskynd Frysk berneboek. It giet dan om yllustraasjes fan boeken foar bern oant en mei 12 jier dy’t ferskynd binne yn de trije jier foarôfgeand oan de priisútrikking. De trije leden fan de sjuery binne assistint-konservator fan Museum Belvédère Susan van den Berg, byldzjende keunstkenner Margaretha Cats en berne- en jongereinboekeskriuwer Dolf Verroen. It leit yn de bedoeling dat de sjuery foar 1 septimber mei in advys komt en dat de priis yn oktober feestlik útrikt wurde sil.

De priis, besteande út in bedrach fan € 2000,- en in oarkonde, sil ienris yn de trije jier takend wurde en is yn it libben roppen troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), dy’t foar dit doel in anonime skinking krigen hat.

Ynformaasje Stifting FLMD.

Priiswinners oant no ta
2022
Winner: Mirjam van Houten foar By beppe útfanhûs
Sjuery: Susan van den Berg, Margaretha Cats en Dolf Verroen
Priisútrikking: 20-10-2022 yn museum Belvédère te Oranjewâld
Sjueryrapport
Tankwurd Mirjam van Houten
Taspraak Anna Hart