Koart oersjoch fan de literêre prizen

De Rink van der Veldepriis is in twajierlikse priis foar oarspronklik Frysk proaza, dy’t útrikt wurdt troch Stifing Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en de gemeente Smellingerlân.

De priis is yn 2004 foar it earst útrikt troch de gemeente Smellingerlân en útjouwerij Friese Pers Boekerij. Nei't de Friese Pers Boekerij yn 2017 fallyt rekke, hat de stifting FLMD de ferantwurdlikheid fan de útjouwerij oernommen.

De priis is ornearre foar oarspronklik en nij Frysk proaza, dat as in selsstannige boekútjefte (roman, ferhalebondel of novelle) ferskynd is. It is in literêre priis dy’t bedoeld is foar de proazasjenres dy’t Rink van der Velde beöefene hat, lykas de roman of it koarte ferhaal; it kin dus net gean om bygelyks poëzy, jongereinboeken of toaniel. It moat boppedat gean om in boek dat literêre kwaliteit kombinearret mei in tagonklike skriuwstyl, wêrtroch (nei ridlike ferwachting) it boek oantreklik is foar in yn de Fryske ferhâldings breed publyk.

De priis bestiet út in byldsje, makke troch byldzjend keunstner Anne Woudwijk fan Drachten, en in jildbedrach fan € 2.000,-. De útrikking fan de priis wurdt holden op of om de bertedei fan Rink van der Velde hinne (18 juny) by de Skriuwersarke op De Feanhoop. Dy arke wie earder yn besit fan Van der Velde en wurdt alle simmers ôfhierd troch Stifting FLMD, om sa skriuwers dêr ferbliuwe te litten. Mei de útrikking fan de priis wurdt tagelyk bekendmakke wa't dat jier tydlik ferbliuwe meie yn de arke.

Ynformaasje Stifting FLMD.

Priiswinners oant no ta
2022
Winner: Leo Popma - It sket fan Toussaint
Sjuery: Marijke de Boer, Gerrit Breteler en Ale S. van Zandbergen
Priisútrikking: 18-06-2022
Sjueryrapport
Nominaasjes: gjin

2020
Winner: Johan Veenstra - Vroeger is veurgoed veurbi'j
Sjuery: Joukje Aardema, Nynke Andringa, Koos Tiemersma
Priisútrikking: 14-07-2021 (fanwege covid in jier letter as dat it plan wie)
Sjueryrapport
Tankwurd Johan Veenstra
Nominaasjes: gjin

2018
Willem Schoorstra - De nacht fan Mare
Sjuery: Andries van Weperen, Alian Akkerman-Hofstra en Janny Bottema-de Jong
Priisútrikking: 15-06-2018
Sjueryrapport
Nominaasjes: Willem Schoorstra, Geart Tigchelaar en Nyk de Vries

2016
Anne Feddema - De triennen fan Cheetah
sjuery: Meindert Reitsma (foarsitter), Tsjitske Madison-Snel, Siets Ypenga, mear >>
priisútrikking 17-2-2016
sjueryrapport
Nominaasjes

2014
Ale S. van Zandbergen - Littenser Merke
sjuery Tryntsje van der Steege (foarsitter), Tessa Blauw, Forina van der Zee, mear >>>
priisútrikking 19-2-2014
sjueryrapport
Sietse de Vries yn LC 20-2-2014
foto Jilmer Postma yn LC 20-2-2014
mear foto's op wâldnet.nl 19-2-2014
Nominaasjes

2012
Ferdinand de Jong - It dak fan de wrâld
sjuery Symen Schoustra (foarsitter), Karen Bies, Geertrui Visser
priisútrikking 15-2-2012
sjueryrapport
Sietse de Vries yn LC 16-2-2012
foar foto's wâldnet.nl
Nominaasjes

2010
Arjen Terpstra - De hearen fan Fryslân
sjuery Sjoerdtsje Veenstra (foarsitter), Pier Bergsma, Sjoerd Ybema
sjueryrapport
priisútrikking 17-2-2010

2008
Auck Peanstra - Sitebuorren, myn eigen paradys
sjuery Jannie van der Kloet (foarsitter), Miranda van Kralingen, Immie Tappers
sjueryrapport
priisútrikking 20-2-2008
webside gemeente

2006
Harmen Wind - It ferset
sjuery Aly van der Mark (foarsitter), Joop Douma, Hinke Wiersma
sjueryrapport
Gerbrich van der Meer yn it FD 23-2-2006
ferslach yn LC 23-2-2006

2004
Koos Tiemersma - De ljedder
sjuery Rena Wagenaar (foarsitter), Gurbe Douwstra, Aly Dijk
sjueryrapport
priisútrikking 25-2-2004