Oersjoch literêre prizen op sirkwy

Op 22 septimber 1955 waard yn it gemeentehûs fan Mantgum foar de earste kear in Rely Jorritsmapriis útrikt. Njoggen Fryske skriuwers en dichters waarden bekroand. Dat wie it begjin fan in rike tradysje dy’t oant hjoeddedei trochrint.
De priis is ynsteld troch Rely Jorritsma (1905-1952), in boeresoan út Jellum. Yn syn testamint hie er fêstlizze litten, dat der in fûns stifte wurde soe om syn neilittenskip te behearen.

De fruchten dêrfan moasten ynset wurde as prizejild foar priisfragen foar koarte ferhalen en fersen yn it Frysk. Jorritsma hie de organisaasje yn earsten tabetroud oan De Fryske Bibleteek, mar der fuortendaliks al rekken mei hâlden dat der wolris in ein komme koe oan de warberens fan dy organisaasje. As twadde kolleezje om it Rely Jorritsma Fûns te bestjoeren waard yn it testamint de gemeente Baarderadiel oanwiisd ‘of welk openbaar lichaam daar ooit voor in de plaats mocht komen’. Nei de gemeentlike weryndieling fan 1985 naam de nije gemeente Littenseradiel de ferantwurdlikheid oer. Doe't dy gemeente mei yngong fan 1 jannewaris 2018 opgie yn oare gemeenten naam de gemeente Ljouwert, dêr't Jellum no yn leit, de priis op 'e noed en is de útfiering oerdroegen oan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD).

Foar mear ynformaasje, sjoch de side fan Stifting FLMD.
Sjoch ek Pieter de Groot, LC 30-09-2016

Oersjoch priiswinners

In blomlêzing út de publisearre fersen fan Rely Jorritsma, mei achteryn in list fan priiswinners oant en mei 2013: Myn sang is fan it âlde hûs.

Foar in oersjoch fan de útslaggen nei 2013: sjoch Priiswinners 2014 en letter.

Priiswinners oant no ta

It oersjoch hjirboppe jout it bekroande wurk, de publikaasjes, it tal ynstjoeringen, de plakken en data fan de priisútrikkingen en de gearstalling fan de karkommisjes.

De priis is fan 1955 ôf alle jierren útrikt, der wie altyd op syn minst wol ien priiswinner; it maksimum fan tsien prizen kaam ek in pear kear foar. Yn 2004 is de Rely Junior ynsteld foar ynstjoerders tusken 12 en 18.

Betiizjend is dat de prizen dy't útrikt binne tusken 1955 en 1979 oantsjut wurde mei it jier fan útskriuwen, dat is it foargeande jier. De 'Rely Jorritsmapriis 1958' is dus útskreaun yn 1958 en útrikt yn 1959. 
Fan 1980 ôf is mei dy gewoante ophâlden. Yn augustus 1979 binne de prizen fan de priisfraach oer 1978 útrikt, yn oktober 1980 de prizen fan de priisfraach oer 1980. Sa ûntstie der dus in brek yn de oantsjuttingen, ek al waard de priis wol alle jierren útrikt.

Ien en oar hat te krijen mei it prizejild. De rinte dy't wûn wurdt oer it jier foarôfgeand oan de útrikking beskiedt it prizejild. Yn it oersjoch is oansletten by hoe't de prizen oantsjut binne.

Rekkene neffens it tal priisútrikkingen is yn 2015 de 65ste priisútrikking.

Yn 1993 ferskynde as nûmer 6 yn de rige 'Byskriften' fan it Frysk Letterkundich Museum Myn sang is fan it âlde hûs, in blomlêzing út de publisearre fersen fan Rely Jorritsma mei in ynlieding oer syn libben en wurk, de tekst fan syn testamint en in oersjoch fan de Rely Jorritsmapriiswinners tusken 1954 en 1993. De pdf waard oant en mei 2013 bywurke mei de resinte gegevens.

Mear oer Rely Jorritsma

Fan heitekant kaam Rely Jorritsma út in fermogende boerefamylje fan stúdzje en artistike oanlis. Syn mem hie Dútske âlden en kaam fan Diepenveen. Hy hie ien jonger suske en krige gjin bern. Rely folge de hbs en die yn 1924 eksamen yn Nijmegen, dêr’t syn âlden hinne ferhuze wiene. Dêrnei studearre er in skoftke Nederlânsk yn Nijmegen en letter yn Amsterdam, waard ein jierren tweintich yn Utert aspirant-sjoernalist by it Utrechts Dagblad en wurke as volontêr by boekhannel Broese. Fan 1931 ôf hie er gjin echte baan mear. Hy lei him út op skilderjen en tekenjen, folge opliedingen op ferskate plakken en hie in ûngeduerich bestean. Hy hie multiple sclerose. Yn 1950 koe er net mear sûnder ferpleging, earst yn Oranjewâld, oan de ein fan syn libben yn Ressen by Nijmegen.
Fan 1924 ôf ferskynden fersen fan him yn de Fryske tydskriften, yn totaal sa’n 170. It kaam net ta in bondel, hoewol’t er wol mei plannen omrûn. Yn 1946 ferskynde wol in bondel mei Nederlânsktalige fersen. Dat wie gjin sukses, nei twa jier bea it it boekje fergees oan oan wa’t it mar ha woe.
Rely Jorritsma hie argewaasje fan de literêre prizen dy’t nei de oarloch troch Fryske tydskriften útskreaun waarden. It prizejild fûn er te skiterich. Hy bea oan prizejild beskikber te stellen, as er sels yn de sjuery sitte mocht. Dat slagge net. Nei it foarbyld fan oaren moat er op it idee kommen wêze syn besit ûnder te bringen yn in fûns dat literêre prizen takent.

Wiidweidiger biografyske skets

[pleatst 03.07.2014 / oanpast 04.03.2019]