Skriuwaktiviteiten Frysk by Tresoar
Tresoar organisearret geregeld kursussen en oare aktiviteiten om it literêr skriuwen en dichtsjen yn it Frysk te stimulearjen. Wy wurkje oan de planning fan de twadde helte fan 2020 en de earste helte fan 2021.
Ideeën dy’t wy hawwe:
- Kursus Koart ferhaal skriuwe
- Kursus Poëzij skriuwe
- Kursus Skriuwe foar bern (oant 12 jier)
- Kursus Skriuwe foar bern (fan 12 jier ôf)
- Kursus Gedichten lêze
- Gedichten skriuwe foar FeRstival (yn gearwurking mei Cedin)
- Workshop Hoe draach ik in ferhaal of gedicht foar?
- Kursus Hoe skriuw ik in roman?
- Kursus Hoe skriuw ik foar toaniel?
- Kursus It neisjen fan eigen teksten (redaksjewurk)
- Begelieding by it skriuwen fan in boek of ferhaal
Wy binne benijd wat jimme fan dit oanbod fine. Wat sprekt oan? Wat net? Mist der wat? Wêr is ferlet fan?
Wolst op ’e hichte bliuwe fan it kursusoanbod fan Tresoar? Nim dan in abonnemint op de nijsbrief fan Tresoar; dêr wurdt it aktuele kursusnijs publisearre
En ek op Facebook fan Tresoar en fan Sirkwy stiet geregeld nijs.