Koart oersjoch fan de literêre prizen
De Piter Jellespriis is de literêre priis fan de stêd Ljouwert, neamd nei de yn Ljouwert berne dichter-steatsman Piter Jelles Troelstra (1860-1930). De twajierlikse priis waard ynsteld as de kulturele priis, ‘om bar foar Fryske en foar Hollânske aktiviteiten’. Yn it begjin bestie de priis út in oarkonde en in bedrach fan tûzen gûne.
Yn 1992 rekke de priisútrikking yn it slop en yn 1993 drige de priis sels fuortbesunige te wurden. Mar it tij kearde en yn 1994 naam de gemeente it beslút in syklus fan fjouwer ferskillende kultuerprizen yn te stellen (LC 31-08-1994). It prizejild gie omheech nei 5000 gûne. De nije regeling gie yn 1995 yn en earst yn 1997 kaam de Piter Jellespriis wer oan bar.
Kultuerwethâlder Ap Timmermans woe 'yn in fleach fan emansipaasjedriuw' de namme fan de priis noch feroarje yn 'Nynke van Hichtumpriis' (LC 09-12-1994) mar kaam nei in pear wike letter op werom (LC 24-12-1994).
Mei komst fan de euro waard it prizejild €2200, yn 2006 ferhege nei €2250 en de kears dêrop nei €5000. De priis jildt no foar alle fasetten en sjenres fan en aktiviteiten op it mêd fan de Fryske en Nederlânske literatuer, foar sawol Frysktalich as Nederlânsktalich wurk. Betingst is dat troch de brûkte taal of troch de kar fan it ûnderwerp de relaasje mei Fryslân ta utering brocht wordt.
Oersjoch fan de priiswinners
2019
Dichterlik útwikselingsprojekt Poetic Potatoes
Sjuery: Goffe Jensma, Kirsten van Santen en Coen Peppelenbos
Utrikking op 9 desimber 2019 yn it Stedhûs fan Ljouwert
Mear:
Sjueryrapport
Boekprofyl Poetic Potatoes
Omrop Fryslân, 09-12-2019
Jacob Haagsma, LC 10-12-2019
2016
Nyk de Vries (1971) foar syn Nederlânsktalige roman Renger
Sjuery: Ronnie Terpstra, Sjoerd IJbema en Hinke Wiersma
Utrikking op 16 septimber 2016 by Boekhannel Van der Velde, Ljouwert
Mear:
Sjueryrapport
Sietse de Vries, LC 17-09-2016
2011
Aggie van der Meer (1927) foar fjouwer wurken út it tiidrek 2005-2009, benammen foar har roman Oerfeart
Sjuery: Reinier Salverda, Karen Bies en Arjan Hut
Utrikking op 15 july 2011 yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert
Mear:
Sjueryrapport
2006
Nynke Laverman (1980) foar har programma Sielesâlt, dêr't se gedichten fan J.J. Slauerhof foar bewurke ta fado's.
Sjuery: Babs Gezelle Meerburg, Doeke Sijens en Jant van der Weg
Utrikking op 15 maaie 2006 yn De Harmonie
Mear:
Pieter de Groot, LC 16-05-2006
2002
Tineke Steenmeijer-Wielenga (1946) foar "haar grote verdiensten voor het literaire leven in Friesland als conservator van het FLMD, als schrijfster van artikelen en als ambassadrice van de Friese literatuur". Oanlieding foar de foardracht wie har roman De oare helte
Sjuery: Janny Bottema, Pyt-Jon Sikkema, Hylke Tromp
Utrikking op 20 juny 2002
Mear:
Sjueryrapport
1997
Kees ’t Hart (1944) foar syn roman Blue Curaçao en foar syn literêre aktiviteiten yn de stêd, wêrby û.o. it wurk foar de SLAL, Stichting Litteraire Activiteiten Leeuwarden.
Sjuery: T.J. Steenmeijer-Wielenga, G. de Vries en H. Tromp.
Utrikking op 13 jannewaris 1998
Mear:
Sjueryrapport
1992
priis net takend
1990
Rod C. Jellema (1927) foar de wize dêr’t er Fryske gedichten tagonklik op makke hat yn de wrâldtaal Ingelsk
Sjuery: T.J. Steenmeijer-Wielenga, Ph. H. Breuker en J.P. Janzen
Utrikking op 28 maaie 1991
Mear:
Sjueryrapport
1988
Piter Terpstra (1919-2006) foar syn hiele oeuvre en syn warberens foar it kulturele libben yn Fryslân
Sjuery: T.J. Steenmeijer-Wielenga, L.G. Jansma en G. de Vries
Utrikking op 15 novimber 1988
1986
D.A. Tamminga (1909-2002) foar syn histoaryske roman De boumaster fan de Aldehou
Sjuery: K. Bijkerk-Folmer, F. Dam en L.O.M. Popma
Utrikking op 2 desimber 1986
1984
Sjoerd P. Leiker (1914-1988) foar syn wurk fan nei de oarloch
Sjuery: A.C. Bosch, L.G. Jansma en M. Zeeman
Utrikking op 10 desimber 1984
1982
J.J. Kalma (1907-1991) foar syn bibliografyen
Sjuery: F. Dam, K. Dijkstra en R. Boltendal
Utrikking op 8 desimber 1982 yn de Nassauseal fan it Stedehâlderlik Hôf troch boargemaster Johannes Brandsma
Mear:
LC 08-12-1982
1980
Hartog Beem (1892-1987) foar syn artikels en boeken oer allerhanne fasetten fan it Joadske libben yn it algemien en yn it bysûnder dy fan de Joadske mienskip yn Ljouwert
Sjuery: T.J. Steenmeijer-Wielenga, H. Tuin en R. Boltendal
Utrikking op 17 desimber 1980
Mear:
LC 18-12-1980 diel 1 en diel 2
Sjueryrapport
1978
Sjoerd van der Schaaf (1906-2006) foar Skiednis fan de Fryske Biweging
Sjuery: K. Bijkerk-Folmer, K. Dijkstra en L.O.M. Popma*
Utrikking op 12 desimber 1978
Mear:
LC 13-12-1978
1976
Theun de Vries (1907-2005) foar syn oersetting fan In memoriam fan D.A. Tamminga
Sjuery: A.C. Bosch, S. Marks en G. Yedema
Utrikking op 21 desimber 1976
Mear:
NvhN 16-12-1976
1974
Tabe Beintema (1912-1991) foar syn aktiviteiten op Frysk literêr mêd
Sjuery: A.A. Vondeling-van 't Hoff, K. Dijkstra en D. Faber
Utrikking op 11 desimber 1974 yn it Stedhâlderlik Hof te Ljouwert
Mear:
LC 05-12-1974
[pleatst 08.07.2014]